Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Zandbulten
Harm die noait in slach en hy seach der út as de earmste bidler. Hy kocht in hûs op Hanenburch. Doe moest er nei notaris ta. Notaris tocht: "Harm hat net in dûbeltsje." Hy moest in pear bargen ha. Dat hied er tsjin Harm sein. Harm hie de pong út 'e bûs krige en sein: "Ik ha gjin boarch, mar dit is de boarch." Doe hied er de notaris fuort bitelle.
nl.verhalenbank.23902
Op in joune let hearden wy dúdlik timmerjen yn 'e skoalle. De oare deis sei heit tsjin master Walstra: "Hwat die meester justerjoune sa let noch yn skoalle?" "Ik yn skoalle?" sei meester. "Ik wie net iens thús." "Jo wienen net allinne," sei heit, "der wienen wol in stik of trije, dy't dêr omtimmeren." Letter kom der in nij hûs foar de skoalle to stean en...
nl.verhalenbank.27435
Tink der om, seinen se tsjin 'e bern yn 'e Westerein, as dy jouns let noch bûten wienen, gau yn 'e hûs, oars pakke de loddeaden jim. (op andere plaatsen is het doddeaden)
nl.verhalenbank.24048
Der wie in man dy hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe joegen se him de rie, hy moest moal struije foar 't bêd en op 'e bêdsplanke en op 'e stoel foar 't bêd. Doe't de nachtmerje wer kaem, koe se net fuortkomme. Hwant in nachtmerje kin der net wer út komme as se hwat by har hat út it hûs. En hja hie moal oan har. Doe siet se de oare moarns op 'e stoel. Sa...
nl.verhalenbank.25291
Froeger seagen wy yn Broek faek wylde lantearnen. Sy ha wol by ús oan hûs ta west. "Dêr komt wer in hûs", seinen se dan. Dy wylde lantearnen wienen altyd yn biweging.
nl.verhalenbank.25125
Oan 'e Boppewei yn 'e Westerein, dêr seagen guon ris in ljochtsje. Doe gongen se der op ta, mar doe wie der neat to sjen. Letter kom dêr op datselde plak in stjelpke to stean en dat stiet der nou noch.
nl.verhalenbank.24039
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten, dat se mei har eigen bloed ûndertekenje. Wolle jo der by wei, dan matte jo wer jou eigen hantekening mei bloed sette, mar binne jo der út, dan binne jo ek dea. Bihalve as jo se forifelje en jo sette de hantekening mei it bloed fan in geit of sa. As jo jou namme set ha, matte jo der achterstofoar út gean....
nl.verhalenbank.24829
Pake en beppe hienen it tige krap. Op in sneon-to-joun hie beppe oars net mear yn 'e hûs as in dûbeltsje en in heale sint. De sneintomoarns gong se mei 't knipke nei tsjerke. Sy soe de heale sint yn 't tsjerkeponkje smite hwant foar it dûbeltsje moesten se brant keapje. Sy hienen net in turf mear yn 'e hûs. Mar doe die beppe by forsin it dûbeltsje yn 'e...
nl.verhalenbank.23894
By 't spoar yn 'e Westerein seagen se ris in wylde lantearne. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. Dat hûs stiet der nou noch.
nl.verhalenbank.24040
Achter Ljouwert stie in plaets, dy wie tige min. Der roan in mantsje, dy syn plaets wie dat. Hy soe nei hûs ta, hwant de wyn kom opsetten en hy siet bot yn noed oer de pleats. As it in stoarm wurde soe koe it dak it net mear hâlde. En hy hie gjin jild om in nije pleats bouwe to litten. Underweis kom der in keardel njonken him. "Hwerom sjogge jim sa bang?"...
nl.verhalenbank.23897
Wy wennen tichte by 't spoar. Op in kear seach in buorman fan ús, dat dêr in hûs opbrânde. Mar doe't hy der nei ta gong om to sjen wie 't sa net. Twa jier letter is datselde hûs opbrând.
nl.verhalenbank.24041
Nachtmerjes binne froulju. Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje. In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange. Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje. De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045
35