Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: legendarische(?) Narrator Gender: male
Japik Ingberts hâldde in wedstriid mei de gemeente Ljouwert. Hy moest rinne tsjin in hynder oan 'e Greate Wielen ta. Woan er it, dan krige er in slompe jild. De hurddraver moest it forlieze, Japik Ingberts woan it.
nl.verhalenbank.27209
Oer 't fytsen rekke Jan ek noait útpraet. Hy fytste leafst yn 'e wyn op, sei er. "De minsken dogge krekt forkeard", placht er to sizzen; matte se yn 'e wyn op, dan geane se plat op 't stjûr lizzen, mar dan moesten se krekt achteroer sitten gean. Dan kinne jo ommers de trapers in opmiter jaen.
nl.verhalenbank.28758
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen, doe meande er de kop fan 't harspit ôf.
nl.verhalenbank.26364
Ik bin ien kear mei sterke Ynse fan Sweachster merke kom. Yn 'e Sweach stutsen wy oan yn 'e herberch. Dêr hongen skealjes yn 'e trochreed, dêr koenen bargen op woegen wurde. Wy woegen ús dêr. Ik tocht: ik win it, hwant ik like mear mâns to wêzen, mar Ynse wie de swierste, die bliken. Mar syn hannen - sokke ha 'k letter noait wer sjoen. Dy wienen wol twa...
nl.verhalenbank.25457
As Jan Hepkes yn 'e wyn op fytse moest, gong er nei Ljouwert ta. Hied er foar de wyn, dan bleau er thús.
nl.verhalenbank.26837
't Gebeurde ek in kear, doe wie 'k by him yn 'e ûngetiid. It waeide nochal frijhwat en der woarde praet oer it waer. Doe fortelde hy, op in kear hie er seis dikke foeren hea nei de wyk ta brocht; dy soenen de oare deis oerladen wurde yn in pream. Mar doe hie 't dy nachts sa bot waeid, dat doe wie der fan al dy seis foeren hea net mear oer as in lyts...
nl.verhalenbank.26956
Ek us in kear doe ried er op 't iis, doe hied er net sjoen dat de brêge ticht siet. Hy fleach mei 't boarst tsjin 'e brêge oan. Troch de fûle faert fleach de brêge iepen en draeide yn 't roun. Doe't er werom kom, gong de brêge noch hinne en wer, sa hurd hied er riden. De brêge hie hyltyd mar yn 'e rounte draeid.
nl.verhalenbank.26822
By Gerrit Boonstra fan Mearum soenen se ite. Doe hienen se gjin rouwe moster mear hawn. Doe gong Gerrit gau even nei Vierverlaten ta op redens, om moster op to heljen. It iis koe sahwat hâlde, mar der leinen ek noch wekken yn hjir en dêr. Hy rekke yn in wek, mar hy hie sa'n faert, dat hy fleach fiif en twintich meter ûnder 't iis op. Dêr wie wer in wek en...
nl.verhalenbank.26821
Jan Hepkes koe ek alderduvelste hurd ride neffens syn eigen sizzen. Op in kear doe hied er oer iis nei Ljouwert ta west. Hy kom werom en ried de mar oer. Doe hie der in man foar him op west. "Ik tochte," sei Jan, "dy rydt in knappe streek." De wyn wie oast en dêr moest er yn op boarje. Jan tocht: ik set der in poun mear op. En doe streke er dy oare...
nl.verhalenbank.28757
Ik farde op in logger. Wy hienen al seis wiken fiske, mar noch noait hwat fangd. Net in fiskje hienen wy oan board. Wy woarden allegear hwat mismoedich, hwant it seit hwat as men seis wiken lang neat fangt. Doe helle ik in sulveren goune tofoarskyn. Dêr stie yn 'e rânne God zij met ons. Dy smiet ik yn 'e sé. De oare deis hienen wy sa'n kolossale fangst,...
nl.verhalenbank.26961
Froeger gongen der út 'e Wâlden wei altyd by 't simmer arbeiders nei Snits ta. Sy gongen dêr op 'e merk stean en wachten de boeren ôf, dy't dêr kommen om in mier to winnen. Jan Hepkes tochte: Ik mat ek mar nei Snits ta. Ik wol èk wol ris hwat to meanen ha. "Ik wie net botte hastich," sa fortelde er, "ik tochte sjesa, in goeije mier kriget altyd plak en ik...
nl.verhalenbank.28756
Op in kear, doe wie Jan Hepkes op it hiem oan 't meanen. Hy hie oan 't harjen west, mar hy hie noait wer om 't harspit tocht. Dat hied er yn 'e groun stutsen. Hy meande mar troch en mar troch, doe ynienen wie 't : ping! Jan tocht: Hwat is dàt - "Ik meande troch", sei er. Mar ik tocht alris: "it wol sa goed hast net. Ik mat mar ris harje. Ik sykje om 't...
nl.verhalenbank.28732
Jan Hepkes gong ris in kear to meanen. Hy gong by de hekke stean en smiet de seine yn 't fjild. Dêr't de seine to lânne kom, dêr bigong er to meanen. Dat wie doe sa de moade. As er in eintsje keal hie, die er de jas út en sette 't harspit njonken 't swé del. Doe't er ienkear yn 'e rounte west hie, soed er even harje. Mar doe koed er it harspit net wer...
nl.verhalenbank.28681
Op in moarn, doe gong Feitse Brants to meanen. 't Wie hjir yn 'e buert fan 't Fean. 't Wie noch in bytsje skimerich. Feitse hie al in skoftsje oan 't meanen west en hy hie der al in moai hoekje ôf, doe tocht er: "it is krekt, as wol it net sa goed meane as oars. Ik mat mar ris strike mei de strikel." Hy sil strikelje en dêr sjocht er dat er de âld sek...
nl.verhalenbank.28866
Op in kear waeide 't in stoarm, doe moest Jan Hepkes op 'e fyts om hûden nei Eastemar ta. Der wie net ien dy't fytse koe, sa bot waeide it. Mar Jan sei: "Ik mocht der wol oer doe't ik yn 'e wyn opfytste. Doe hie 'k hwat steun oan 't boarst."
nl.verhalenbank.28682
35