Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy wennen froeger yn Boelensloane. Us mem hearde dêr faek timmerjen yn 'e nacht. Dan sei se: "It wurde hjir skielk allegearre huzen." En dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.28038
Yn Oerterp, dêr't wy wenne ha, hearde ik wol fjouwer, fiif nachten achter elkoar timmerjen wylst ik op bêd lei. Mar der woarde nergens timmere om ús hinne.
In pear maenden letter kom der in eintsje fan ús ôf in hûs. Doe hearde ik deselde lûden wer. En sy kommen fan 't selde plak. De man dy't yn dat nije hûs kom to wenjen wie Aen Bron. Hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.22042
Alde Iebeltsje, dat wie Teije de Haan syn mem, dy seach hiel faek hwat fan tofoaren. Sa hat hja tiden fan tofoaren sjoen hoe't de lju dwaende wienen mei de fundaminten fan 'e Wilhelmina-hoeve. Dat is op 'e Skieding. Sy seach de pealtsjes yn 'e groun stean. Letter seach se fan tofoaren it hiele hûs. 't Wie in moai wyt hûs, sei se, mei koperen krukken oan...
nl.verhalenbank.21628
Hoe't de namme Houtigehage ûntstien is.
Der wie yn earder tiden gjin skoalle yn 'e Houtigehage. De bern moesten doe noch nei de Rottefalle nei skoalle ta.
De minsken dy't der doe wennen - sa'n sawntich jier forlyn - woenen doe in skoalle sette op it plak, dêr't nou de Skoallewyk is. Mar sy koenen dêr gjin bouterrein krije, hwant dêr wenne doe in...
nl.verhalenbank.28408
De Spekloane del yn 'e Boelensloane seagen forskeidene lju by jountiid ljochten. Letter die bliken dat se de ljochten sjoen hienen fan 'e huzen dy't dêr doe letter boud binne. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31117
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten.
Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge."
En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Sa gebeurde 't ek dat guon seinen: dêr en dêr sille huzen komme. Wy ha it timmerjen al heard.
nl.verhalenbank.31107
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. Dat wienen de ljochtsjes fan de lettere huzen, dy't der kom binne.
nl.verhalenbank.25601