Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan Hepkes koe ûntsettende bêst meane, nei't er sei.
Doe hied er oan 't meanen west yn 't Bil, tusken 't Wytfean en de Rotfalle. Doe kom er by in plakje, doe tocht er: Hwat stiet my dêr in protte gjers. Dêr hat grif fleden jier ien sitten te broekesearen (= zijn behoefte doen; uit de broek, een mij onbekende uitdrukking). Hy soe 't der ôfmeane, mar doe...
nl.verhalenbank.33096
Jan Hepkes wie op syn manier in hiel sterke man.
"Ik ha 't mar leafst yn 'e wyn op 'e fyts," placht er to sizzen, "dan ha 'k hwat stevichheit tsjin 't boarst oan."
Hy koe ek omrake bêst meane, biwearde er. Op in kear, sei er wie 'k ek oan 't meanen, doe tocht ik: ik mat ek ris harje. Ik sykje en sykje om 't harspit. Hwat wie der gebeurd? Ik hie de kop fan...
nl.verhalenbank.21152
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen, doe meande er de kop fan 't harspit ôf.
nl.verhalenbank.26364
Jan Hepkes fan Surhústerfean gong achter Ljouwert to meanen. Doe't it karwei dien wie, harre er syn seine en sette wer ôf nei hûs ta, mar hy forgeat it harspit út 'e groun to heljen. 't Oare jier kom er wèr by dy boer. Hy tocht net mear oan 't âlde harspit. Dat siet noch op 't selde plak.
Hy bigong to meanen. Doe sloech er mei de seine de kop fan it...
nl.verhalenbank.26147
Jan Hepkes fan Surhústerfean fortelde altyd, hy koe omraek meane. En hoe skerp hy de seine net altyd hie!
Op in kear doe wied er op in stik lân oan 't meanen by in boer op 'e klaei. Doe sieten dêr trije harspitten yn 'e groun. Dêr meande Jan ien foar ien samar fan alle trije de koppen ôf.
Sa'n bêste seine hied er, sei er, en sa goed koed er him skerpje!...
nl.verhalenbank.19992
Jan Hepkes gong ris in kear to meanen. Hy gong by de hekke stean en smiet de seine yn 't fjild. Dêr't de seine to lânne kom, dêr bigong er to meanen. Dat wie doe sa de moade.
As er in eintsje keal hie, die er de jas út en sette 't harspit njonken 't swé del.
Doe't er ienkear yn 'e rounte west hie, soed er even harje.
Mar doe koed er it harspit net wer...
nl.verhalenbank.28681
Jan Hepkes koe tige lige. Hy meande ris de kop fan 't harspit ôf, biwearde er.
nl.verhalenbank.23932