Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us mem en dy wennen yn Feanwâlden op 'e Finnen, neist de helling fan Wageningen.
Op in nacht hearde mem timmerjen en slaen om 't leven op 'e helling. Mem wie widdou en tocht: hwat mei hjir gebeure. Hja gong der út om to sjen hwat der to rêdden wie. Mar der wie neat to rêdden.
Hja sei tsjin ús: Hwat dit hjir is, dat snap ik net. Dat slacht en hout hjir om...
nl.verhalenbank.36474
To Hurdegaryp, by de villa fan dokter Bontekoe, stienen twa greate wite pilaren, dêr wie in hekke tusken yn. Hja seagen dêr wolris in wite gedaente. Dy hekke woe noait ticht bliuwe. Die dokter him jouns ticht, de oare moarns wie er fêst iepen. Ek al waerd er op slot dien, hy koe net ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.36477
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart.
Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne.
Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Nachts net op it spoek syn gerjochtichheid komme
'Dat wie dan it ferhaal, dat de skippers dêr nachts net lizze doarsten, want it spoeke dêr op 'e wâl. Dan heefde de Langesleatter man wat út, omdat se dêr net komme mochten. Dat wie syn gerjochtichheid.
Dan waard de loopplanke oanlutsen, en dan koe der ek net in mins komme. Mar meastentiids waarden se yn 'e...
nl.verhalenbank.13691
In pleats wurdt omdraaid of ferset
'Wat de Langesleatter man net be-avenseare koe, dat kaam net sa krekt. Sa rûn er faak om in boerepleats hinne en dan stie dy op in stuit oarsom, of hy stie oan 'e oare kant fan't wetter. Dat is ris bard mei de hurde wyn, op in rûzige nacht. In pleats dy't oars mei 't gat nei Warten stie stie de oare moarns krekt oarsom....
nl.verhalenbank.13683
De Langesleatter man moat in frijer keare
'Der is ek in ferhaal oer in skippersdochter, dy hie ferkearing mei in boerefeint en dat woe de skipper net lije. Dy jonge mocht net oan board komme. En doe op in kear moat de skipper dêr yn 'e Langesleat oan 'e wâl fallen wêze en de jûns moast er nci de buorren foar it ien of 't oar,en doe rôp er de Langesleatter...
nl.verhalenbank.13709
Volgens de geruchten spookt het in de Blokhuispoort te Leeuwarden. Er gebeuren onverklaarbare dingen. Schimmen, windvlagen, deuren die dichtvallen. Geesten van overleden gevangenen? Je weet het niet. Ook in de tijd dat de Blokhuispoort nog gebruikt werd als Huis van Bewaring, waren er al geruchten over vreemde gebeurtenissen. Vooral in nachtelijke uren....
nl.verhalenbank.49968
Ierdmantsjes wenje yn 'e groun of yn holle beammen. As minsken siik binne, wurdt der sein, dogge se nachts it wurk foar sokke minsken. Dan is de oare deis alles klear.
nl.verhalenbank.28617
Oan 'e Sawnhústerwei ûnder Kollum, de kant út nei de Pomp, dêr wie in plak, as jy dêr op 'e joun of yn 'e nacht lâns kommen, dan woarden jy fan 'e fyts skuord en fuortsmiten. It gebeurde altyd op itselde plak.
nl.verhalenbank.19389
Holle ôf, holle op
De ferhalen binne planteit yn it wetterlân, dat in hurdrider yn in wjek rydt en dat de holle der tsjin 'e skerpe râne fan it iis ôfsnijd wurdt en boppe it iis fierder skuilt, wylst de romp der ûnder troch sylt. Oant se yn it twadde wjek krekt wer opinoar komme en fuort oaninoar fêstfrieze. Soms sit in spûk de rider efter, soms net....
nl.verhalenbank.13670
It spoek makket mear slachtoffers
No is 't geloof dêr jitte grutter
Oan't spoeksel fan de nacht,
En ivich hâldt jit by dy sleat om
Dy âlde smid dêr wacht.
Eeltsje Halbertsma
'Net allinnich dat de smid fan Earnewâld de planke fan it skip skuorde, mar hy lei him ek faak wif. Dêr moast men tige mei oppasse. Dan lei er de planke sa, dat as men der op...
nl.verhalenbank.13665
Tsjum hat de heechste doarpstoer fan Fryslân. Yn Aldeboarn woenen se in toer by de tsjerke ha dy't noch heger wie as dy fan Tsjom. Doe gongen der guon út Aldeboarn nei Tsjum ta mei in line en doe meaten se midden yn 'e nacht de hichte fan 'e toer. Mar dat fornamen guon fan Tsjum en doe snijden dy der in ein ôf.
Nei dy lingte bouden de Boarnsters de toer,...
nl.verhalenbank.28620
To Feanwâldsterwâl stie in boerespul, dêr gong nachts altyd de tsjernmoune. Wy ha 't faek heard. En dochs wie 't sa net as men der hinne gong to sjen.
Ek it terskjen yn 'e nacht waerd gauris heard.
Us heit braekte ek. Ik wie in jonkje fan in jier of acht, dan sei mem soms midden yn 'e nacht, as se op bêd leinen, tsjin heit: "Mast ris hearre Tsjipke, de...
nl.verhalenbank.28623
Nachts net op it spoek syn gerjochtichheid komme
Gjin minske reizget dêr by nacht.
Dy soe er ûngenedich reagje,
Want ivich hâldt dy man dêr wacht.
Eeltsje Halbertsma
'Yn dy omkriten koe men nachts eigentlik noait bûtendoar wêze. Streupers, ielpoerders, reldsuijers dy't har by tsjuster fan hûs joegen, moasten ôfgryslik foarsichtich wêze, want de smid fan...
nl.verhalenbank.13689
Wat mieren en haaiers oerkaam
'Dy blaugêrzen dêr spoeke it altyd. It wie in wrâldsje apart, it wienen hiele grutte fjilden. As dy mieren dêr stienen te meanen en se hienen der in mêd ôf en se soenen nei har tinte ta, dan stie dy faak op in hiel oar plak as dêr't se him opset hienen. It koe wol wêze, dat er twa stikken lân fierder stie. Se leauden, dat it...
nl.verhalenbank.13676
Jaep Castelein fan Warten fortelde my, dat der waerden yn 'e foarige ieu to Warten op 'e Protterskrite kij bigraven dy't oan 'e fépest stoarn wienen. Letter seagen se dêr op dat plak by nacht altyd in bûnt kealtsje omrinnen.
nl.verhalenbank.37272
By de Skilige Piip kuijere altyd ien om by nacht. Dyselde wie dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.36478
Reade Atse
As wy as trije âlde skippers sa byinoar sitte, dan ha wy it wol ris oer Reade Atse. Fan ús âlders ha wy al oer him heard. Hy koe ûntsettende hurd ride. Hy soop ôfgryslik. Dan lei er soms de hiele nacht dronken op 't iis en de oare deis stie er likegoed wer yn 'e baan en dan wûn er de priis ek noch. Sa ha se him al ris yn 'e snie fûn, en doe...
nl.verhalenbank.13028
By de Skânsebrêge tusken de Greate - en de Lytse Wielen, dêr't nou in elektrysk gemael stiet, dêr doogde it net. De Jan Plezier dy't fan Burgumerheide nei Ljouwert ried, kaem dêr lâns, mar de hynders bleauwen altyd stokstiif foar de brêge stean as se jouns weromkamen út 'e stêd. Dan moesten se salang wachtsje oant it deiljocht wie. De minsken seagen neat,...
nl.verhalenbank.36479
Myn suster wie mei de helm geboaren. Hja wie noch mar in famke, doe opponearre him dat al. Op in kear boarten wy mei elkoarren op 'e dyk. Doe treau hja ús dêr allegear ien foar ien wei, hwant der kaem in lykstaesje oan, sei se. "Hja binne nou oan Wigerom ta", sei se. "Dy giet út 'e staesje wei, dy giet yn 'e hûs." Wy moesten allegear oan kant stean gean....
nl.verhalenbank.36480