Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jierren lyn is der to Frjentsjer in moard gebeurd.
Yn it hûs, dêr't it gebeurde, sitte de bloedplakken noch op 'e muorre. Se hawwe wol stikken út dy muorre weibrutsen, mar it bloed kaem like goed wer yn 'e nije stikken. Dat wie net wer út dy muorre wei to krijen.
nl.verhalenbank.38305
Alde Liuwe Kûper wie in fremd persoan. Dy hie hwat fan 'e kweade oer him. Op in kear lei er op bêd, doe wie 't krekt in lyk. Hy wenne yn in arbeidershûs, dêr hienen se froeger groppegatten yn. Doe wie der in stik fjûr troch dat groppegat gong. Dat wie op âlde Liuwe yngong en doe waerd er wer libben.
Alde Liuwe Kûper wenne op Burgumerheide. Guon woenen him...
nl.verhalenbank.19644
Yn Kûkherne stiet in pleats, dy neame se it Spoekhûs. Dêr mat it yn earder tiden yn spûke ha.
nl.verhalenbank.19645
Dêr't nou it swimbad is fan 'e Westerein, dêr wenne froeger in âld minske yn in lyts hûske. Dat minske wie in tsjoenster.
As jonge fan acht jier moest ik it melken leare by de boer, dy wenne dêr net fier ôf.
By de boer wienen se deabinaud foar dat âldminske. Hja hienen in greate klobbe duveldrek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken, en se woenen har...
nl.verhalenbank.38299
Wy sieten ris meielkoar yn 't âlde sûkerijfabryk; Jehannes wie der ek by.
Doe rôp Iebel - dat wie Klaes syn mem - : "Ite!"
Se seinen tsjin Klaes: "Nei hûs ta jong, dû mast ite."
Doe't Klaes thúskom, sei Iebel: "Wy hoeve noch lang net to iten." Doe hie Jehannes wer oan 't bûksprekken west.
nl.verhalenbank.37958
In nachtmerje is in frommeske, dat altyd by in oar yn 'e hûs komme kin. Faek komt se troch 't kaeisgat. Se komt ek by de hynders. Dan binne de minsken der mei forlegen, sa geane se dan oan.
nl.verhalenbank.38063
Op 'e Wâl stie in hûs, dêr spoeke it yn. It gong der altyd heislik oan wei yn dat hûs. Sa fleach der op in kear in stik fjûr dwars troch 't hûs hinne. As de man deis fuort wie, doarst it minske der net allinne mei de bern yn to wêzen. Dan gong se der mei de bern út, sa bang wie se.
Op 'e souder stie in kachel, dy soenen se dêr us wei helje. Mar doe't se...
nl.verhalenbank.19633
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe krige Hearke de ploege beet en tilde him op mei syn iene hân. Doe sei er: "Dêr wenje ik." Doe stiik er him rjocht op syn hûs oan. Doe wist dy man wol hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.38038
Hjir op 'e Wâl wenne in húshâlding, dat wie hwat rûch folk. 't Gong der yn 'e hûs by harren wolris mâl oan wei. Op in kear, doe't it hwat ekstra mâl wie, kom der by harren in greate swarte houn oer de ûnderdoar springen, dy kom by harren, en dy gong ek wer fuort. Doe ha se raer sjoen, hwant dat wie hwat fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.19632
Hjir op 'e Wâl op 'e hoek stiet in hûs, dêr gong de doar altyd fansels fan iepen, waerd der altyd sein. Dêr hat in sekere Durk yn wenne, dy hie him dêr ophong. As de doar dan wer iepen gong, seinen se: "Dû mast dêr bliuwe, Durk." Dan woe syn geest der yn.
Dy wie dan wer warber.
nl.verhalenbank.37906
Hjir oer de feart stiet in húske, dat is in echt spûkhúske. Dêr gong it altyd bot op in spûkjen. It gong dêr altyd op in klopjen. De bâelders rûgelen op 'e souder om.
De minsken dy't dêr wennen woarden op 't lêst deabinaud.
nl.verhalenbank.38200
Us mem fortelde, dat in broer fan heit - dat wie Albert, in omke fan my, soe nei 't Godloas Tolhûs ta to praten. Doe't er wer nei hûs ta soe, is er fordronken.
Us heit wie dy nachts tige ûnrêstich, hy hie lûd gûld. 't Wie allegearre wetter, dat er seach.
De oare deis brochten se heit syn broer as fordronkene thús.
nl.verhalenbank.38175
It is hjir op 'e Wâl gebeurd, dat it der op in joun yn in lyts húske sa bot oan wei gong, dat de skeurkalenderbledtsjes fleagen om 'e lampe hinne. En dochs wie der neat to rêdden. In frou hie it sjoen.
Ridlik gau dêrnei forstoar der ien yn dat húske en doe gong 't op in erven en partsjen. Doe woarden se sa fjûrslach deielsk, dat de pompierren fleagen de...
nl.verhalenbank.38217
Frijmetselers meitsje har hûs noait ôf. Dêr timmerje se altyd yn om. Se jowe twa fingers ynpleats fan 'e hiele hân, as se mei ien fûstkje.
nl.verhalenbank.37896
Tsjoensters foroarje har yn katten.
Hjir stiet in hûs, dêr siet ris op in joun in fremde kat yn 't finsterbank bûten to harkjen hwat der bipraet woarde.
As se him fuortjagen, kom er wer. Doe ha se him in opstopper jown. De oare moarns wie hjir op 'e Wâl in âld minske kreupel.
nl.verhalenbank.38227
Jouns wurke it jongfolk yn 'e fabryk. Myn man ek. Dy hyt fan Klaes. Jehannes Meerstra wie der ek. Op in joun woarde der fan fierrens roppen: "Klaes, ite!" Myn man sette hastich op hûs ta, mar 't iten wie noch net ré. Net ien fan uzes hie him roppen. Dat wie it wurk ek fan Jehannes.
nl.verhalenbank.19639
As der sawn famkes yn in gesin binne, dy't elkoar opfolgje, sûnder dat der in jonge tusken is, is ien fan dy famkes in nachtmerje.
In nachtmerje kin altyd yn 'e hûs komme, se kin troch alle gatsjes. Sa komt se by de minsken op bêd. Dy kinne har dan net forroere. Se wolle roppe, mar se kinne net. Dan hat de nachtmerje har yn 'e macht.
Men docht de toffels...
nl.verhalenbank.37881
Duveldrek ha wy altyd wol yn 'e hûs. Se dienen it froeger ûnder 'e drompels. Dat wie om de tsjoensters to kearen. Ek dienen se 't wol yn 't waeifet foar de keallen.
nl.verhalenbank.38190
Klaes Hoekstra wenne njonken Jehannes tsyske; dy wie deabinaud foar him. De baelders rottelen by Klaes troch 't hûs hinne. Dat wie 't wurk fan Jehannes.
nl.verhalenbank.38221
Op in nacht, doe't ik op bêd lei seach ik allegear hege huzen.
De oare deis krige myn broer in ûngelok en moest nei 't sikenhûs ta yn 'e stêd.
As jo yn in droom hege huzen sjogge, mat der altyd ien út 'e húshâlding nei 't sikenhûs ta.
nl.verhalenbank.38195