Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: inschakelen Narrator Gender: male
De soldaet fan it Barrahûs. Der wienen in boer en boerinne, dy wennen op it Barrahûs. Op in joun kom dêr in soldaet op in hynder, dy woe graech ynkertiering ha. Hy mocht binnenkomme. It hynder woarde op 'e stâl set. Even letter kom der in frommes by de doar. Dy frege ek of se dêr de nacht bliuwe koe. "Kom der mar yn", sei de boer. It frommes gong ek yn 't...
nl.verhalenbank.22776
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Mij niet bekend wel van gehoord dit gebeurt als er een door een kwade hand is aangeraakt daar is mij wel vaak van verhaald.
nl.verhalenbank.127137
Op 'e lytse Wei is us in âld minske formoarde woarn. Dat wie flak by it húske, dêr't Sterke Hearke yn wenne hat. In arbeider foun har yn 'e nacht dea. (Hy arbeide by de Bosma's, dat wienen greate boeren ûnder Droegeham, dy't èk oan 'e Lytse wei wennen) Hy joech it fuort oan by de plysje. De oare moarns gong hy der hinne om to sjen. Doe stie der in krús op...
nl.verhalenbank.19977
„Een herbergier in het Brabantse Bergeyk, die ook nog het boerenbedrijf uitoefende, had het soms zo druk dat hij, zijn dienstmeisje en knecht het werk alleen niet aankonden: bij zulke gelegenheden ging de man de hulp van de kabouters inroepen, die normaal gesproken niet op zijn hofstede verblijf hielden, maar op de Bergerhei. Ze gaven die hulp zonder...
nl.verhalenbank.48523
Der wenne in man op Burgumerheide, dat wie froeger in feardige arbeider. Deis wied er altyd drok oan 't wurk en jouns skearde er wol om der noch hwat by to fortsjinjen. Mar letter woarde er syklik en kom er hielendan yn elkoar to rinnen. (roungear) Doe gong er nei in kwaksalver ta. Dêr mastere er mei. Dat wie tagelyk in duvelbander. Dy die him in bantsje...
nl.verhalenbank.20339
Sterke Ynse fan Bakkefean mocht graech in sûpke. As er dan wer sin hie oan in slokje dan gong er hinne en helle it ambyld by de smid fan 't blok en dat sette er dan bûten del. De smid koe 't der net wer yn krije. Dan woarde Ynse der by helle en as dy 't dan wer toplak hie traktearre de smid him op in slokje.
nl.verhalenbank.24818
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang! Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my. De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats,...
nl.verhalenbank.19836
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dy wie ek o sa sterk. Hja wenne njonken 'e smid. Op in kear, doe pleage dy smid har. Doe tocht se: "'k Sil dy wol ha." Hja pakte it ambyld en brocht dat achter hûs. De smid mei noch twa oaren prebearren it wer nei de smederij to sjouwen, mar se koenen it mei har trijen net rêdde. Doe sei de smid: "Ik...
nl.verhalenbank.32053
Yn Grins lei in skipper, dêr woarde hyltyd it anker fan oan board smiten. Dan lei it skip wer los. Mar der wie noait ien to sjen dy't it die. Doe hat de skipper de doomny der by helle. Dy hat dêr op it dek bidden en sûnt ha se noait wer lêst hawn.
nl.verhalenbank.22872
Rixt wie in dochter fan Sterke Hearke. Hja wie hast like sterk as har heit. Hja wie tsjinstfaem by minsken, dy wennen tsjin 'e smid oer. Op in moarn doe wienen de smid en syn feint even yn 'e hûs om to kofjedrinken en der wie net ien yn 'e smidte. Doe't it kofjedrinken dien wie kommen se der wer yn en doe stie it aembyld net mear op it blok. It wie...
nl.verhalenbank.25516
Earen wie 't allegear sulverjild. Dat wie swier fansels om to dragen. Omt Hearke sa sterk wie moest dy faek foar banken nei Ljouwert ta mei in protte sulverjild. Dat droech er dan yn in sek op 'e rêch. Yn 'e Burgerheide wie 't doe allegear noch bosk. Doe kom dêr in man út 'e wâl wei, dat wie in rover. Dy hearde it jild rinkeljen yn 'e sek en hy sei tsjin...
nl.verhalenbank.32768
Yn 'e 'Koekoek' (in herberchje to Sumar, dat is der nou nòch) wienen us trije man út 'e Harkema, dy jagen elk der út. Doe rôp de kastlein de plysje der by. Dat wie âlde Saljé. Dy moest komme. Mar Saljé dy doarst net. It wie de dei fan Burgumer merke en dêr wienen dy trije fan 'e Harkema weikom. Doe gong âlde Saljé nei Folkert poatskipper (= v.d. Meer). Hy...
nl.verhalenbank.24520
Yn 'e Westerein wenne in man dy hie in fanke en dat woarde siik. Doe gong er foar har nei greate Wopke fan Kûkherne. "'k Sil jo guod klearmeitsje", sei Wopke. De Westereinder moest troch stikjes lân wer nei hûs ta. Sa wie hy ek yn Kûkherne kom. Wopke sei: "Aenst matte jo by forskillende hekken om in omstap hinne. Tink dan om 'e greate houn dy't by jo...
nl.verhalenbank.20341
35