Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: nieuw Place of Narration: Kollumerzwaag
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064
Wy wennen oan 't Wyldpaed. Ik en myn frou sieten togearre yn 'e hûs. Doe seinen wy op dy joun tsjin elkoar: "Sjoch, dêr binne ruten. Dêr skynt ljocht troch." 't Wie flak by. Mar der wienen fansels hielendal gjin ruten. Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.22676
Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se. Dy man wie in frijmitseler. As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net...
nl.verhalenbank.38622
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
Hiel faek hearden wy dat guon ergens timmerjen heard hienen. Dan bouden se op sa'n plak letter in hûs. Ek waerd in brân soms fan tofoaren waernomd. Dan brânde sa'n hûs letter op. Ek hwannear't der ien fordronk hearden se it helpgerop soms dagen fan tofoaren.
nl.verhalenbank.29933
Ien hjirwei hat ris yn Zoutkamp oan 't wurk west. Dêr fortelden se dit forhael: Der wie in boer, dy krige in nije feint. Dy nije feint moest mei de lytsfeint de dongbulten oer 't lân struije. De earste dei die er neat. De twadde dei ek net. Hy en de lytsfeint leinen de hiele lange dei mar hwat yn 'e sinne to loaikjen. De trêdde dei frege de boer: "Hoe sit...
nl.verhalenbank.15775
To Kollumersweach oan 'e Boskreed yn 'e lânnen stie in âld hûs, dêr ha ús heit en dy yn wenne. Fan tofoaren ha minsken dêr neist in ljocht barnen sjoen. Nei dy tiid ha heit en dy dêr in nij hûs sette litten.
nl.verhalenbank.29503
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Yn 'e Sweager Mieden seagen wy froeger faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, dy't dêr to sjen wienen. Ek woarden dêr huzen delset.
nl.verhalenbank.25827
35