Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't Hindrik Holthuis noch feint wie, wie 't in los man.
Op in kear kom er fan 'e Ham. Hy hie in buorrel op en dan stie er nergens foar.
Tseard van Dekken wie doe stille plysje. Tseard en Mekke Anne seinen doe tsjin elkoar: "Wy wolle Hindrik us goed binaud ha."
Sy gongen oer de Skeanpaden fan de Ham nei Hamsherne. Dêr seagen se dat se in wyt lekken...
nl.verhalenbank.21131
Fan in jonge dy't noait bang wie.
Der wenne ergens in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint stie foar neat, hy wie nergens bang foar. De greatfeint en de boer koenen har dat net bigripe. Hja sprutsen togearre ôf, de greatfeint soe in wyt lekken omdwaen en by jountiid op in bartsje stean gean. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om in...
nl.verhalenbank.20825
Hindrik Holthuis en Rindert Alma, doe't dat noch feinten wienen, woenen se de lju ris bang meitsje. Mar sy wisten neat fan elkoar ôf; 't wie allegear tafal.
Hindrik die in lekken om en Rindert die ek in wyt lekken om.
Fan 't Bouwekleaster rint der in paed skean de lânnen troch nei Readskuorre. Dêr wie in houtsje, dêr moesten de minsken oer. Hindrik wie...
nl.verhalenbank.32997
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend.
It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?"
"Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?"
Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
nl.verhalenbank.25794
Griet wie in dochter fan Hearke. Dy wie ek omrake sterk. Op in kear helle se in grap út. By Kees-smid yn 'e Ham stie in aembeeld, dat woech twahûndertfiifentwintich poun. Dat aembeeld sette Griet op 'e wei. Sy sei: "Hwa't dat aembeeld allinne wer op it plak tille kin dêr't it weikomt, dy mei joun mei my út."
Njonken de smit wenne ien dy hiet fan Hubert,...
nl.verhalenbank.23958
Rindert hie forkearing yn Stiensgea. Hindrik Holthuis woe us in grap mei him úthelje. Hy stelde him fordekt op yn in hage mei in ding om him hinne. Sa wachte hy Rindert ôf as dy by de faem weikom. Doe wie 't al ier yn 'e moarn. Mar net sa gau hie Rindert him yn 'e gaten krigen of hy sprong boppe op him en raesde: "Bistû de duvel, dan bin ik dyn moer!"
Dat...
nl.verhalenbank.23954
Bontsje van Dyk wie smid yn de Ham. Dêr wie in rymke fan:
Bontsje van Dyk
is de duvel gelyk.
Der wie eins net ien dy't Bontsje lije mocht. Sterke Hearke hat us in grap mei him úthelle. Hy kom by Bontsje lâns krekt wylst dy yn 'e hûs wie om kofje. Hearke giet stikum de smidte yn en tilt it swiere ambyld der út. Dat set er oan 'e kant fan 'e wei del.
Doe't...
nl.verhalenbank.15885