Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: jongen Place of Narration: Augustinusga
Wy wennen froeger yn it húske, dat nou krekt ôfbrutsen is. It stie by de brêge, tusken Stiensgea en de Hamster Pein yn. Hwat yn 'e lichte. Dêr bin 'k geboaren en dêr ha 'k oan 1903 ta wenne. Wy hienen dêr in stuoltsjeklok. Wy slepten yn bêdsteden. Yn 't iene slepten heit en mem en ik slepte mei in pear bruorren yn 't oare. Der slepten ek noch guon achter....
nl.verhalenbank.21849
Sterke Hearke wie stille plysje yn Droegeham. 't Jongfolk fan Stiensgea wie us oan 't kuijerjen. Doe hâldden se in weddenskip. Sy praetten ôf, de earste de bêste dy't se tsjin komme soenen, dy soe troch ien fan harren pakt wurde en oer de weareld smiten. It lot wiisde oan dat Roel de Haan dat dwaen soe. Dat wie in licht mantsje. Hy hat letter sels...
nl.verhalenbank.27632
Doe't ik noch forkearing hie mei myn wiif, dy't op Blaufallaet wenne, roannen wy togearre us fan Blaufallaet nei Surhuzum. Underweis sei ik tsjin in frommes "navend". 't Wie sahwat healwei achten op 'e joun. Myn wiif sei: "Tsjin hwa seistû dêr navend?" Ik sei: "Mast mar us omsjen." Hja seach om en doe seach se it ek. Skeef achter ús wie in frommes. Dy hie...
nl.verhalenbank.23751
't Wie yn 'e tiid fan 'e oarloch. Juffer frege oan 'e bern út 'e klasse: "Wat is de grootste stad van de wereld?" Doe wie der in jonkje, dat sei: "Stalingrad, juffrouw." "Waarom?" frege de juffer. "Omdat de moffen al honderd dagen lang terugtrekken en er nog niet uit zijn."
nl.verhalenbank.33552
Doe't ik achtsjin jier âld wie hie ik in broer, dy wie tige siik. Se gongen mei syn wetter nei Kûkherne ta; dêr wenne Minke doe, dat wie in dochter fan greate Wopke. Minke sei, hy wie bitsjoend. Sy koe der neat mear oan dwaen. In pear wiken letter is er stoarn.
nl.verhalenbank.32706
Ytsen Ytsma wenne yn 'e Poes ûnder Surhuzum. Hy gong wol gauris to jounpraten, èk yn de Poes. Dan nom er altyd syn jonge mei, hwant hy doarst der net allinnich út op 'e joun. Hy hie in min geweten. As er to praten gong woarde de jonge altyd yn 'e hutte opsluten, hwant dy mocht net by de praterij wêze. Op in kear gongen se togearre wer op hûs yn. Doe sei...
nl.verhalenbank.27663
't Wie yn 'e oarloch. Dêr wie in jonge út Surhústerfean wei yn tsjinst. Dy moest foar de poepen arbeidzje. Hy hie 't dêr ôfgryslike min. Dat skreau er ek wol yn syn brieven nei hûs ta, mar dy brieven kommen noait oer. Alle kearen alwer skreau syn heit, dy't deagraver wie yn Surhústerfean: "Hoe is 't dêr? Hoe makkestû it dêr?" Doe op in kear kom der in...
nl.verhalenbank.33559
Hjir wennen twa jonges, de heit wie blyn en de mem wie dea. Doe kom âlde Griet dêr ris. "Hjir jonge," sei se, "hast in lekker fiskje." Alde Rolf sei: "Net opite." Hja krige in stopnuddel en stuts de fisk dêrmei oan 't sket. Nei in pear dagen wie 't in hiele dikke fisk.
nl.verhalenbank.25312
Ik en âlde Sjoerd hienen 't fjild yn west om wezelingen, dy't winters wyt binne. En doe kommen wy Jan Hepkes tsjin. Hy sei: "Ik wie krekt by de izeren brêge, doe lei dêr in murd mei sawn jongen." (Der lei snie, dat koe noait yn 'e winter)
nl.verhalenbank.25306
Even bûten Stiensgea oan 'e Oastkant hearden wy as jonges dat se mei planken oan 't smiten wienen, wylst der neat to sjen wie. Letter stie der op dat plak in moaije woaning.
nl.verhalenbank.23852
35