Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: knoop Place of Narration: Harkema
As minsken forkearde dingen by de ein hawn ha en se lizze op har stjerbêd, dan kinne se net stjerre. Dan matte se dat earst sizze. As der in knoop oan 'e klean naeid is op snein en ien dy't op it stjerbêd leit hat dat klaeijingstik oan, dan kin er net ta stjerren komme. Dan mat dy knoop der earst ôfsnien wurde.
nl.verhalenbank.19530
As wy as bern in eintsje tou lizzen seagen, dêr't knopen yn sieten, lieten wy dat lizze. Hwant dêr koe de koarts wolris yn biknope wêze. Hwant de koarts koe men toknoopje.
nl.verhalenbank.12489
As in bern syn mem slacht, falle him de hannen ôf. Of de hân groeit letter ta 't graef út. As jy op snein in knoop oan 'e jas naeije, dan kin men net stjerre. Aste op snein neilknipste, groeije de neilen net wer. Ek wol: dan mast alle ôfknipte neils nei dyn dead byelkoar sykje.
nl.verhalenbank.28700
Wy hawwe 't meimakke hjir dat der ien op stjerren lei. Mar dyselde koe net stjerre, it hong der hyltyd mar tsjin oan. Doe frege der ien: "Hat er ek hwat oan, dat op snein naeid is?" Doe die bliken, hy hie in oerbaitsje oan, dêr wienen de knopen fan op snein oanset. "Snij dy der mar ôf", sei dyselde. Sy hienen 't net dien of de man wie rêst.
nl.verhalenbank.34588
Imke de Jong hat mei myn heit ûnder tsjinst west. Sy koenen him noait birongje. Sy ha him wol opsluten hawn, mar dat joech neat. Op it lêst ha se him de knopen fan 'e jas snien en him gean litten. Hy hat Tseard van Dekken, de Hamster plysje, stean litten. Hy is us in kear út 'e gefangenis weiflucht. Net ien koe sjen hoe't er oer 't kanael kom is, mar op...
nl.verhalenbank.20665
As men op stjerren leit en men hat klean, dy't op snein makke woarn binne, dan kin men net ta stjerren komme. Dan mat men hinne gean en dy klean stikken knippe of de knopen der ôf snije.
nl.verhalenbank.15622
As wy, doe't wy bern wienen, in eintsje tou lizzen seagen, dêr't knopen yn sieten, dan roannen wy dêr mei in greate bocht omhinne. Hwant de koarts koe der wol us yn biknope wêze en kommen wy dêr to ticht by, dan koenen wy de koarts krije.
nl.verhalenbank.17544
As der froeger ien wie dy't net stjerre koe, frege ús mem: "Hat er ek hwat oan dat op snein makke is?" As dat sa wie, toarnde se der in knoop ôf, dan wie dyselde samar wei.
nl.verhalenbank.22716
35