Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: doodshemd Narrator Gender: male
Bij Voorneman of Voornderman in Epse bij Deventer moet het volgende gebeurd zijn. De knecht, bijgenaamd de Prikke, zag elken avond bij de pomp, die vóór het huis stond en waar een doornen- of beukenheg naast was, achter die heg een witte gedaante. De eerste avonden zeide hij niets, doch toen dit nog eens gebeurde, riep hij de andere huisgenooten en wees...
nl.verhalenbank.39609
As ien stoar en men joech in deade net mei, dêr't er rjocht op hie, lyk as in festje of in himd of sa, dan krige dy deade gjin rêst. Dan kom er wer en spokke.
nl.verhalenbank.23708
Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe. Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre...
nl.verhalenbank.19626
Wy leinen us mei 't skip yn Kollum mei pulp. Koarte tiid tofoaren hie de ferver fan Stiensgea, Japik Groenland, ús skip fan binnen opferve. Mar doe't wy dan in skoftsje letter yn Kollum leinen, seach myn wiif Japik Groenland op in nacht yn 'e kiste lizzen. Hy hie in great wyt ding oan. 't Wie yn 1933. Yn dy selde nacht wie Japik Groenland yn Stiensgea...
nl.verhalenbank.23750
Joeke Spoekgûler wenne to Drachten op 'e Dwarsfeart. Dy seach oerdei de spoeken foarút. Dan warskôge er de minsken dat se op dy en dy ûre net midden op 'e wei rinne moesten. Hy seach lykstaesjes. Hy seach ek neakene minsken. Dat wienen guon dy't gjin deaklean oan krigen hienen.
nl.verhalenbank.33219
It gebeurde hjir wol dat der nachts lytse neakene berntsjes op 't finster kloppen. Dy hienen gjin rêst, hwant sy hienen gjin bierguod meikrigen.
nl.verhalenbank.20517
Te Oosthem in de provincie Groningen aan 't Reitdiep stond een café. Ik ben der wel eens met vader heen weest. We moesten over het kerkhof. Daar liep een loop-pad overheen. Vader kocht een borreltje. Ik kreeg kwast, ik was nog maar een jongen. Op een keer zaten er twee vrouwen - de vrouw van de kastelein en nog een andere - achter 't café. Er werd die...
nl.verhalenbank.24205
As der ien op 'e Sumarreheide stoar, dienen de biklaeijers him in deadshimd oan, tominsten as dat der wie. Oars krige er in lekken om, dat se sels hienen. It wie dan meastal in ôflizzerslekken. Wie it to lang, dan woarde it skuord. Noait knipt, hwant dan koenen se neat mear mei de skjirre. Der moest net mei de tosken oan skuord wurde, oars foelen dy út....
nl.verhalenbank.21787
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang! Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
It deadshimd dat de deade oankrige, moest yn 'e es wêze. Paste it net to goed, dan kom de deade werom. Dan hie er gjin rêst yn 't grêf.
nl.verhalenbank.29675
Myn beppe gong der wol op út to ôflizzen. Sy wie us in kear mei in deadshimd oan 't naeijen. Doe biet se mei har tosken de tried ôf. De tosken bigongen fuort to rotsjen. Dat kom trochdat it in deadshimd wie. Alles hwat mei de dea yn oanraking komt dat forgiet, dat is forgonkelik. As men in spiker út in deakiste tsjin in toske hâldt, dan giet dy tosk fuort.
nl.verhalenbank.17406
Wie der ien stoarn, dan woardde de nuddel en tried, dêr't it deadshimd mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien. De tried mocht net ôfbiten wurde, oars foelen de tosken út.
nl.verhalenbank.33798
Op 'e hoek fan Feanwâldsterwâl hat in man wenne, dy wie stoarn en dy wie nei 't hôf ta brocht sûnder dat er in himd meikrige hie. Sibbele-om wie 't. Dy krige doe gjin rêst. Hy gong nei 't hûs ta dêr't er ta'n útdroegen wie en der oppenearre hy him in kear of hwat. Doe ha se in himd foar Sibbele-om meitsje litten en dat ha se nei 't tsjerkhôf ta brocht en...
nl.verhalenbank.37892
Us mem is yn 'e Harkema great brocht. Hja fortelde der wenne yn 'e Harkema in âld frou, dy siet altyd to spinnen. Froeger wie it de gewoante, as de lju in himd hienen dat net al to bêst mear wie dan brûkten se dat as deadshimd. It wie doe in earmoedige tiid. Doe't dat âld minske kom to forstjerren, dat altyd siet to spinnen, dienen se har in himd oan,...
nl.verhalenbank.24178
Us mem hie it linnen foar har deakleed wol fjirtich jier foar har dea yn 'e kast lizzen. It mocht persé net knipt wurde, it moest skuord wurde en dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.34484
35