Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Dy ha noait gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.38477
Myn heite folk wenne yn it hûs 'De zeven provinsjes', it hûs, dat nou de Loadewykstichting is. Dêr wienen froeger sawn keammerkes yn. Ien fan dy keammerkes dêr koe men nachts ûnderdak yn krije. 't Wienen omstippers en swalkersfolk, dat net arbeidzje woe, dat dêr measttiids yn sliepte. Heit wie in great jonge doe, dy koe lêze noch skriuwe.
Op in kear wie...
nl.verhalenbank.16985
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie.
Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom?
"Ja", seinen de froulju.
"Ha jim nergens lêst fan hawn?"
"Né."
"Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
Sjoerde Gees wie in âld minske, dy kom fan 't Wytfean. Letter wenne se yn 'e buorren yn Eastemar tsjin ús oer. Sy fortelde faek. De minsken wienen yn myn jongejierren (om likernôch 1835 hinne) noch tige bigelovich. In fremde kat wie in tsjoenster, in pod ek. Op it Rebyntsjenêst wennen âlde lju, dy hienen 't slim topakken. It jongfolk fangde us in grouwe...
nl.verhalenbank.19726
De duvel kaem wolris op in nacht de minsken oer 't mad.
Se koenen him oan 'e hynstepoat en soms hied er in ketting oan 'e poat. Sa hawwe guon yn 'e Westerein him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.38471
Oan 'e Wâlddyk ûnder Aldwâld is in lyts brechje. Dêr is de duvel ris oerhinne roan. De print fan syn hynstepoat is dêr altyd noch to sjen. Dy brêge neame se de duvelsbrêge.
nl.verhalenbank.38472
Op 'e Wâlddyk by de lytste brêge to Aldwâldumer Aldsyl, dêr wennen froeger jonge bazen, dy stapten yn in pear lange sprongen oer de brêge hinne. Ien fan dy jonges koe de langste stappen meitsje. Dy sei: "Der is net in duvel dy't my dat neidwaen kin, yn sa'n pear stappen der oer."
Doe kom der in wezen, dy stapte fan 'e iene sark op 'e oare sark. Dy die 't...
nl.verhalenbank.27053
Alde Sjoerd Bennema komt út 'e Wâlden. Hy fortelde my ris, hy hie in suster dy hie ergens yn 'e Wâlden as faem tsjinne. Yn dat doarp stie in herberch, dêr hienen de jonge feinten spottende it avondmaal hâlden.
Doe't se krekt bûten kommen hie dêr in wezen west mei hiele gleone egen. Doe wie de iene feint it fjild yn flucht. De oare deis founen se him wer....
nl.verhalenbank.27052
Us Hindrik-om wenne yn 'e Harkema. Hy hie in faem yn Droegeham. Op in snein-to-joun soed er dêr ris wer hinne. Mar hy wie in raren-ien. Hy doarst alles to sizzen. Hy hie fan tofoaren sein: "Nou woe ik wol, dat ik de duvel ris seach."
Doe't er yn 'e nacht wer thúskom smiet er de broek op 'e hjouwerskûne yn 't achterhús. De broek wie hielendal kapot, beide...
nl.verhalenbank.36038
Op in kear kom der ien by de himelpoarte. Petrus, de man fan 'e kaei, seach him us oan en sei: "Dat is ien fan 'e duvel", en hy trape in deurwaarder yn 'e hel.
Tel se mar net, hwant sy komme der allegear.
nl.verhalenbank.21746
Yn 'e Skrâns wenne in postkantoarhâlder. Dy hie ek in winkeltsje yn hillige beeldtsjes. Flakby wie in man oan 't straten. It duorre lang foardat dat karwei dien wie. De postkantoarhâlder krige der in protte sânrommel fan yn syn winkel.
Elke dei frege er de strater: "Hwannear binne jo klear? Ik ha skjin myn nocht."
Op in moarn wied er flak foar de winkel...
nl.verhalenbank.21747
In doomny hie mei in âlderling op bisite west by in boer.
't Wie al let doe't se dêr wer wei gongen. Sy moesten oer in brechje en fan dat brechje wie 't bikend dat it dêr net doogde.
Doe't se omtrint oan it brechje ta wienen, stienen dêr in feint en in faem, dy wienen dêr hwat oan 't praten en frijen.
Doe't dy feint de doomny en de âlderling seach,...
nl.verhalenbank.36036
Op Kollumer Aldsyl dêr is de duvel oer de feart sprong. De fuotleasten fan 'e duvel (printen fan hynstepoaten) stean dêr noch altyd yn 'e groun.
nl.verhalenbank.23089
Bearn Vledder wenne to Eastemar. Hy fortelde ris: By de brêge to Burgum hie 't jongfolk oan 't pols-springen west. De oare moarns wie de duvel dêr ek west. As de brêge iepen stie, sprong hy mei de pols fan 'e iene nei de oare kant. De print fan 'e duvel syn poat stiet oan 'e iene kant yn 'e stien.
nl.verhalenbank.31658
As bargen siik waerden dienen de boeren faek duveldrek yn 'e trôch. Sa wie der yn Ryptsjerkster Nijlân ek in boer dy't dat die, mar dat hie gjin resultaet. Doe gong er hinne en spikere de bibel oan 'e trôch fêst.
"As er foar syn eigen drek gjin ôfkear hat, dan sil er dochs wòl bang wêze foar de bibel", sei de boer.
nl.verhalenbank.31659
Master Buma to Kollum wie in frijmitselder. Hy is alhiel ûnforwacht stoarn. De holle siet him achterstofoar op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid, woarde der sein.
Syn omkesizzer, dy't ek master wie, woe om dy reden net by de frijmitselders omdat er dat gefal fan dy dea fan syn omke net stie.
nl.verhalenbank.20178
Stammerige Harm wenne oan 'e Swâdde. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel krige. Dêrtroch hied er noait forlet fan jild. Hy liende faek jild út. Sels hied er jild op rinte stean. Hy seach der altyd sutrich en ûnhuer út. Hy hie in forboun mei de duvel, dat wisten alle minsken wol. Hy handele hwat yn fodden en âld izer. Se seinen dat er tsjoene...
nl.verhalenbank.36083
It gebeurde ek wol ris dat de duvel ien smiet, as er in rare tael brûkt hie of tofolle drank hawn hie.
nl.verhalenbank.36093
Der waerd ús no forteld:
Op 'e ein fan 'e Wedze wienen in stik of hwat kameraden fan Twizel by elkoar. It wie in rûch folkje en it gong nochal hwat op in flokken en oangean. Doe stie ynienen de kweade njonken harren. Hja woarden deabinaud en slûpten de lânnen oer nei hûs ta. De kweade hat har oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.20180