Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
48 datasets found
Dutch Keywords: drank Place of Narration: Harkema
Alde Knjillis Sytske har mem Tryntsje hie nei Jan Goaitsens ta west om molke. Doe't se oan 't âld tsjerkhôf ta wie, woarde se samar ynienen yn 'e sleat set. Alle molke wie fuort. Der mat in lykstaesje west ha, dy't se net sjen koe.
nl.verhalenbank.15903
Mei skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.29368
Fan heit en dy ha 'k wol heard, dat der wienen froeger wol minsken dy lieten in spylkaert út gean. Dy moest in flesse drank ophelje. Mar o wé, sei heit, as se dy flesse mei drank net oankrigen, dan kommen se der net levend foarwei.
nl.verhalenbank.15874
Sa is âlde Wibe Alma ek ris smiten woarn; dat gebeurde by de Langewyk, doe kom er út 'e kroech.
nl.verhalenbank.28505
Troch Skoppenboer fuort to stjûren koe men in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.22203
In susterke fan my rekke net goed. Sy woarde al minder en minder. Op 't lêst wienen har lippen al hielendal blau en wy moesten se hyltyd wiet meitsje. It wie neat mear. Doe sei Aukmoai op in kear: "Sille wy us foar har nei Rottefalle nei ús Hinke-moai." (Dat wie Frânse Hinke, de duvelbanster) Doe dêr hinne. Hinke sei, it bern wie bitsjoend. Se joech mem...
nl.verhalenbank.21646
Wol men in flesse drank ha, dan mat men de flesse om 't hoekje fan 'e doar sette mei skop-penboer der by. Deselde dy't him dêr delset mei de flesse letter net oankrije. Is der net ien dy't de flesse oankrijt, dan giet dyselde dea, dy't de flesse der delset hat. De flesse komt binnens-weven. Op in kear doarst net ien de flesse oan to nimmen. Deselde dy't...
nl.verhalenbank.17445
Us heit hie us in kear nei Kromelle west yn 'e Hamster Pein. Dêr hied er in pear buorrels dronken. Hy roan de skeanpaden del, doe kom der him in hountsje op 'e side, dat mei gjin mooglikheit by him wei to krijen wie. 't Wie in pleachbeest. Heit is fan binaudens in hûske yn gien, dêr't er dy nachts bleaun is.
nl.verhalenbank.21322
Jehanne, de frou fan Japik Nauta hjiroer, rekke siik. Sy masteren mei greate Wopke fan Kûkherne. Japik gong ris op in kear nei Wopke ta om drank to heljen. Hy wie to foet. Wopke joech him in drankje foar Jehanne mei. Mar hy sei: Pas goed op, hwant jo krije lêst ûnderweis. Jo matte de drank goed opbergje. Doch it ûnder 'e jas. Der meije foaral gjin...
nl.verhalenbank.15905
Krekt sa'n gefal gebeurde der ek op 'e Lange Wyk. In man kom út 'e kroech. Hy hie in stik yn 'e kraech en sei it raer op. In hiel lyts mantsje nom him op en smiet him yn 'e Lange Wyk. Oan 'e oare kant de feart is er by de wâl opklaud.
nl.verhalenbank.21257
Reid Keuning koe ek samar in flesse drank komme litte mei bihelp fan skoppenboer.
nl.verhalenbank.25153
Greate Egbert hat in broer hawn, dy woarde siik. Sy masteren mei dokter Keizer fan 't Surhústerfean. De jonge woarde net better, hy woarde earder minder. Doe tochten se: hy sil wol bitsjoend wêze. Dat doe soe Egbert mar nei greate Wopke ta. Egbert kom de moarns bitiid al út bêd. Hy soe him oanklaeije, mar hy koe noait lúsjefers fine. En doe't er guon hie...
nl.verhalenbank.28503
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier. Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op. Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Alde Piters Antsje wie de beppe fan myn man. Dat wie in tsjoenster. Gradus en Wyts (dat wienen myn man syn âlden) soenen nei 't boulân ta. Doe bea âlde Antsje har oan, sy soe salang wol op lytse Antsje passe. Dat wie dus har bernsbern en namgenoat. 't Wie in suster fan myn man. It bern wie siik en skoanmem sei: "Jo matte der al even om tinke, dat it bern...
nl.verhalenbank.20703
Der sieten in stik of hwat mannen byelkoar to kaertspyljen. Dy woenen in flesse drank ha. Sy bounen skoppenboer oan in lege flesse en doe wie der ien ûnder harren dy stjûrde dy flesse fuort. Even letter kaem de folle flesse werom. Dy sweefde boven yn 'e keamer om. Dy't him fuortstjûrd hie mocht him net oankrije. Mar net ien fan 'e oaren doarst de flesse...
nl.verhalenbank.17554
Der wie in minske dat wie altyd siik. De man gong nei Wopke ta mei it wetter. "Ja," sei Wopke, "dyn wiif leit ûnder 'e lege weech. Dêr komt altyd in pleachbeest by har. Dy docht it. It is in dikke kat." Wopke joech de man in drankje mei, mar hy moest oan ien stik wei trochrinne nei hûs ta. Mar dat die dy man net. Hy stuts ûnderweis yn 'e herberch oan en...
nl.verhalenbank.12371
Doe't Hearke foar 't earst ûnder tsjinst wie wied er rekrút. Hy kom noait in kear yn 't café en doe woenen de jonge soldaten him us in kear mei ha. Sy tochten: wy kinne wol hwat mei him úthelje. Hearke bistelde in buorrel. Mar se hienen de romer fuort foar him weislein. Doe bistelde Hearke in dûbelden. Mar dy woarde der ek wer foar wei flikt. Doe bistelde...
nl.verhalenbank.25913
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Doe't ik ûnder tsjinst wie, lieten se dêr wolris in flesse drank komme. Se stjûrden skoppenboer fuort en it earste stealtsje drank út 'e flesse lieten se der út rinne.
nl.verhalenbank.27296
35