Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Alde Jan Stokje wenne op it Hegelân to Jistrum.
Op in kear hied er him slim misdroegen yn 'e kroech.
Underweis nei hûs ta hat ien him opnom en smiten. Hy woarde oer diken en sleatten hinne smiten.
't Swit briek him ta alles út. Hy hat it sels forteld.
It wie de duvel dy't him to pakken hawn hie.
nl.verhalenbank.29292
Twa út 'e Koaten, in sekere Piter en Klaes gleske wienen beide mannen fan drank. Sy kommen togearre mei in stik yn 'e kraech út 'e kroech wei. Klaes fortelde: "Dêr woarde Piter ynienen by my weipakt en tsjin 'e muorre oansmiten fan in boereplaets." (Dat is de plaets, dêr't nou Oebele Vries wennet, tsjin 't tsjerkhôf oer.)
nl.verhalenbank.28198
Der wienen us in pear mannen, dy moesten in stik of hwat grouwe beammen op in wein lade. 't Wie yn Bakkefean.
Sy koenen 't meimankoarren net rêdde. Mar doe kom krekt greate Ynse foarby. Doe fregen se Ynse of dy wol helpe woe. Ynse lei doe de beammen ien foar ien hielendal allinne op 'e wein.
Doe't dat gebeurd wie gongen dy mannen nei de kroech om in...
nl.verhalenbank.25696
In Zevenhuizen woonde een dat was een dikke soeper en in floeker en in spotter.
O o, seiden se, de duvel draait him de nek nog eens om!
Half weg de Leek is 't gebeurd. Hy kwam weer uit de kroeg. Hij had hem weer dronken soept in allerlei stille kroegen. Toen is hij op die plaats halfweg de Leek drie meter over de sloot heen gooid. Se fonden him de andere...
nl.verhalenbank.37286
Doe't ik noch sa'n jonge wie gebeurde 't op in kear dat in stik of acht, njoggen man, sa'n ploechje jongfolk, op in joun oan 't kuierjen wie. Sy kommen út 'e kroech en guon hienen 't raer opsein. Doe't se healwei Surhuzum en Stiensgea wienen, sahwat krekt by 't âlde pypke woarde der samar ien út it keppeltsje weismiten, boven oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.26214
Dêr yn Den Helder dêr stie in herberch. De kastlein hie alle jounen lêst fan 'e soldaten. Dy makken dêr in hieleboel heibel en sloegen soms alles koart en klien. Doe naem dy kastlein Hearke ûnder 'e earm, mei dy syn maet Sterke Fije fan Burgum. Hja mochten sêd drank ha as se him bystienen.
De oare deis setten Hearke en Fije op 'e herberch ta. Hearke sei...
nl.verhalenbank.30462
Hjir yn 'e Pein is ris ien smiten woarn. Dy kom út 'e kroech wei. Hy sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Mar doe pakte de duvel him.
nl.verhalenbank.26994
Sterke Hearke siet us in kear mei syn broer ergens by in haven yn 'e polderwurken. Dêr stie in herberch en de kastlein klage syn need us in kear oan Hearke.
"Saterdeijouns," sei er, "dan komme hjir de matroazen fan 'e boaten, en dy slagge hjir altyd alles koart en klien." Doe sei Hearke: "Wy sille jo helpe."
De saterdei-to-jouns dêroan stapten Sterke...
nl.verhalenbank.23634
Sterke Hearke wie yn Terwispel wol bikend.
Op in kear die moast der in swiere beam op 'e wein laden wurde. De lju koenen 't net dwaen. Doe rôpen se Sterke Hearke der by. Dy tilde de beam der allinnich op. Doe gongen dy lju yn 'e hûs en namen in buorrel. Mar sy liten Hearke bûten stean. Doe hat Hearke de beam wer fan 'e wein nom en op 'e groun smiten.
nl.verhalenbank.21037
Welnu. In Tzum, ofwel Tsjom, stond een prachtige toren. Het was eh, de hoogste uit de omgeving. In een naburige dorpje wilden ze ook [lacht] en toren bouwen en die moest uiteraard groter worden. Dus ze gingen met een touw de toren [pauzeert]. Dus ze gingen met een touw de toren beklimmen. Dus 1 bleef, bleef en de ander ging de toren in...werpt het touw...
nl.verhalenbank.13734
Wy hawwe as feinten us in kear west by Hinke Kaert. Myn broer wie der ek by.
Doe't wy fuort soenen, sei se tsjin ús: "Aenst oppasse, jonges. Net folle drank nimme. Ien fan jimme kriget aenst in lyts ûngelokje."
Wy stutsen ûnderweis by in herberchje oan. Wy soenen elk ien keapje en soenen der yn. Doe rekken twa fytsen yn elkoar wylst se omswaeiden nei 't...
nl.verhalenbank.24172
Twa feinten sieten yn 'e kroech op 'e Foarwei. Hja hienen aerdich hwat hawn en swetsten mar raek. Doe gongen se fuort. Se kamen op 'e Lange Loane. Se moesten beide de Stasjonswei del. Ien fan 'e beiden woarde op 'e Lange Loane opnom en in ein fuortsmiten. De oare kaem neat oer.
Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36576
Doe't Hearke foar 't earst ûnder tsjinst wie wied er rekrút. Hy kom noait in kear yn 't café en doe woenen de jonge soldaten him us in kear mei ha. Sy tochten: wy kinne wol hwat mei him úthelje.
Hearke bistelde in buorrel. Mar se hienen de romer fuort foar him weislein. Doe bistelde Hearke in dûbelden. Mar dy woarde der ek wer foar wei flikt.
Doe bistelde...
nl.verhalenbank.25913
Vrouger heb k n wief kend, dei moezn dansn loatn kon. Dat dee ze, voak in n kroeg op n toafel, as ze dronkn was. t Was n hekse en gain mens duz hoast noast heur zitn.
nl.verhalenbank.43300
Yn Drachten wenne in kastlein, dat wie Ids Bergsma. As it folk dêr roerich woarde en sy woenen net mear om 't lyk, dan hellen se Sterke Ynse fan Bakkefean der by. Dy weefde der samar mei ôf.
nl.verhalenbank.23392
De Deelstra's wennen yn 'e Westerein. Se mochten allegearre graech in buorrel. Ien fan dy Deelstra's kaem yn Rotterdam to wenjen. Op in snein-oerdei rekke er dêr sà dronken, dat er net mear wist hwer't er wie of hwat er die.
Mar hy waerd wekker, en doe siet er yn 'e tsjerke. Dy tsjerke siet fol minsken. Hy doarst der net útgean, salang dy minsken dêr...
nl.verhalenbank.31999
Der wie in feint, dy kom fan Drachten. Syn faem wenne yn Burgum en dat wie in hiel ein rinnen snein-to-jouns.
Op in nacht, doe kom er wer by de faem wei, doe wie dêr in hear, mei hynder en seas, dy hie ek nei de faem ta west.
Dy moest ek nei Drachten ta.
Hy frege dy hear of er mei ride mocht.
"Né," sei de hear, "ik nim net ien mei."
Doe sei dy feint: "Jo...
nl.verhalenbank.25640
Ik ha wol us heard dat guon yn 'e kroech it heilich avondmael fierden en dat har nei ôfrin de nekke omdraeid woarde. Hwer't it gebeurd is, wyt ik net.
nl.verhalenbank.27043
't Is net like folle hwat men docht of hwat men seit.
Yn it café fan IJe Hulshof yn Surhuzum wienen op in joun in stik of hwat greate spotters byelkoar. Dy praetten ûnderinoar ôf, sy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. Dy't foargean soe, hie in swart dûmnyspak oanlutsen en in hege hoed opset. Hy soe 't avondmaal útdiele. Se hienen bôlle en wyn kocht....
nl.verhalenbank.19378
Tusken tolven en ienen is 't yn 'e nacht nergens feilich. Ik haw in man kend yn 'e Houtigehage, as dy even nei tolven út 'e kroech kom, gong er dêr sitten oan 'e kant en hy gong net earder de wei út as it moest earst ien ûre wêze.
nl.verhalenbank.27525