Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
63 datasets found
Dutch Keywords: nieuw Narrator Gender: female
Hjir by de nije brêge is ek us ien deastutsen woarn. Mei gjin mooglikheit koenen se dêr it bloed forwiderje. 't Kaem altyd wer.
nl.verhalenbank.17604
Wy wennen yn 'e Grinzer Wylp yn in âld plaets oan 'e Keuningswyk. Op in joun kom myn man thús en doe stienen wy togearre op it hiem. Doe seagen myn man en ik in hiele greate flamme achter ús hûs. En dêr stie doe noch hielendal neat. Letter ha se dêr in nij hûs delset en nòch letter is dat hûs opbrând. Dat ha wy doe brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.23400
Myn man wie noch in jonge baes, hy wie hjir us op 'e wei mei oaren. Sy praetten hwat, doe hearden se yn 'e Kule timmerjen. Guon seinen: wy sjogge ljochten. Mar dêr stie net in hûs. Letter is dêr boud woarn. Der binne nije huzen yn 'e Kule delset. Myn man hat it sels fan to foaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.23414
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen. Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Ik stie us in kear bûten. Doe sei 'k: "Hjir komt in nij hûs, net fier fan ús ôf." Ik hearde klear hoe't se mei planken en balken ensa smieten. It duorre net lang of sy setten der in nij hûs del.
nl.verhalenbank.21438
Doe't wy famkes wienen, wienen wy jouns wol us by meester op it skoalleplein. Dat wie yn Frijstêd, tusken Broek en Ikkerwâld. Jouns seagen wy allegear ljochtsjes. Dy forskeaten dan fan 't iene plak nei 't oare. Wy fregen meester: "Hwat is dat?" Meester sei: "Dat binne wylde fûgels." Mar ús mem sei: "Dêr matte jim letter mar us om tinke. Op it plak, dêr't...
nl.verhalenbank.22022
Ik ha in âld omke hawn, dat wie in broer fan ús mem. Hy wie skuonmakker en sprong op krukken en wenne yn in hûs tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Hy sei: "It timmert hjir achter altyd, hjir gebeurt hwat." Hy hearde it nachten oanien. "Hjir komme huzen", sei er. Mar der wie noait hwat to sjen. Hy hat gelyk krigen. Letter kamen dêr twa nije huzen.
nl.verhalenbank.17701
Wy seagen hjir froeger achter ús wylde lantearnen. Ien ljocht wie tige klear en helder. 't Wie dêr doe allegear heide. Letter kom dêr in buorkerij.
nl.verhalenbank.25943
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten. Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge." En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Der waerd ús altyd foarhâlden: noait op mandei mei in nij wurk bigjinne. Oars komt der hwat tusken. Dan komt it net klear. Der binne nòch in soad minsken dy't har dêr oan hâlde.
nl.verhalenbank.36914
As se froeger wylde lantearnen seagen, dan kom der op dat plak in nij hûs to stean. Dan hienen se de lampe al fan tofoaren brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21101
Ek op oare plakken haw ik wol ljochtsjes sjoen. Dêr wie 't èk allegear heide. Dêr kommen doe letter ek huzen. Soks komt altyd nei.
nl.verhalenbank.25944
De earste plaets, dy't Jitse van der Vlugt boud hat, dêr seach heit fan to foaren de ljochtsjes fan, by skimerjoun. Heit koe him net bigripe hwat it wêze koe. 't Wienen tolwe ljochtsjes op in rige. 't Kom krekt nei. De plaets krige tolwe kouwerútsjes.
nl.verhalenbank.25945
Ek hearde ik op in kear dúdlik timmerjen, op in plak flak by ús. In 14 dagen letter setten se dêr in nij hûs del.
nl.verhalenbank.15879
Op in plak op 'e Tike hearden se sjongen bûtendoar, sûnder dat dêr in minske to sjen wie. Letter stie dêr in hûs. Dit fortelde heit.
nl.verhalenbank.29614
Wat deeje ze vroeger mi je melktande ? Wiere die over ie schoer gegooid, >begraeve of deeje ze die in een dôôssie gedaen ? Nou jao dat wier wel 's gezegd, over je schoer gooie want dan krij je weer een nieuwe of zo maor voor de rest wier dat niet an een kettinkie gerege of uh in een dôôssie bewaord hoor bin je mal.
nl.verhalenbank.44188
Dêr't dit hûs nou stiet wie 't froeger allegear bremerheide, krekt as in eintsje fierder nou nòch. Mar ik ha der al us op in joun hiel dúdlik in hinglampe brânnen sjoen. Ik sei tsjin mem: Mem, dêr brânt in lampe. Dan komt dêr in hûs, sei se. In pear jier letter woarde it hûs hjir set en der kom in lampe yn to brânnen.
nl.verhalenbank.15891
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
35