Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat tsjirme. Sy tochten: Hoe moat dat dochs komme?
Njonken har wennen minsken sûnder bern.
De heit fan it sike berntsje sei: It buorwiif kin ús bern wol ris bitsjoend ha. Dat sei er ek tsjin 'e buorman.
Kin it wêze, sei er, dat dyn wiif ús bern bitsjoend hat?
De buorman woe dêr neat fan wite. Hy sei: Myn wiif is sa...
nl.verhalenbank.11557
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
nl.verhalenbank.11544
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Achter Goaijengeahuzen wie ús heit yn 'e ûngetiid, mei noch inkelde oaren. Ynienen hearde hy in freeslik gejammer fan in bern. Mar der wie neat to sjen. Krekt in jier letter yn 'e simmer waerd it slim swier waer. Doe hearde heit wer itselde gejammer. It kaem út in tinte wei, dêr tichteby. Dêr jammere in jonkje yn. Syn heit wie troch de wearljocht rekke en...
nl.verhalenbank.11535
Ien dy't graech in poppe ha woe, hong in kikkert oan 'e doar. Dan kaem de eibert.
nl.verhalenbank.11524
Der dounsen foarhinne ek wol neakene berntsjes om 'e skuorrestilen hinne, dy't in bigearte hienen.
nl.verhalenbank.11487
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
Yn 't westen fan Aldegea, yn Opperbuorren, wenne in minske, dat hie har lytse bern forlern. Dy lytse bern waerden yn 'e tún bidobbe. Letter spoeken dy bern dêr om.
nl.verhalenbank.11525
As bern droegen wy roggekerrels by ús, dy't yn 'e klean binaeid sieten. Altyd in ûneven getal, meastentiids sawn. As in jurk dan wer wosken wurde moest, dan moesten der wer oare roggekerrels yn. De tsjoensters koenen ús dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.12212
Der wienen bern, as dy geboaren woarden, hienen se flueskes foar de egen. De baekster of de dokter nom dy der ôf. Dy flueskes woarden biwarre en dat bern koe dan letter yn 'e takomst sjen. Sa'n bern wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.15809
In bern krige froeger in koarste roggebrea op it boarst, om net bitsjoend to wurden.
nl.verhalenbank.11529
Foarboaden fan'e dea:
a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade.
b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief.
c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea.
d. As der ûle ropt.
e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen.
f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
nl.verhalenbank.23372
Us mem wie widdou. Op in kear hienen wy as bern mei ús mem nei beppe ta op bisite west. 't Wie yn Aldegea. Doe't wy omtrint oan hûs ta wienen, sloech ús mem biede hanne foar de eagen.
"Och heden," jammere se, "ús hûs is forbrând! Der stiet neat mear fan. De forbrânde flearbeammen stean der njonken."
Hja koe net fierder en sakke op 'e groun del. Dêr bleau...
nl.verhalenbank.11538
Der wie in frou, dy hie trije famkes. Dy praetten alle trije hiel drok. De frou wie oan 't waskjen en sy hie lêst fan dat drokke praten fan har famkes. Dat doe sei se: "Ik woe wol dat jim alle trije gûlswannen wienen." En sy hie 't net sein of it wienen gûlswannen alle trije. En dêr stouden se hinne troch de loft. Dat hie de buorfrou dien, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.12535