Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
G.E.: Dee hadn der es moal loopn tusken Mös-Gerrad en Stej-Greads en ik wet nich, of ze noa Hobbelt hebt ze löaw’k weelt, noa Hobbelt hen kaartn
E.M.: Dien vader hef löaw’k noa Hobbelt goan noa Jannöakn.
G.M.: Doar hebt ze hen weelt.
E.M.: Zövnteen joar löaw’k.
G.M.: Joa dat is eerlik woar, dat hef he zölf a moal vertöln en doe hebt ze doar loopn, wes wa,...
nl.verhalenbank.128545
Hjir dwarsoer hat in hutte stien, dat wie net mear as in foech keet. Dêr wenne in âld minske yn. Dat âld-minske kom to forstjerren. Dêr koe net in wein op 't hiem komme, hwant der roan allinne mar in smel fuotpaedtsje nei de dwarsreed ta. Doe moest de kiste fan 'e hoeke nei dy keet ta droegen wurde.
Us buorman passearde de jouns fan tofoaren, doe wie 't...
nl.verhalenbank.34517
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Op it Fliet yn Ljouwert wenne earen in âlde boer mei dy syn frou. Myn wiif hat dêr arbeidster west.
Op in kear fortelde dy frou har: Je ha soms nuvere dingen.
Doe't ik noch faem wie wie 'k ris in kear mei myn kammeraetske by Lammert de Jong yn 'e herberch. Dêr wie doe in swarte spegel. Doe seinen se tsjin my: "As jo yn dy spegel sjogge, dan wurde jo de...
nl.verhalenbank.28472
Us heit wie timmerman. Wy sliepten as jonges achter, ús heit fóár. Soms hearden wy yn 'e nacht, dat der by ús in deakiste timmere waerd. Dan kom der de oare deis ien dy't in deakiste bistelde. It nuvere wie dat heit sels soks noait hearde.
nl.verhalenbank.24314
Op 'e Burgumermerke stie froeger wol gauris in tinte mei in swarte spegel. It jongfolk makke der in bulte gebrûk fan. Sy koenen dêr de frou sjen, dêr't se letter mei trouwe soenen. Mar sy seagen ek wol us in deakiste. Dêrtroch wienen der èk in bulte dy't der nèt yn kommen.
nl.verhalenbank.22771
Forskeidene fan 'e Harkema ha yn 'e swarte spegel sjoen.
Mar dêr haw ik my noait mei bimuoid. Sy krigen dan har wiif to sjen. Of sy seagen in deakiste; dan bleauwen se âld-feint.
nl.verhalenbank.25750
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje.
It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
Op 'e merk yn Ljouwert hienen se soms in swarte spegel. Twa feinten út Burgumerheide gongen dêr ris hinne. Hja seagen beide yn 'e spegel. Doe seach de iene syn faem en de oare seach in deakiste. De iene is mei dy faem troud, de oare troude net, mar stoar.
nl.verhalenbank.36506
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht krijt syn takomstich wiif to sjen. Trout er net, dan sjocht er in deakiste.
nl.verhalenbank.28063
Op 'e merke op 'e Like stie froeger in tintsje, dêr siet in swarte spegel yn. De faem dy't dêr yn seach koe har takomstige man sjen. En omgekeard seach de feint syn takomstich wiif.
As jo net trouden krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.25235
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel.
Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarden de nuddels dêr't it hinnekleed mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien.
As de naeister de tried ôfbiten hie, dêr't se 't hinnekleed mei naeide, dan foelen har alle tosken út.
nl.verhalenbank.19484
Yn 'e lêste oarloch wenne ik noch op it Kattegat, op 't Wytfean, flak by de Leijen. Dêr wienen doe ûnderdûkers, dêr't ik faek mei praette. Twa rijnaken leinen der, en de lju, dy't dêr yn wennen krigen altyd molke fan my. De skipper fan ien fan dy beide rijnaken kaem ris by my op in joun, doe sei er tsjin my: "Sil ik jo ris hwat bûtengewoans fortelle?
't...
nl.verhalenbank.29579
Frijmitselers binne kûgelfrij. Ien dy't hwat oars wie as oars, dy't mei de boaze hwat út to stean hie, dat wie in frijmitseler. Dy't ien kear frijmitseler is mat it altyd bliuwe. Hwant as jy it wurde matte jo in kontrakt tekenje mei eigen bloed. Dy't der by wei wol wurdt deamakke.
Sy matte in skoft yn har eigen kiste lizze.
nl.verhalenbank.25814
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne.
Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die.
Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Yn 'e oarloch fan '14 op '18 wie in soldaet op reis nei hûs ta mei forlof. Hy wenne yn Kollum.
Doe seach er ûnderweis it kistje fan syn eigen bern. In dei of hwat letter kom it bern to forstjerren.
nl.verhalenbank.15733
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
It gebeurde yn 'e moblisaesje fan 14 op 18. Op in joun kaem ik thús fan 'e tsjinst. Moeke fortelde, hja hie hwat sjoen yn 'e nacht. Der hie in man yn in hûs west en moeke hie oan 't hollenein fan in deaden sitten. Sy hie net sjen kind hwa't dy deade wie en dy fremde man hie se ek net kend. Doe hie dy man tsjin moeke sein: "Jo matte dêr even wei gean, ik...
nl.verhalenbank.29381