Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al.
Hy hat faek by my west.
Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is.
Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
In nachtmerje is ien fan sawn op elkoarfolgjende dochters. In nachtmerje komt troch 't slotsgat.
Men mat de klompen ûnrjocht tsjin elkoar oan sette, se wolle wol ha dat se dan net komt.
nl.verhalenbank.23949
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy nacht op nacht lêst fan in nachtmerje. En dêr wennen doe in hiele bult minsken dy't dêr lêst fan hienen. Der wennen twa bruorren njonken ús, dat wienen âldfeinten, hiele fremde mannen.
Dy fortochten wy der fan. Doe't wy út Stiensgea wei wienen ha wy noait mear lêst fan nachtmerjes hawn.
Wy setten de klompen altyd mei...
nl.verhalenbank.27286
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten."
Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme.
It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes.
De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp.
Ik wie bang foar...
nl.verhalenbank.20669
Sytse Jager wie oars net in minne jonge. Mar as er in slokje op hie, dan wie 't in raren. Dan wied er ta alles yn steat. Op in kear kom er dronken út 'e kroech op it Jachtfjild. Doe is er oer de sleat smiten woarn en hy kom op in stobbe tolânne. Dat gebeurde sahwat by de bakkerij fan Rienk de Boer, op 'e hoeke nei 't Wytfean.
Sûnt dy tiid wie Sytse altyd...
nl.verhalenbank.20678
Foar in nachtmerje mat men de klompen omkeare en ûnder 'e drompel duveldrek lizze.
nl.verhalenbank.33411