Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel.
Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar...
nl.verhalenbank.29373
Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Net yn in skiep, lyk as Jehannes Jager sei, hwant in skiep is heilich: het lam Gods. In kou en in okse binne ek heilich.
nl.verhalenbank.12327
De wikseldaalder
Fan dy wikseldaalder, dat is hjir yn 'e Peinjerwei bard, de nije wei, dat de Grinzerwei is. Ha jo de ...'s wol kend, dy feekeapljuwe? Dy rieden earst mei in hûnekarre, mei hintsjes en hoantsjes en sa, mar doe waarde Albert, ien fan dy bruorren, ynienen grut keapman. Hûndert skiep wie him neat. De man is stoarn mei in dik kaptaal jild. Dy...
nl.verhalenbank.12469
Hjir yn 'e Harkema wenne in âld-wiif, dy woe pankoekbakke. Har man wie nei stêd ta. Hja gong nei in winkeltsje om moal, sûnder sinten.
Wylst se drok oan 't pankoekbakken wie, kom der in swarte kat oan. Hy bleau foar de drompel stean en sei:
"Pankoek bakke en moal to boarch?"
"Ja," hie 't âld minske sein, "wol poes ek ien ha?"
En hja krijt de gleone...
nl.verhalenbank.23924
Wol men in wikseldaelder ha, dan mat men trije kearen mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne en trije kear sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan krijt dyselde de wikseldaelder.
nl.verhalenbank.17459
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha.
't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander.
Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west."
"Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake.
"Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
nl.verhalenbank.22190
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema.
Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen.
Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230
Wy wienen froeger altyd bang foar in swarte kat. Hwant dat koe wolris in tsjoenster wêze.
Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Sy ha in kat alris hiel bot slein, doe wie Tet de oare deis hielendal blau west om 't gesicht.
nl.verhalenbank.32745
In pod wie in tsjoenster. Tsjoensters leinen in fjûr oan fan stiennen.
nl.verhalenbank.20030