Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen minsken, dy forwachten in lytsen. Dy minsken hienen ek in jonkje, dat al nei skoalle ta gong. Doe't it sa fier wie dat de baby tofoarskyn komme koe, woarde de dokter ophelle en de baekster. En doe gong de heit gau even nei de buorlju ta, of dy har jonkje wol opheine woenen as er aenst út skoalle kom. En of er dêr dan ek wol ite koe. Hwant hy...
nl.verhalenbank.33833
Germ Visser hie op in joun mei 't wiif to jounpraten west. Underweis sei er: "Even achter my lâns gean." Doe seach er syn eigen slide (it wie in nije slide dy't krekt yn 'e swarte tar siet). Dêr stie in deafet op.
Letter kommen se om syn slide to lien. De slide moest foar syn glêzen lâns. Der wie in frommeske forstoarn. ('t Gebeurde op 'e Tike)
nl.verhalenbank.21833
Foardat ús Marten stoarn is, wienen it allegearre eksters by ús om 'e doar hinne. Ik ha der doe gjin acht op slein, mar even letter hat hy it ûngelok krigen.
Doe't Marten dea wie, hâldde de kanarje him stil. Hy hat nei dy tiid net wer sjonge wold.
Doe't ús heit stoar, gong ien fan 'e katten by him op 'e kiste sitten. Jagen se him der wei, dan wie hy der...
nl.verhalenbank.28378
Jaring Hollander (= J. Veenstra) wenne oan 'e Fjouwer Roede. Op in nacht wie Jaring allinne op stap op 'e Fjouwer Roede. Ynienen wie der ien njonken him, dy stapte mei him op.
Mar hy sei gjin stom wurd, ek net doe't Jaring him joun sei. Jaring waerd binaud. Hy tocht: Dit doocht net. Doe sei er: "Ast ien fan 'e duvel biste, ferdwijn. Ast ien fan God biste,...
nl.verhalenbank.33610
Us pake wenne op it Wytfean. As er jouns dy kant nei de Harkema útseach, dan seach er dêr allegear ljochtsjes. It wie dêr doe noch heide, en minsken wennen der hast net. Mar letter is Harkema bot oanboud en doe kamen der ek in soad ljochten.
nl.verhalenbank.31211
Myn skoanheit wenne to Jistrum. It wie in man, dy wie net bygelovich, mar ienkear hat er hwat meimakke, dat wie net gewoan.
Hja hienen it húske (de W.C.) achter op 'e telle. Op in kear siet skoanheit dêr, doe seach er dat samar fansels de telledoar iepen gong en ek wer ticht.
Skoanheit tocht: Dêr wol 'k mear fan wite. Hy der hinne en doe hat er by de...
nl.verhalenbank.29310
't Wie yn 'e lette hjerst, doe moesten wy op in kear op 'e lette joun fan Jistrum nei Skûlenburch ta om in pear kij fan 'e boat to heljen. Ik hie myn kammeraet by my.
Sahwat op healwei kom der ynienen in hountsje tofoarskyn. It roan fan 'e iene daem skean de wei oer nei in oare daem.
"Dat is de duvel", flústere myn kammeraet. "Dat hountsje ha 'k hjir...
nl.verhalenbank.29311
Alde Frytsen to Eastemar moest der yn 'e nacht om tolve ûre út. Hja koe yn 't tsjuster sjen.
nl.verhalenbank.21834
In stim út it wetter.
Lange jierren lyn fortelde keapman Reeling op 'e sosieteit to Eastemar dat it wie ris bard dat er mei in kloftsje manlju op 'e Eastemarre brêge stie to praten. Hy wie doe noch tige jong west. (± 1850)
Keapman Reeling fortelde: "Doe hearden wy ynienen in lûd gejammer dat kom de kant fan 'e Leijen út wei. 't Wie krekt as wie dêr ien yn...
nl.verhalenbank.27074
Het vrouwtje Ulebuut
en 't mannetje Tinteratee
die woonden onder een aarden pot
en leefden er zeer tevree.
Maar 't aardige vrouwtje Ulebuut
vond later - zo gaat het wel meer -
haar woning toch maar bitter klein
en pruttelde telken keer.
nl.verhalenbank.28390
Wy hienen yn Eastemar in minne skuonmakker. Ik hie in pear nije skuon, dêr moest hwat oan gebeure, dêrom gong ik der mei nei Burgum ta.
Ik frege de skuonmakker: "Hwannear kin 'k se wer krije?"
"Mei fjirtsjin dagen", sei de skuonmakker.
Nei twa wiken fytste ik wer nei Burgum ta.
"Binne de skuon klear?" sei 'k.
"Omtrint," sei de skuonmakker, "jo matte even...
nl.verhalenbank.33834
Heit fortelde ús froeger, in man út Droegeham hat klear heard dat der yn 'e Harkema sein waerd:
Harkema-Opeinde Uitstappen! En dêrby hearde er it lûd fan in ridende trein. Dat doe waerd der tocht dat der yn 'e Harkema noch in trein komme soe. Miskien gebeurt it noch. Harkema is it greatste plak fan 'e gemeente woarn.
nl.verhalenbank.31212
Doe't Mike Ruerd us fan in karweike werom kom, gong er de jouns oer de Skeltepaden nei hûs ta. Hy hie 't bakje mei timmergeridskip oer 't skouder. Doe stie der in swarte man op 't houtsje, dêr't Ruerd oer moest.
"Ut 'e wei!" sei Ruerd.
Mar de swarte bleau stean.
"Ik bin net bang foar dy", sei Ruerd.
Doe fleach der in ekster út 'e beam en joech in raer lûd...
nl.verhalenbank.20493
Der wienen, twa man, dy sprutsen togearre ôf, de earste de bêste dy't se tsjinkommen, soenen se neisjen. Tafallich wie dyselde Sterke Hearke. Sy pakten Hearke en soenen him oer de wei smite, mar dat koenen se net rêdde.
Hearke krige de beide maten topakken en hy sloech se mei de koppen tsjin elkoar oan en luts se doe wer útelkoar. Doe hienen se har...
nl.verhalenbank.19945
Alde Jitse Bouma moest der nachts om tolve ûre ek út
nl.verhalenbank.21835
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. De skerngatten fan 'e boerehiemen binne faek djip en sa wie it dêr ek. Sy hienen in foer dong laden en dêr de hynders foar spand, mar dy koene de stront net út it skerngat wei krije. De boerinne kom krekt mei kofje en de manlju ornearren, sy soenen earst mar ris kofjedrinke en dan soene se mar ris wer sjen.
Se...
nl.verhalenbank.12283
Wierd Zijlstra to Eastemar hie in wikseldaelder, seinen se.
nl.verhalenbank.21846
Heit fortelde, hja hearden froeger gebolder yn 'e loft, krekt foardat de trein kom.
nl.verhalenbank.32806
Yn 'e Harkema wenne in timmerman, dy kom fan 't wurk. Der kom him in frommes achternei. Dy skopte him tsjin 'e fuotten oan.
"Hwat wolle jo, frou, ik ha wol ien", sei de timmerman. Doe woarde er in hiel ein fuortsmiten. It iene stik ark fleach hjir hinne, it oare dêr. Doe't er wer oerein kom, woarde er noch us smiten.
nl.verhalenbank.23659
Wy leinen op in kear yn Klein Groningen - dat is oan diz kant Donkerbroek - mei 't skip to ierdappelladen. Ik wie noch net troud en ik slepte foar yn 'e durk.
Us Sjouk wie noch in jongfaem. Dy roun op in iere moarn troch de warring hinne nei ús ta. Hja sei: Nou ha 'k sa nuver droomd: Jehannes Boom is dea. (Jehannes Boom wie in âld Eastemarre skipper.)
De...
nl.verhalenbank.31909