Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs.
Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja binne foar altyd oan 'e duvel forkocht. Dy krijt letter har siele, as se dea binne. Hja sitte altyd oan 'e duvel fêst. Ienkear frijmetseler, altyd frijmetseler. Hja krije in wikseldaelder fan 'e duvel. Is it sa dat se mear jild brûke matte, dan hingje se jouns in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is dy...
nl.verhalenbank.29724
Dy't in wikseldaelder ha wol, mat hinnegean en fang in roetswarte kat. Hy mei net in inkel wyt hierke oan him ha. Dy kat mat er yn in sek dwaen. Dêr mat er de nachts mei nei 't tsjerkhôf ta. Hy mat trije kear om 't tsjerkhôf hinne stappe en dan mat er elke kear roppe: "Hwa jowt der in daelder foar dizze swarte kat?"
Dan komt der ien - dat is de duvel - en...
nl.verhalenbank.25241
Der wienen guon, dy hienen in wikseldaelder. Sa'n ien hie mei in swarte kat nei 't tsjerkhôf west. Dan frege er hwa't dy kat keapje woe. Dan kom de kweade en dy joech in wikseldaelder yn ruil foar de kat.
Sa'n wikseldaelder moesten se altyd hâlde.
nl.verhalenbank.22248
Frijmitselders binne maten fan 'e duvel. Dy ha altyd wol sinten. Dy krije se fan 'e duvel.
Sy ha in wikseldaelder, dy is in ryksdaelder wurdich. Dy krije se altyd wer yn 'e bûs, ek al jowe se him út. Dy krije se op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.22328
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove."
"Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel.
Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild.
Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
nl.verhalenbank.29481
Guon ha in wikseldaelder fan 'e duvel. Dan ha se noait forlet fan sinten.
nl.verhalenbank.31637
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Syn eigen skoansoan hat wol sein, dat er faek hiel nuver en geheimsinnich die. Dan gong hy der út, in lyts eintsje fan hûs of, dêr knibbele er del en dan bidde er en dan kom er wer mei in knoarre jild thús.
Hy koe elkenien wol jild liene.
nl.verhalenbank.24830
Jehannes Meerstra hie in wikseldaelder.
Kei Bosma hie ek in wikseldaelder, dy hied er fan syn mem krige; dat wie in tsjoenster.
Sa'n wikseldaelder rekken jy noait kwyt. As jy der mar foar soargen en jow him noait hielendal út, as wie 't ek op ien sint nei, dan krigen jy him altyd wer.
nl.verhalenbank.31030
Japik-om handele yn hjidde (dat kaem fan it flaechs). Hy gong der altyd mei Bouke Schievink op út. Bouke Schievink wie in hiele raren-ien. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Op in kear doe wienen se wer togearre om hjidde. 't Wie skimerjoun. Bouke sei tsjin Japik-om: "Sjochst him wol?" De duvel roan njonken Bouke lâns, mar Japik-om seach him net.
De duvel...
nl.verhalenbank.20129
Dy't in wikseldaelder hie koe alles nei him ta helje.
Hy makke oeral slachtoffers, hwant it jild dat er útjown hie kom altyd wer by him en oaren wien it dupe dêr fan.
nl.verhalenbank.32681
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel sluten, dat se mei har eigen bloed ûndertekenje.
Wolle jo der by wei, dan matte jo wer jou eigen hantekening mei bloed sette, mar binne jo der út, dan binne jo ek dea. Bihalve as jo se forifelje en jo sette de hantekening mei it bloed fan in geit of sa. As jo jou namme set ha, matte jo der achterstofoar út gean....
nl.verhalenbank.24829
Dy't in wikseldaelder ha woe, moest trije kear om 't tsjerkhôf hinne rinne mei in swarte kat yn 'e sek. En dan moest er sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
Dan krige er fan de kweade in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.25317
Ik haw in âld frou kend to Ljouwert, dat wie Aukje Procee. Se wenne yn 'e Amelânsstrjitte en hie handel yn fodden. Dat minske wie frijmitseler. Se joech jin noait de hiele hân mei 't fûstkjen. Se seinen dat se in wikseldaelder hie en noait krapte oan jild hie. Om 'e safolle jier moest der ien fan dy frijmitselerploech dea en sa is hja ek in kear oan 'e...
nl.verhalenbank.32127
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Hy koe mear as in oar. Hy hie in wikseldaelder. Foaral it fé bitsjoende er.
De minsken lieten him noait by it fé. Dat wie net fortroud.
nl.verhalenbank.37659
Der wenne hjir yn 'e Westerein in man, dy hie in wikseldaelder, seinen se. Dy moest er fan 'e duvel krigen ha. In wikseldaelder, dat wie jild, dat kaem altyd werom. As jo in goune útjoegen siet er in skoftsje letter wer yn 'e beurs.
nl.verhalenbank.32047
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Om 'e sawn jier mat der ien fan harren dea. Dy wurdt dan formoarde. Der wurdt om lotte, hwa't dat is.
nl.verhalenbank.22692
Edzer Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Dêr hat er de namme sint fan krigen, omt er altyd wol sinten om hannen hie. Deselden dy't in wikseldaelder ha, ha har forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.20046