Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht.
Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen.
It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
As ús froeger in dikke kat tomjitte kom, dan seinen wy: "Dat is Alle Tet."
nl.verhalenbank.22720
By ús heit lei de frou (húshâldster?) siik op bêd. Alle jounen wie dêr in kat. "Dêr komt se wer oanglûpen", sei heit. De kat kom wol by 't minske op bêd.
Heit hie syn nocht. "Ik sil mei him ôfweve", sei er en hy joech de kat goed op 'e hûd.
De oare moarns moest heit nei de bakker om brea op to heljen. Doe kom er in âld wiif tsjin dat kreupele. Dat âld...
nl.verhalenbank.23951
In man fan 'e Hamsterheide kom fan syn suster út 'e Ham werom. Hy gong de Hamsterpaden lâns en ûnderweis kom der him in dikke, swarte kat op side, dy't by syn skonken lâns struts. By it lêste stik lân, dat er del moest, wie de kat fuort.
De wyks dêroan wie de man wer nei syn suster ta west. Hy kom itselde paed del en doe kom dyselde kat him wer op side....
nl.verhalenbank.15788
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema.
Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns.
Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388
Heit fortelde ús myn âlde omke hie in dochter hawn, dy wie siik. Dêr gong omke foar nei Wopke duvelbander ta, dy't yn Kûkherne wenne. Omke ried oer de Wide Pet, hwant it wie winter.
Wopke sei: "It fanke is bitsjoend. Hjir hast in drankje. Mar dû mast goed op 'e flesse passe, hwant ast omtrint thús biste komt de tsjoenster dy yn 'e mjitte, dy hat har yn...
nl.verhalenbank.17558
Alde Edzer Cent liet ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Hy hie in gat ûnder 'e fjûrpot. Dêr siet jiske yn en dêr kamen de soldaetsjes út. Hy roan mei in swarte kat om it tsjerkhôf hinne. Hy koe tsjoene.
nl.verhalenbank.12347
Tsjoensters foroarje har yn in kat. Duveldrek ûnder 'e drompel is 't bêste middel om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.23950
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein:
"Duivel, wil je mijn kat ook kopen?
De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
nl.verhalenbank.23923
Alde Hindrik Pyk en Ot wennen yn 'e Smoarhoeke.
By Sije Veenstra wie us in kear in greate, grouwe kat. It wie in fremde kat. Sije hie it net op it beest bigrepen en smiet der op. Hy rekke him ek, mar de kat wie samar ynienen geweken, sûnder dat Sije sjen koe hwer't er bleau.
De oare deis kom er Hindrik Pyk tsjin. Dy syn holle wie hielendal blau en opset....
nl.verhalenbank.21463
Elke tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.27006
Dy't him oan 'e duvel forkocht, hie noait wer forlet fan sinten. Dyselde moest in swarte kat fange en dêr mei nei 't tsjerkhôf ta gean. Dan moest er trije kear mei dy kat om 't tsjerkhôf hinne rinne. En dan moest er roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear kom der fansels ien by him. Dat wie de duvel. Dy joech er de kat oer en dêr...
nl.verhalenbank.29349
Ien dy't in wikseldaelder ha wol, dy mat in swarte kat yn 'e sek dwaen. Dêr mat er trije kear mei om 't tsjerkhôf hinne rinne tusken tolve en ien ûre yn 'e nacht en dan mat er oan ien tried wei achter elkoar roppe: "Ik haw in swarte kat yn 'e sek!"
De trêdde kear mat jy der net om hinne rinne. Dogge jo dat, dan is dat jou dea. Dêrom doart noait ien dat to...
nl.verhalenbank.28718
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
nl.verhalenbank.33660
Ael Westra hat in dochter, dy is troud mei Fokke Witteveen. (hy is noch út 'e famylje fan Sterke Hearke)
Fokke syn wiif kom us by ús doe't ús bern siik wie. Hja nom it op 'e skoat en lake en skattere hyltyd mar.
Doe kom ús kat der yn. Doe krige se dy en aeide op 't beest om. Hyltyd mar troch.
De oare deis wie ús kat dea. Dy hie se deatsjoend. (de kweade hân)
nl.verhalenbank.21462
Us mem en dy gongen de nachts fan mendei op tiisdei altyd fan Readskuorre mei de Feanster boat nei Grins ta. Tiisdeis dan wie 't merk yn Grins, sy gongen dêr hinne foar de handel. Pake gong ek mei.
Op in nacht gongen se dêr ek wer hinne. Doe kommen se in lyts boerespultsje foarby, oan diz kant Readskuorre. Dêr lei in skerne. Tichteby lei in dikke koepânse...
nl.verhalenbank.23908
As men in wikseldaelder ha wol, dan mat men mei in kat yn 'e sek nei in krúswei ta of nei in tsjerkhôf. Dêr ûntmoetet men dan wol hwat (de duvel). Men freget: "Wie koopt er mijn haas voor een daalder?" (Hwant sjoch, men mat de duvel altyd to grazen ha) Dy oare nimt de kat mei de sek oan en jo krije in wikseldaelder der foar yn 't plak. Dy meije jo noait...
nl.verhalenbank.12486
Om 'e sawn jier moat der ien fan 'e frijmitselders dea. Dêr wurdt om lotte. Hja stjerre ûnforwacht. Frijmitselders ha in wikseldaelder. Hja ha gjin forlet fan jild. Hja krije in troffel mei yn 'e kiste.
De frijmitselders hingje in lears op mei de soale der út.
De duvel smyt dêr jild yn.
Hoe krije se in wikseldaelder?
Mei in kat op 'e earm geane se nei de...
nl.verhalenbank.17529
In tsjoenster kin har foroarje yn in swarte kat. Dat is de boaze.
nl.verhalenbank.17458