Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As der ien op syn stjerbêd leit en de houn gûlt hyltyd, dan rint it mei dyselde hurd ôf.
nl.verhalenbank.17709
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms.
Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne.
Wopke frege of pake wol hurd rinne koe.
"Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan."
Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) kom faek by beppe en dy. Beppe hie dêr in great hekel oan, mar sy doarst der neat fan to sizzen.
Sy hienen doe in poppe. Doe sei er op in kear, hy woe de poppe graech sjen. Doe't dat gebeurde bigong it bern to razen, sadra hy fuort wie.
Sy koenen de poppe noait stil krije. Dy raesde mar troch.
't Wie in susterke fan mem.
Doe...
nl.verhalenbank.33408
"As ik in houn spûkgûlen hear," seit myn wiif, "dan tink ik: - Hwa sil 't nou wêze? -"
nl.verhalenbank.21141
Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust.
Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige...
nl.verhalenbank.22294
Yn it sterfhûs docht men in doek oer de spegel hinne, hwant oars rint de spegel mei triennen. De spegel treurt, moat jy wite, en dan is de spegel wei.
De kouwe mei de fûgel mat út 'e keamer wei, oars gûlt de fûgel him dea.
nl.verhalenbank.12335
As eksters skatterje, komt der bisite. As eksters stil binne by jin hûs, komt der in deaden.
As in houn spoekgûlt komt der ek in sterfgefal.
As de Hamsterklok froeger deadsk lette, kom der ek altyd in sterfgefal.
nl.verhalenbank.16959