Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Wibe Alma is èk smiten woarn. Doe kom er út 'e kroech wei.
nl.verhalenbank.27791
Sterke Hearke wie stille plysje. Op in joun wied er by Kromelle, dat wie in lyts herberchje yn 'e buert fan 't Bomkleaster. In pear feinten kommen ynienen op Hearke tasetten en smieten him oer 'e wereld. Hearke dy't dêr net op fordacht wie, klaude wer oerein, mar hy sei neat.
De oare wyks wied er dêr wèr. Doe soenen dy beiden dat wer lappe. Mar nou wie...
nl.verhalenbank.36677
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
Froeger wie hjir in âld reed, dêr stienen in pear cafékes oan. Ien fan dy cafékes wie fan Frâns ten Bergen en C. Hester.
Dy kroechjes, dêr hâldden se yndertiid spyljen en dânsjen yn.
Myn omke, dat wie Teade-spylman, dat wie in soan fan beppe Gjetsje, dy't sa sterk wie. Dy spile dêr faek. Hy hie trije susters: Minke (dat wie myn mem), Siuwke en Teatske....
nl.verhalenbank.28844
Beppe hie in kroechje yn Kûkherne. Dat wie mar in foech plaggehutte. Dêr kommen de polderjonges, dy oernachten dêr. It gong dan wit hoe faek op in fjochtsjen. Ien kear is dêr ien formoarde woarn ûnder 't fjochtsjen. Dy woarde deastutsen mei in mes. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind. Dat wie altyd sa mei it bloed fan ien dy't formoarde...
nl.verhalenbank.33533
Yn Kollum wie in kroech, dêr gongen jouns wol gauris manlju út 'e omkriten hinne. Dy hienen in klub. De klearmakker dy't fóár ús wenne hearde der ek by.
Dêr gong 't nochal hwat op in sûpen en se kamen faek oansketten thús. Hja kaertspilen dêr meimankoar.
It is ris gebeurd dat der wer in ploechje manlju út Kollum wei kamen dizze kant út, doe woarde ien fan...
nl.verhalenbank.38116
Op Burgumerdaem stie in herberch. Dêr wenne Jehannes Kramer yn. Dikke Taeke moest omke tsjin him sizze.
Der wienen in stik of hwat mannen yn 'e kroech, dy kamen hjir net wei. Taeke wie dêr ek. Dy gnyske sa'n bytsje. Dat die er wol faker, mar alhiel net willemoeds. Mar dy mannen tochten dat er har de gek oanstuts. Sy hellen it mes foar 't ljocht en soenen...
nl.verhalenbank.36729
Biesterveld wenne yn Drachten oan 'e Dwarsfeart.
Dêr wie elkenien binaud foar, hwant hy wie in moardner. Net ien dy't him fortroude. Hy wie ek in rover.
Op in kear doe siet er yn 'e herberch. 't Wie yn Garyp.
Doe kom der nòch in man yn 'e herberch. Dy man dy moest nei Drachten ta. Hy hie in tas mei jild yn 'e hannen.
De kastlein seach hoe't Biesterveld...
nl.verhalenbank.22774
Fan in geitsje dat in bokje waerd en oarsom.
Der wienen in man en in frou, dy woenen graech in geitsje ha. Doe liezen se yn 'e krante in adfortinsje, dêr't in geitsje yn to keap oanbean woarde. 't Wie in boer, dy't dat yn 'e krante hie. De beide lju ornearren, dêr moesten se mar op los.
De man gong der hinne en hy kocht it geitsje.
Hy wie der tige mei...
nl.verhalenbank.25796
Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op.
De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege...
nl.verhalenbank.25966
Ik bin Okke van den Berg
Dit is wier bard, hear! Teminsten, ik haw it Wytse Gal fertellen heard, en dy is it sels oerkommen.
Wytse Gal, hjir fan 'e Gallestreek, by de Feart lâns (te witten: op 't Surhústerfean), dy koe goed reedride, hear! Hy hurdried wol en hy wûn ek gau ris in priiske. Doe soe der in hurdriderij wêze hjir of dêr yn 'e midden fan...
nl.verhalenbank.13033
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.33644
Myn wiif Sjouk hat in healjier tsjinne by Julle van der Henne, dy wie boer op Reahel. Dat wie in nuver plak, dêr doogde it lang net. As jouns de doarren skoattele woarden, stienen se moarns wer iepen. Se dienen de krukken der jouns allegear út, mar it joech neat. Altyd wienen de doarren moarns iepen. Moarns sieten de katten by 't spek to fretten as se der...
nl.verhalenbank.20957
Myn skoanheit, Wibe Alma, is yndertiid fan 'e wei ôf opnom woarn en oer de feart smiten. Doe kom er út 'e kroech. Doe hie er it raer opsein. Der binne wol mear yn 'e Harkema, dy't smiten woarn binne. Sytse Jager ûnder mear èk.
nl.verhalenbank.27246
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op.
Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Der wie ris in keamerfol folk by de kastlein yn Bakkefean. It folkje wie bot roerich, it gong der allerheislikst oan wei. De kastlein koe se net baes en hy rôp Ynse der by.
Ynse hie der net folle wurk mei. Hy hie in pear ûnder 'e earm krige en sa der út brocht. Sa hied er de taep samar leech.
nl.verhalenbank.25653
In stik of fiif lju, dy fierden yn in herberch yn Droegeham it heilich avondmael. Ta straf ha se der alle fiif in stive nekke fan oerhâlden. Sy koenen letter de nekke net wer omdraeije.
nl.verhalenbank.25733
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song.
Doe't er út...
nl.verhalenbank.37875
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe.
Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Der wie in man út Feanwâldsterwâl, dy hie yn Hurdegaryp yn 'e kroech sitten. Hy hie 't raer opsein en in goed stik yn 'e kraech. Doe moest er troch de Foksegatten. Doe't er dêr wie, waerd er opnom en oer de beammen hinnesmiten.
Hy wie dêrtroch tige eangstich woarn, hwant dit wie it wurk fan 'e kweade.
Letter wie er dêrtroch aerdich bikom.
nl.verhalenbank.38207