Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
28 datasets found
Dutch Keywords: gelijken Narrator Gender: male
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.126985
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme. Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer. Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in...
nl.verhalenbank.24664
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie. Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom? "Ja", seinen de froulju. "Ha jim nergens lêst fan hawn?" "Né." "Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
Moeder zei soms van iemand: " 't Heeft wel een duvel banster."
nl.verhalenbank.43239
In pleachbeest haw ik noait sjoen. Mar ik ha wol fortellen heard, 't wie in dier as in greate houn. 't Siet rûch yn 't hier en wie donker. 't Hie greate, gleone egen en 't snúfde altyd. De minsken joegen him hwat út bangens, dan bleau er by jin. Hy die jin neat. Jy koenen him net fuortjeije, dat joech neat. Hy gong út himsels wer fuort. It dier hie hiele...
nl.verhalenbank.24474
Ik haw ris heard dat de wearwolf der soms útsjocht as in fôlle. Der wie in man, dy hie faek lêst fan sa'n fôlle. Dy kom dan by him, dan moest er dit of dat dwaen. Die er it net, dan wienen him de siken biset. As er it wòl die, dan wie 't goed. Dy fôlle wie in pleach foar him. 't Wie in wearwolf.
nl.verhalenbank.24878
Wanneer er veel mensen tegelijk naar de kerk gingen - in die tijd natuurlijk lopende - dan was dat ook een slecht voorteken. Zo’n lange rij mensen leek immers op een begrafenisstoet, zodat men weer met een sterfgeval rekening hield.
nl.verhalenbank.44142
Yn Garyp wienen froeger wol pleachbeesten. Dy seagen der út as grouwe swarte hounen.
nl.verhalenbank.22985
Pleachbeesten binne dieren as hounen. Se binne rûch. Ik ha wolris ien sjoen oan 'e âlde achterwei yn 'e Falom, dêr't ik oan wenne ha. Dat wie by de earste Breedte. It pleachbeest lei dêr in bulte op 'e berms op 'e hoeke fan 'e wei. In pleats hie dêr it sicht op. It dier die neat. As ik jouns let thúskaem, dan lei er dêr. Hy hie greate bargeearen.
nl.verhalenbank.25185
In pleachbeest, dat sjocht der sahwat út as in swart skiep. 't Is rûch. 't Hat greate earen dy't klappe. Jowt men sa'n pleachbeest in stikje roggebrea, dan giet it fuort
nl.verhalenbank.24834
Yn Oerterp wenne in man, dy sei: "As ik bern krij, dan wurde dat om my apen." Hy krige twa bern. Dy seagen der krektsa út as apen.
nl.verhalenbank.25281
Yn Westergeast kuijere myn skoansuster us mei in kammeraetske oer de bou. Doe kom der ien oan. 't Wie in persoan mei in swart snorke en hy like wol hwat op myn broer dy't overleden wie, sa't se seinen. Hy wie al flak by de beide froulju, en soe om in hekke hinne en doe wie der neat mear to sjen. Hy wie ynienen ûnsichtber.
nl.verhalenbank.20064
Tusken Blauhûs en dy hulzenhage roan froeger in pleachbeest. It like in dikke grouwe houn.
nl.verhalenbank.24228
Dizze minsken hieten fan Boom, omdat it skippers wienen, dy't de boom brûkten. Jantsjen wie in great gewant frommes. Op in kear moest se foar 't gerjocht komme. Doe sei de rjochter tsjin har, doe't se har namme neame moest: "Je ziet er ook net uit als een boom. De takken ontbreken er alleen maar aan."
nl.verhalenbank.32923
In pleachbeest is in dier as in ezel mei greate earen dy't klappe. It is net in lulkaerdich beest.
nl.verhalenbank.20506
Ik wie in jonge fan sa'n fjirtsjin, fyftsjin jier. Ik foer by in ierappelskipper boppe Grins. Wy leveren oan 't fabryk 'de Woudbloem'. Wy farden mei 't skip yn 't Slochterdjip. 't Wie prachtich-moai waer, mar wy hienen yn 'e wyn. Ik moest lûke. De skipper dy trilke. (trilkje = een schuit of praam voortbewegen met een trilker. Een trilker is een...
nl.verhalenbank.24549
Hjir op 'e Lange Loane hâldde froeger in pleachbeest ta. De minsken wienen der bang foar. 't Seach der út as in swarte houn. As men it pleachbeest in stikje roggebrea joech en him dat oer 't linkerskouder hinne tasmiet, die er jin neat. Dan wie 't goed.
nl.verhalenbank.29706
Ien fan 'e soannen fan Durk Jarings hie yn 'e herberch west to Jistrum. Hy soe nei hûs ta. 't Wie let yn 'e joun. Doe seach er dêr tichte by de Spûkloane in wite gestalte, dy't dwars oer de wei hinne sweeft nei de oare kant ta. 't Like de gestalte fan in minske. Hy is werom gien nei Jistrum, hy doarst dêr net lâns.
nl.verhalenbank.31406
Yn Grinzer Pein sei in man tsjin syn buorman: "Sille wy der togearre op út to stropen fannacht?" Dat like de oare goed ta en sy gongen op stap. Doe't se in moai eintsje roan hienen sei de buorman tsjin 'e oare: "Sjoch, hwat ding is dàt dêr?" "Ik sjoch neat", sei de oare. "Mast oer myn linker skouder hinne sjen." "Ja," sei er, "nou sjoch ik it." "Sille wy...
nl.verhalenbank.25275
Myn broer seach ris in ding yn 'e loft dat der útseach as in hiele greate sigaer. Hy tocht: Dat komt tsjin 'e tsjerketoer oan, mar 't wie sa net. Hy siet der sa fol fan, dat hy fortelde 't elkenien. Dat wie de lettere Zeppelin. Dy hie hy al fier fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.32052
35