Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
92 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Drachten
Der wenne yn 'e Grinzer Pein in frommes, dat koe tsjoene. Op in kear hie se neat by de jirappels hawn to iten. Mar sy hie noch in dûbeltsje yn 'e hûs. Wylst se de jirappels al op 'e tafel set hie, fleach se gau even nei it doarp (Grinzer Pein) om foar in dûbeltsje bokkens. Doe't se werom kom op 'e biezem wienen de jirappels noch waerm. Sa hurd hie se...
nl.verhalenbank.25158
Doe't ik noch jong wie wenne der yn 'e Boelensleane in tsjoenster, dat wie âlde Jiske Wyts. By heit en dy wie op in nacht ien fan 'e bern hyltyd oan 't gûlen. Heit en mem koenen der net fan sliepe. Heit wist sekuer dat it de skuld wie fan Jiske Wyts. Dat wie in tsjoenster. Heit wie driftich en koart. Sy neamden him Biesterveld. Doe't dat bern hyltyd mar...
nl.verhalenbank.27767
Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen. Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy...
nl.verhalenbank.19700
De bern droegen froeger faek in stikje duveldrek yn in pûdtsje op it boarst fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25562
Hindrik Pikelhearring fan Grinzer Pein koe mear as oaren. Bearn van der Woude sei altyd: hy is fan 'e duvel. It wienen duvelskunsten dy't Hindrik die. "Op in kear kom ik by Hindrik wei", fortelde Bearn. "'t Wie op in joune let en tsjuster. Hindrik liet my ta de doar út. 'Kinst dy allinne wol rêdde?' sei er. 'Jawol', sei 'k. 'Pas mar op', sei er. Doe't ik...
nl.verhalenbank.26057
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
Tsjoensters koenen har yn alle soarten dieren foroarje.
nl.verhalenbank.25563
In tsjoenster kin troch 't goatsgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.25577
Doe't ik 26 jier âld wie, wenne ik yn Nijehove. Doe kaem dêr in skipper út Strobos mei syn skipke. Hy frege twa bruorren Cleveringa of se ek sizze koenen hwer't er molke krije koe. "Dêr by dy plaets wol", seinen se en sy wiisden it plak oan. Dy plaets stiet der noch. De iene fan 'e bruorren Cleveringa sei: "Jo binne âld frijgesel. Dy boer dêr hat in...
nl.verhalenbank.19701
Ik moest jouns noch wol gauris der op út. Op in kear sei Iebeltsje tsjin my: "Jo matte der jouns net tofolle út gean. Ik ha âlde Hanne Akster oer jou heabulten fleanen sjoen, dat pas mar op."
nl.verhalenbank.36906
Rikele Myt fan 'e Skieding gong troch foar in echte tsjoenster. Alde Akke Brouwer wie troud mei bline Bouke. Akke hâldde mar fêst fol dat Myt Bouke bitsjoend hie. Op in kear wie der jongfolk by Myt om 'e doar oan 't hôfkesjongen. Mar doe koenen se noait oer de groppe komme, dat sy kommen net in apel binei. Hja hie popkes op 'e tafel, dêr't se yn...
nl.verhalenbank.28245
As jonge wie 'k ris oan 't sinteklazejeijen. Doe kom ik ek by in tsjoenster. Dy joech my in klap. Ik stapte foarút, mar doe rekke ik mei de foet yn har stikkene jurk en doe lei ik samar op 'e rêch foar har. Dat wie in duvelskunst.
nl.verhalenbank.27764
35