Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: kind Place of Narration: Eastermar
As in bern bitsjoend wie moest men nuddels en spjelden yn wetter siede en dat wetter moest men it bern opdrinke litte. Ritske Aeltsje fan Houtigehage die dat altyd. Sy hie faek mei tsjoenderij to kampen.
nl.verhalenbank.12276
't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net. "Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?" "In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze." Even...
nl.verhalenbank.33737
Alle Tet wie in tsjoenster. Twa bern fan myn suster hat se deatsjoend. Doe't se stoar gong it nuver. Sy koe mei gjin mooglikheid stjerre. Hja stompte mar mei de holle tsjin 't bêdsket oan. Dat hat wit hoe lang duorre, it wie in griis. Op it lêst is se dea gong. Mar it wie net in gewoan lyk. Sy is noait stiif woarn. Sy wie al sa slop as in flarde. Krekt as...
nl.verhalenbank.12273
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
De famylje Wesbonk wenne to Ljouwert oan 'e Spanjaardsloane. Myn suster hat dêr faem west. Dêr kaem ek altyd in werkster, dat wie in troude frou. Op in kear fortelde dy werkster, dat har bern siik wie. Dat woe mar net betterje. It kwynde. Doe wie se nei in duvelbanster tagong. Dat wie Smoarge Jantsje, dy wenne to Ljouwert. Dy sei, it bern wie bitsjoend....
nl.verhalenbank.31906
Myn suster Roas fortelde ek. Ik moest ris in kear in bern ha. Wy wennen hwat ôfgelegen. As it ûnwaer woarde, soe myn man skoanmem helje (âlde frou Reitsma) en dêrnei nei dokter ta. De moarns kom er by syn mem. "Kom," sei se, "wiest dêr al. Ik tocht al, soed er hast ris komme, hwant ik hie dy fan 'e moarn al twa kear klopjen heard. Dit wie de trêdde kear."...
nl.verhalenbank.28389
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden. Mar doe...
nl.verhalenbank.17027
Der wienen twa jonkjes, dy sieten togearre op 'e fyts. Doe seagen [se] dat der in hiele grouwe bult op 'e bân kom. "Hwat soe dat wêze", sei de iene. "Sil ik dy ris hwat sizze," sei de oare, "dizze fyts krijt jongen." Doe leinen se de fyts yn 'e berm del. De sinne skynde nochal fel, dat ien die syn jaske út en lei dat oer de bân hinne. Sa sieten se dêr in...
nl.verhalenbank.33741
Trije jonkjes stienen by in brêge. De brêge wie ôfdraeid, der wie dus in hiel great gat yn 'e wei. It iene jonkje sei: "Us heit springt samar oer dat gat hinne." "Dat bistiet net", seinen de oaren. Mar it jonkje hâldde fol, dat op 't lêst moesten se it wol leauwe. Doe sei it twadde jonkje: "Jimme heit is in hiele baes, mar dan mast ús heit ha. Lêstendeis...
nl.verhalenbank.33828
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea. As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315
Der wienen minsken, dy forwachten in lytsen. Dy minsken hienen ek in jonkje, dat al nei skoalle ta gong. Doe't it sa fier wie dat de baby tofoarskyn komme koe, woarde de dokter ophelle en de baekster. En doe gong de heit gau even nei de buorlju ta, of dy har jonkje wol opheine woenen as er aenst út skoalle kom. En of er dêr dan ek wol ite koe. Hwant hy...
nl.verhalenbank.33833
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts. Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Skoanmem hat faek forteld, hja hie yn 't bigjin fan har trouwen droomd, dat sy soe trije bern krije en dy ek alle trije forlieze. Dan soe der letter noch in neikommerke geboaren wurde en dat soe libjen bliuwe. 't Is krektsa útkom. Dat neikommerke, dat is myn frou.
nl.verhalenbank.29306
Wy mochten earen noait foar de spegel stean. Heit sei, as wy dat dienen, dan sprong der samar in ruter út op in hynder.
nl.verhalenbank.28391
Sterke Hearke hie in poppe by 't wiif krige. Doe rekke hy al ier yn 'e moarn op redens fan Droegeham nei Ljouwert ta om in widze to keapjen. Werom ried er mei de widze boppe de holle. Dy widze fangde sa in protte wyn, dat Hearke fleach der oar. Fóár njoggenen dyselde moarns wied er al wer yn 'e Ham.
nl.verhalenbank.12520
Der wie froeger in feint, dat wie in sekere Ruerd, dy farde by Aen fan Huzen (fan Eastemar) op it skip. Se leinen mei 't skip by 't Huzumer fabryk. Doe hearden wy dat der in bern fan Aen van Huzen net goed wie. It tsjirme. Ruerd de feint waerd biskôge as de tsjoenster. Sy tochten dat hy it bern siik makke hie. Der leinen doe mear skippen en 't wienen dêr...
nl.verhalenbank.36695
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje. Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
As de bern by 't wetter kommen, woarde der sein: Pas op, de bûzehappert pakt dy.
nl.verhalenbank.12278
35