Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik wenne yn Twizelerheide. Ik hie dobbele mei dobbelstiennen. 't Wie yn 't holst fan 'e nacht, doe't ik út 'e herberch kom. Ik roan by in graft lâns. Doe woarde ik ynienen samar yn 'e graft set.
It wie de duvel dy't my dat lapte.
nl.verhalenbank.27780
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel.
Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel.
Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
Op in kear sieten der guon by har yn 'e kroech, dy seinen it raer op. Doe't se der út gongen woarde ien fan har samar opnom en fuortsmiten. Hy kom wer oerein. Mar doe woarde er dwars troch 't glês hinne smiten. Hy siet ûnder 't bloed, sa bot wie er skopt en slein woarn. Der hie in fremden west dy hie mei him wraksele. Dat wie de kweade. Dy hie him ek wer...
nl.verhalenbank.33534
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa.
Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
Yn Droegeham sieten us in keppeltsje manlju yn 'e herberch. Dy't it lûdste en it measte sweare doarst, dy soe in flesfol jenever ha. Dat sprutsen se mei elkoar ôf. Sjoerd woan it. Mar hy is letter yn 'e Mieden sa ôftichele woarn, troch in ûnbikenden-ien, dat hy wie alhiel sangene blau. Dat wie de duvel dy't dat die. Sjoerd is noait wer better woarn en hat...
nl.verhalenbank.15508
Der wie in spylman yn Feanwâldsterwâl, raerder hat der noait west. Yn 'e herberch spile er alle flokwurden op 'e harmoanika. Mar doe't er de jouns nei hûs ta soe, woarde er hyltyd troch ien keard. Dat wie de kweade. Hy koe net in kant út. Doe is er werom gong nei de herberch. De kastlein hat him opburgen. (fgl. Bokke de Boer)
nl.verhalenbank.16773
Schoppenboer:
In mijn jeugd werd veel gepraat over een man in Kessel, genaamd “Fengers Hendrik”, die over geheime krachten zou beschikken. Bij het kaarten in de herbergen kon hij o.a. Schoppenboer uitsturen om een fles wijn, die dan prompt op een geheimzinnige wijze ter tafel kwam. Ik heb het van horen vertellen, en weet er niet meer van af.
nl.verhalenbank.69372
Jan van der Schors wie kastlein yn Jistrum. De herberch hiet 'De Linde', der stie in linebeam foar.
Dêr wenne in faem dy hiet fan Hinke. Dy wie tige sterk. Sy tape dêr.
Dêr kommen Westereinders yn 'e herberch. Dy woenen fechtsje. Hinke gong nei de twa ta. Sy krige earst de iene by de nekke, doe de oare en sloech se sa tsjin elkoar oan.
"Jimme woenen...
nl.verhalenbank.24500
Yn 'e buert fan Ljouwert hat in herberch stien, dêr koenen de lju oernachtsje. Doe kom der ris in keardel yn frouljusklean, dat wie de lieder fan in roversbinde.
Mar sy ha him ûntmaskere. Doe't de kastlein de saek net rjocht fortroude, smiet er syn gasten in apel ta. Deselde dy't foar in frommes trochgean moest, sloech de knibbels nei elkoar ta wylst er...
nl.verhalenbank.28716
Yn Tolbert wenne in persoan, dy hiet fan Wykstra. As dy oan 'e buorrel wie, wist er fan gjin ophâlden. Dêryn wied er krekt lyk as ik. Wy sieten wol us togearre yn 'e kroech.
Op in kear trof ik him wer. Ik sei: "Even nei de kroech net?"
Hy sei: "Né, ik drink gjin sterke drank mear. Ik drink allinne mar bier."
Ik sei: "Hoe nou."
Hy sei: "Dat sil 'k dy...
nl.verhalenbank.26061
Sa goed as ik it yn ‘t ûnthâld ha, sil ik de stoarje fen it Drylster tsjerkhôfspoek forhelje, sa ‘t ik it fortellen heard ha.
Om 1830 hinne, wier der om it tsjerkhôf hinne in grêft, sadat it eins in eilântsje wier, en stie it mei de strjitte yn forbining troch in brechje, dat ôfslten wier mei in houten rafterstek.
Nou gou doedestiids it sizzen, dat...
nl.verhalenbank.72430
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk.
In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Yn Nes stie in herberch. Op in joun hâldde in ploechje manlju dêr it avondmael. Bolman, in boer, wie de oanfierder. Doe't er de jouns allinne nei hûs ta soe, siet de duvel him achternei. Hy is dwars troch de grêft hinneflein en sa is er yn 'e hûs kaem.
nl.verhalenbank.27961
Wibe Alma is èk smiten woarn. Doe kom er út 'e kroech wei.
nl.verhalenbank.27791
Hinke hie earder wenne by in kastlein yn Surhústerfean yn 'e herberch, dêr't nou van der Scheer yn wennet. Doe wie dêr in dronken keardel, dy woarde forfelend. Sy sei tsjin Hindrik: "Gean dû dêr by de doar stean." Hja krige dy man by kop en kont en smiet him oer 't folk hinne nei har broer Hindrik ta en dy smiet him op 'e wei.
nl.verhalenbank.24501
Sterke Hearke wie stille plysje. Op in joun wied er by Kromelle, dat wie in lyts herberchje yn 'e buert fan 't Bomkleaster. In pear feinten kommen ynienen op Hearke tasetten en smieten him oer 'e wereld. Hearke dy't dêr net op fordacht wie, klaude wer oerein, mar hy sei neat.
De oare wyks wied er dêr wèr. Doe soenen dy beiden dat wer lappe. Mar nou wie...
nl.verhalenbank.36677
Heksenkringen
In een herberg te Someren zaten een stuk of wat jongelui bijeen en spraken over geesten en spoken. Een van hen stond plotseling op en zei: 'Ik ben van niemand bang, laat komen wie komen wil!'
Het was al ver in de avond, toen de jongen huiswaarts ging. Op weg naar huis kwam hij voorbij een heksenkring. En daar zag de pochende knaap een troep...
nl.verhalenbank.49538
I. De duivel
1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14818
Beppe hie in kroechje yn Kûkherne. Dat wie mar in foech plaggehutte. Dêr kommen de polderjonges, dy oernachten dêr. It gong dan wit hoe faek op in fjochtsjen. Ien kear is dêr ien formoarde woarn ûnder 't fjochtsjen. Dy woarde deastutsen mei in mes. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind. Dat wie altyd sa mei it bloed fan ien dy't formoarde...
nl.verhalenbank.33533
Jan Hepkes fan Surhústerfean ried geregeld nei Ljouwert ta op syn âld fyts. Dan stuts er altyd even op Swarteweisein oan. Hy mocht graech in slokje.
Doe seinen se op in kear op Swarteweisein tsjin him, hy moest in motorfyts oantuge, dan koed er folle hurder.
Doe kocht er it tsjûr fan in motorfyts en dat sette er oan syn fyts.
De freeds ried er wer nei...
nl.verhalenbank.20598