Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in faem, dy wenne yn 'e Twizelermieden, fuort by de Hamsterfeart. Dy moest bifalle fan in bern, mar dat bern hat noait ien sjoen.
Letter wienen se oan 't hakjen yn 'e groun, en doe ha se 't bern opgroeven. By 't opdollen rekke de hân der ôf. Men hat de faem der fan biskuldige, dat hja 't bern fan kant makke hie, mar sy koenen 't net biwize, dat sy...
nl.verhalenbank.22759
In suster fan my, doe't dat in fanke wie, hie se har foet forknoffele. Doe brocht ús mem har nei Oene Knoffelder ta. (Oene Kempenaar wie syn namme) Hy wenne yn Twizelerheide. Mem wie deabinaud foar him, hwant hy hie fan dy reade egen. Mem doarst him net oan to sjen.
"Ik mat hwat reinwetter ha", sei er. Doe die er hwat fan dat kâlde wetter tusken tûme en...
nl.verhalenbank.23122
Ik wie in jonkje fan fiif jier. Myn âldste suster stie dea op ierde. Hja wie mei in stok op 'e holle deaslein ûnder 't boartsjen. Doe rekke ik útfanhûs nei de Lege Mieden ta tusken Jistrum en Skûlenburch. It wie in âld hûske. Ik lei dêr op bêd, doe kom der in greate houn by my op bêd. Ik waerd sa benaud, dat ik woe nei hûs ta. Sy brochten my der hinne....
nl.verhalenbank.23121
De bern fan Sint en Liuwkje, dy't achter de Swâdde wennen yn Twizelerheide droegen in stik duveldrek yn in pûdtsje oan in eintsje tou om 'e hals. Dat wie tsjin 'e tsjoensters.
Der wienen ek wol guon yn Twizelerheide, dy hienen in stik duveldrek ûnder 'e drompel. Ek tsjin 'e tsjoensters.
Heit brûkte duveldrek as de bargen bigje moesten. Dan krigen se it yn...
nl.verhalenbank.33451
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke."
Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Yn 'e Harkema krigen de bern froeger altyd stringen fan kraellelies (kralen) om 'e hals. As se dy droegen dan koenen se net bitsjoend wurde. De âlden reauwen dy kralen foar de bern. (kraal-lelie of tijgerlelie).
Sy droegen ek wol pûdtsjes mei duveldrek op it boarst.
nl.verhalenbank.23129
Wy wennen as bern op it Hegelân to Jistrum. Wy mochten net midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20582
Ik wol gjin nammen neame, mar hjir yn Jistrum wennen froeger minsken dy woarden skoudere. Dy mochten net by de lytse bern komme en ek net by 't fé. 't Wienen meast âlde froulju. Tsjoensters woarden se neamd. Sy koenen har foroarje yn in swarte kat.
Guon woenen net in swarte kat ha, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.20591