Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Skoanmem wenne yn 'e Súdwesthoeke by Balk. Hja wie yn har jonge jierren faem by de boer.
Op in kear sieten se yn 'e hûs to kofjedrinken.
"Hark," sei se, "dêr giet de tsjerne."
Hja dêrhinne en doe wie der neat.
Hja sieten wer by de kofje, doe wie dat lûd der opnij.
't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.25222
Ik wenne yn 'e Harkema yn 'e Bosk. Ik lei jouns krekt op bêd, dan bigoun it to terskjen fan jewelste op 'e souder. Ik hie dêr hwat hjouwer. Ik gong der ôf om to sjen, mar der wie neat to rêdden. Ik roan om 't hiele hûs hinne, oeral seach ik: neat to sjen.
't Woarde Maitiid. Ik tocht: ik sil dat stikje hjouwer op 'e souder ôfslaen. Doe't ik dat dien hie,...
nl.verhalenbank.26850
Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend.
Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?"
"Né," sei 'k, "hoedat sa?"
"Es spuckt da in das Haus."
"Ik bin net bang", sei 'k.
Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn...
nl.verhalenbank.24259
Op it Wytfean, oan 'e oare kant de Lange Wyk, dêr wenne in dikke boer, dêr gong it altyd like rûch om en ta.
Op in joun sieten se dêr by elkoar yn 'e hûs, doe kaem dêr in hiel raer lûd út 'e skuorre wei, it wie in bange skreau.
Se waerden der allegearre kjel fan en gongen nei de skuorre ta to sjen. Mar der wie neat foarfallen.
De oare deis kaem der wer...
nl.verhalenbank.37523
To Gerkeskleaster op 't fallaet hearden guon alris sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Doe is der ien oanriden kom op redens en dy is yn in wek riden en fordronken.
nl.verhalenbank.27571
In pear jier foardat de Wide Pet oanmakke woarde, hearden wy nachts altyd de arbeiders dêr oan 't wurk. Wy ha der wol hinne west to sjen, mar der wie net in minske.
Letter, doe't se echt oan 't oanmeitsjen wienen, hearden wy dyselde lûden wer.
nl.verhalenbank.27228
In bulte minsken ha froeger fan tofoaren de trein riden heard, dy't fan Feanwâlden nei Bûtenpost giet.
nl.verhalenbank.19883