Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
"Sjoch, dêr sit de poepesinne ek wer."
Dit wie de moanne. Dit seinen se, omdat de poepen by ljochtmoanne meanden.
nl.verhalenbank.23650
In fornimstich man
In man, in kunstner, dief en skoaijer.
Doe ‘t ik in skoaljonge wier fen sa ‘n jier of njoggen tsien, gyng myn heit, dy yn ‘t deistich libben winterdei slachte, maertiids bargekeapman en skieppeknipper en simmerdei mier wier, wol folle to meanen mei in man, dy ‘t ek forskate ambachten ûnder de tomme hie.
Wy hiene as bern in tsjinsin yn...
nl.verhalenbank.50508
"Als ik geld genoeg had," sei sa'n poep, "dan wou ik varen in een schuitje met wat hooi en dan de lauwe sûpe voor 't drinken."
nl.verhalenbank.23694
Der wie in mier út it bûtenlân, dy hie dy deis in hiel stik meand. De jouns gong hy der foar stean en sei: "Gjin duvel, dy't safolle meane kin as ik."
De oare moarns rekke er wer oan 't meanen. Doe fornom er dat der ien achter him ek oan 't meanen wie. Hy seach om. Dy oare helle him hurd yn.
De mier tocht: "'k Sil dy wol ha." Hy sette it harspit yn 'e...
nl.verhalenbank.22038
De lange sleatterman dy spoeke altyd by Warten om.
Heit en noch ien dy meanden ris in kear yn 'e Earnewarren.
Sy slepten dêr nachts yn in tinte. Dat dienen de mieren altyd. Yn 'e nacht skaefde der hwat tsjin 'e tinte oan. Dat wie de lange Sleatterman. Dy hie dêr it paed lâns. De tinte stie him yn 'e wei.
Deselde nachts ha heit en dy de tinte in eintsje...
nl.verhalenbank.33280
Feitse Brants wie us op in kear by in boer oan 't meanen. Hy koe tige meane. Hy hie hûndert pas meand en hie noait opsjoen. Doe wie 't ynienen 'krak'. Hy meande de kop fan 't harspit ôf. Hy struts de seine wer en bigoun opnij to meanen.
nl.verhalenbank.25386
Feitse Brants wie us in kear oan 't meanen. 't Wie yn 'e Biltlannen. Doe krige er ynienen hâld. 'Pyng', hearde er. Doe sjen, en dêr hied er de kop fan in harspit ôfmeand. Dat wie der de foarige simmers stean bleaun yn 'e groun.
nl.verhalenbank.24462
Jan Hepkes fan Surhústerfean wie us in kear oan 't meanen. Hy koe 't omrake bêst. Op 't lêst woarde de seine hwat stomp en doe soed er dan mar even harje. Mar doe't er by 't harspit kom, doe wie de kop der ôf. Dy hie Jan der ôfmeand mei de seine sûnder dat er it sels fornom hie.
nl.verhalenbank.25492
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen
Rûnom komt it ferhaal foar fan de geheimsinnige frjemdling, dy't ferskynt, wannear't ien wat tefolle opdocht oer syn meanen. Hy kin hurder meane as de mier, mar de lêste kriget der pas erch yn, dat it mei de frjemde man net doocht, as dy it harspit dwerstroch meant. It docht jin gjin nij, dat dit ferhaal ek tige libbe...
nl.verhalenbank.13679
Der wie in mier, dy swetste wakkere bot oer syn meanen. Net ien dy't sa goed meane koe as hy, sei er. De duvel net iens. Mar doe wied er ris in kear wer oan 't meanen doe kaem der ien njonken him, dy meande ek, en dy rekke him foar. Mar doe wie 't ynienen 'krak'. Dêr meande dy oare de kop fan it harspit ôf, dat dêr stie.
Doe wist er, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.37136
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen, doe meande er de kop fan 't harspit ôf.
nl.verhalenbank.26364
Jan Hepkes fortelde ek:
Ik bin ris nei in boer ta west to meanen. Ik wie jong en sterk. 't Wie mendei-to-moarn, en ik wie hwat sliepprich. 'k Hie hwat ekstra lang by de faem sitten. Mar ik tocht: ik mat der mar gau foar. Ik oan 't meanen en doe't it joun wie hie 'k der sawn pounsmiet ôf slein.
Doe tocht ik: nou mast de seine mar ris even harje.
En doe...
nl.verhalenbank.25278
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen
'Alde Piter Durks hat it my ferteld. Doe wie ik mei him oan 't binen en dan hie er ek fan dy rare spoekferhalen. Hy hie it oer in keardel, dy hie oan 't meanen west yn'e blaugêrzen, op 'e Stûkon (tusken Garyp en Warten). Hy hie it oan Piter sels ferteld. Ik kin tsjin'e duvel wol meane, hie dy keardel op in kear sein. Doe...
nl.verhalenbank.13680
Op 'e Simmerdyk yn Burgum is froeger in poep formoarde woarn. Sy ha him bigroeven oan 'e kant fan 'e wei yn 'e berm. Sy ha dêr in krús makke troch de pôllen gjers dêr wei to dollen.
Sûnt wol dêr gjin gjers wer groeije.
nl.verhalenbank.27647
Oan 'e Harstewei ha jy it poepekrús (Dat is noch in âld stik fan 'e wei fan Ljouwert nei Grins). Dêr ha se froeger in hantsjemier formoarde, doe't dy mei syn fortsjinne lean wer op hûs yn soe. Dat krús sit yn 'e greid (yn 'e berm). It is fan swarte ierde, en der waechset gjin gjers op.
nl.verhalenbank.32673
Men heart wol gauris dat guon de kop fan 't harspit ôfmeand ha. Mar dat kin allinne de duvel mar.
nl.verhalenbank.32125
Dêr wie in swalker, dy hie gjin thús. Dy slepte meastal by de boeren yn 't hea. Sa kaem er ek ris by in boer, dêr't ik yn 't wurk wie. Doe't er de oare moarns út it hea kaem sieten wy bûten to kofjedrinken. Hy frege of er mei kofjedrinke mocht. Dat waerd him net wegere.
Doe fortelde er ús: Yn Dútslân hie er ien meimakke, dat dêr ien oan 't meanen wie. It...
nl.verhalenbank.32126
Wat mieren en haaiers oerkaam
'Myn pake, âlde Tamme Hooijenga, wie al mier. Hy hat it my sels wol ferteld. Op in kear lei er tsjin Earnewâld oan yn syn mieretinte. Hy sei: Ik lei midden yn 'e nacht te sliepen en doe tocht ik, dêr trapet ien by my yn 'e tinte om en oer my hinne! Dat wie de Langsleatten man. Ik tochte, astû hjir dyn paad lâns haste, dan...
nl.verhalenbank.13675
By it Poepekrús ûnder Jistrum is in poep formoarde woarn. Se ha dêr in krús yn 'e groun makke, dêr wol noait wer gjers op groeije.
nl.verhalenbank.31198
Jan Hepkes fortelde: Op in kear soe ik meane. Ik hie al in pear swéeën lizzen, mar tige bêst gong it net.
Ik tochte: hoe sit dit sa, en doe sjen, en ja, doe hie 'k forgetten de sek fan 'e seine to dwaen. De múlbân (= tiene mei learkes) siet der noch om.
nl.verhalenbank.25313