Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Noardburgum
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen, doe kaem der in man by him op it lân. "Hwer ergens wennet hjir Sterke Hearke?" frege er. Hearke tilde de ploech mei ien hân op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36510
Der wie in faem, dy tsjinne by in hear en in frou. 't Wie ien dy't net botte gau binaud wie. Op in kear wienen de hear en syn frou útfanhûs. Doe wie dy faem allinnich thús. De nachts slûpten der trije rovers ta 't hûs yn, dy't alle kostberheden lyk as goud en sulver ensa pakten en dat yn sekken oerdienen. Sy seinen tsjin 'e faem, sy moesten in eintsje...
nl.verhalenbank.17618
Der ha hjir lju wenne dy binne nei de Westerein forhuze. Dy lju har heit hie gauris lêst fan in nachtmerje. Hy prebearre altyd har to fangen, mar dat koed er noait oprêdde. Mar op in nacht, doe krige er har by 't hier. "En nou silst sizze hwa'st biste, oars stjerst hjir fuort!" sei er. Doe fortelde se, hwa't se wie; hja wenne dêr mar in pear huzen ôf....
nl.verhalenbank.17626
Hjir tichteby wenne in húshâlding fan fjouwer minsken, dy soenen mei maeije nei de strjitwei forhúzje. Doe kom Jehannes op in kear by har en sei: "Jimme geane dêr net mei jim fjouweren hinne, mar mei jim trijen." Sa is 't ek gebeurd. De man stoar noch yn 't âlde hûs. Jehannes hie dat fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.17617
By in boer wie in hiel lulke hiemhoun. Jehannes Tsyske kom dêr en sei tsjin 'e boer: "Hwat kin ik fortsjinje? Dan nim ik de houn mei oan hûs ta." Sy woarden it oer it bidrach iens. De houn, dêr't elkenien stjerrend binaud foar wie, roan as in hountje achter Jehannes oan oan dy syn hûs ta.
nl.verhalenbank.17606
Der kom us ien fan Feanwâldstermerke, dat wie in greate opskepper en dy hie in moai stik yn 'e kraech. Dy woarde ûnderweis nei hûs ta fan 'e iene sleat yn 'e oare smiten.
nl.verhalenbank.16782
Der wie in man, dy gong jouns faek nei lju ta to praten. Hy hie altyd in stok yn 'e hân. Meastal gong er let wer nei hûs ta. Doe fregen se him us in kear: "Binne jo net bang, altyd sa let op in paed en dan allinne?" Mar hy drige mei de fûst. "Dy't my tonei komt, dy sil 'k sa en sa", swetste er. En it iene flokwurd folge it oare. Mar doe't er in stik lân...
nl.verhalenbank.16779
35