Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Lammert Wijma fan Eastemar hie faek lêst fan in nachtmerje. 't Wie in ding as in houn, sei er, en 't lei boven op him.
nl.verhalenbank.19724
To Gytsjerk rolle froeger op in bipaeld plak yn 'e nacht altyd in sek mei nuten oer de wei. Heit (de lettere master Wybenga) hat us in kear sitten to wachtsjen mei it mes iepen oan 'e kant fan 'e wei, om de sek mei nuten to naderjen. Mar doe wie dy sek der krekt net.
nl.verhalenbank.19725
Yn Suwâld wenne in man, dy seach de dingen foarút. Hy wist altiten hwannear't der in deaden yn 'e famylje kom. Op in kear sei er tsjin 't wiif: "Dû matst in feilichheitsspjelde meinimme, hwant ien fan 'e froulju sil har rok opskuorre ('t Wie by in bigraffenis), dy mat by skerpe trie lâns. 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.19727
Ik roan fan Strobos nei Dokkum ta, dêr't myn âlden wennen. Heit wie tige min.
Underweis wienen der hyltyd kaën boppe myn holle. Dan wienen se wer achter my, dan fleagen se wer oer my hinne.
As se dan foar my wienen, kearden se har om en seinen: "Kaah-kaah- "
Dan sei ik: "Te laat - "
Doe kom der ien njonken my to rinnen.
Dy frege: "Hwat bitsjut dit?"
Ik...
nl.verhalenbank.21290
Heit dy fortelde fan in kanael, de Strobosker trekfeart. Doe't dat kanael der noch net wie, seach heit dêr de skippen al farren. Heit wenne yn Sânbulten.
nl.verhalenbank.29626
Alde Sieds Iebeltsje wenne to Eastemar en gong foar in tsjoenster troch. Ritske Hulshof wenne op 'e moune. Dy wie tige bygelovich. Hy sette krusen op 'e wei as er it âld minske oankommen seach. As it in echte tsjoenster wie, dan roun se om 'e krusen hinne.
nl.verhalenbank.31653
Myn broer Piter wie in jonge, doe seach er yn 'e krimpe fan in hûs op 't Skier yn 'e Westerein in man stean, dy wie hielendal yn 't swart. 't Wie in man fan 'e bigraffenis, in drager of sa. Mar yn werklikheit wié dy man dêr net.
Mar in dei of hwat letter forstoar dêr ien yn dat hûs.
En dóe stie dy man dêr wol echt.
nl.verhalenbank.38459
Trije âlde feinten út Berltsum seinen:
Ons Belkum is een zoeten dal
en die daar komt, die blijft er al.
nl.verhalenbank.20941
Op Kollumersweach wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren bigraffenissen.
nl.verhalenbank.23087
Froeger wenne der op 'e Triemen in âld man, dy kaem wolris by ús. Dy hie in broer yn Zoutkamp to wenjen.
Dêr yn Zoutkamp, fortelde hy, dêr stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen it neat to rûm. Hwant it doogde dêr net yn dat hûs. It wie nachts allegear leven yn dat hûs, de leppels en foarken rattelen yn 't leppelbakje om, de kopkes en pantsjes...
nl.verhalenbank.38470
Ien fan Feankleaster rekke nei Jan Monsma ta. Dy wenne yn Rinsumageast en wie dêr wonderdokter.
Deselde dy't dêr hinne gong wie in pasjint fan dokter Tilma fan Kollum. Hy naem it wetter mei.
Monsma biseach it wetter en sei: "Jo wenje yn Feankleaster, oan 'e súdkant fan 'e wei, yn it safolste hûs fan 'e hoeke ôf en dêr sit in skuor yn it suderkoufinsterke,...
nl.verhalenbank.20177
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
Der gong us ien út Eastemar de Langeastloane lâns. Doe seach er in pasgeboaren berntsje dwars oer de wei gean. It gong oer de dyk hinne en woarde wei. Letter seach er it nochris inkelde kearen. It wie in neaken berntsje. (forteld troch Jaring Veenstra via Meint Bottema ± 1908 by de famylje Wybenga)
nl.verhalenbank.20933
Pake fan Readtsjerk wie oan 't turfmeitsjen tusken Readtsjerk en Feanwâlden. Doe hearde er gebolder yn 'e loft. Doe sprong er út 'e feandobbe wei op 'e kant om to sjen hwat it wie. Doe seach er in wolkje oan 'e loft, dêr kom it gebolder út.
It oare jiers kom de trein der. Dy makke krekt itselde lûd. It hie dus foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.20926
Us heit kom fan Rotfalle. Dêr wenne in man, fortelde er, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes yn 'e nacht.
Op in nacht hied er in man by him hawn. Doe hied er sein: "Mast hjir om tinke, as der aenst in lykstaesje komt, dan mast oan kant gean."
Doe't it sa fier wie, sei er: "Op side." Doe moest dy oare yn allegear drek en brabze stean gean. Hy...
nl.verhalenbank.26172
Mar der is ek in rymke, dat fortelt it hwat oars:
To Mindertsgea
dêr sloech in man
Syn wyfke dea
mei in timpke roggebrea
en dêrom hyt it: minder skea.
nl.verhalenbank.20936
Op in kear siet Toon yn 'e herberch to Velzen.
Dêr siet ek in mynhearke. Toon tocht, dat is in fremde ein yn 't byt.
"Je moet een rondje geven", sei er tsjin him.
"Van d_n senten", sei 't mynhearke.
"Né, van d_n senten", sei Toon.
"Né, van d_n senten," sei 't mantsje, "dóu moest in rondtsje geven."
"Mat ik dy krije?" frege Toon doe.
"As't my krije kinst,...
nl.verhalenbank.19608
Heit fortelde ek fan Sterke Hearke. Der wienen us guon by him kom op 'e bou wylst er oan 't ploeijen wie.
"Hwer wennet sterke Hearke?" hienen se frege.
Hearke hie de ploege mei ien hân optild en sein:
"Sjogge jimme dat hûs dêr?" En hy wiisde it mei de ploege oan. "Nou, dêr wennet er. En hjir stiet er." hied er sein.
nl.verhalenbank.26179
Toon wie ôfgryslike sterk. Hy wie mei oan it wurk, doe't de Haerlimmer mar droechmakke waerd.
Hy hoefde oars net to dwaen as in heiblok fan twatûzen poun nou en dan to forsjouwen fan it iene plak nei 't oare.
nl.verhalenbank.19606
Hoe't Eastemar, Sumar en Burgum har nammen krigen ha.
Der wie us ergens in jager oan 't jeijen. Doe kom der in hear by him. Dy frege: "Ha jo al gâns hazzen sketten?"
"Né," wie 't antwurd, "myn earste mar."
"Moaisa," tocht de hear, "nou ha wy fuort in namme foar dit doarp: Eastemar."
De jager gong it Mienskar oer en doe kom er wer op in plak. Dêr rekke hy...
nl.verhalenbank.19605