Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer.
Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Doe't Kristus stoar, wie alles stil en yn 'e rêst.
Mar de swel fleach ôf en oan.
Sa komt it dat de swellen nòch altyd almar hinne en wer fleane en gjin rêst krije kinne.
Dat is har straf.
nl.verhalenbank.20213
By Waterloo ha se tige fochten. Dêr is in slach levere. In soad soldaten binne dêr sneuvele. It wie dêr allegearre bloed op it fjild.
Letter ha se op dat slachfjild beantsjes forboud.
Mar doe't se se út 'e pûlen hellen, sieten der op dy beantsjes allegear it beeld fan in soldaetsje. Dat wie fan 'e soldaten, dy't dêr sneuvele wienen.
Sokke beantsjes hat...
nl.verhalenbank.20207
Der wie in man dy woe wite of it koe, dat wetter yn wyn foroare woarde. Hy hie wetter foar him stean. It wie krysttiid. To middernacht, om tolve ûre krige er antwurd:
Heden is het water wijn,
maar nu neemt het leven een eind.
Doe't se by him kommen wie de man overleden.
nl.verhalenbank.11546
Achter Goaijengeahuzen wie ús heit yn 'e ûngetiid, mei noch inkelde oaren. Ynienen hearde hy in freeslik gejammer fan in bern. Mar der wie neat to sjen. Krekt in jier letter yn 'e simmer waerd it slim swier waer. Doe hearde heit wer itselde gejammer. It kaem út in tinte wei, dêr tichteby. Dêr jammere in jonkje yn. Syn heit wie troch de wearljocht rekke en...
nl.verhalenbank.11535
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel."
Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814
Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan.
Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje.
Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen...
nl.verhalenbank.12203
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
nl.verhalenbank.11523
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr...
nl.verhalenbank.12204
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert.
Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
Om 'e sawn jier wurdt der ien de nekke omdraeid.
Der sitte gjin glêzen yn 'e gebouwen, dêr't se yn byelkoar komme.
Der wie ris in byienkomst fan frijmitselders yn Ljouwert. Dêr wie in net-frijmitselder stil by ynslûpt. Hy stie achter in gerdyn. Hy woe wite hwat der gebeure soe.
Doe sei ynienen ien út it selskip: "Der binne in pear egen to folle. Fuort...
nl.verhalenbank.11491
Der dounsen foarhinne ek wol neakene berntsjes om 'e skuorrestilen hinne, dy't in bigearte hienen.
nl.verhalenbank.11487
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.
nl.verhalenbank.11486
As der ien stoarn is en it lyk stiet in snein oer, dan is der gau wer in deade.
nl.verhalenbank.11519
Yn 't westen fan Aldegea, yn Opperbuorren, wenne in minske, dat hie har lytse bern forlern. Dy lytse bern waerden yn 'e tún bidobbe. Letter spoeken dy bern dêr om.
nl.verhalenbank.11525
Yn 'e feart, tichte by de Nyegeaster tsjerke hat ús mem ris sjoen dat dêr in manspersoan fordrinke moast. Hy hie in horloazje mei keatling op 't boarst.
nl.verhalenbank.11500
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe.
De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús.
Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte.
Nou, dat koe wol.
Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Ik en myn dochter dy't op 'e Tike wennet stienen ris by ús yn 't bûthús. Doe seagen wy ynienen allebeide ien fan 'e stâllen leech, dêr't oars in grouwe koe stie. It ketting en 't lear leinen der allinne mar.
Wy wisten net hwat wy seagen. Mar fuort dêrnei stie de koe der wer en wie alles wer as tofoaren. Mar in jier letter kaem dy koe to forstjerren. Der...
nl.verhalenbank.11501
In man op 'e dy Tike sei: "It kin my neat skele hoe't se my fuorttôgje. Op 'e kroade of op 'e hounekarre of op 'e wein, ik bin dochs dea en fornim der neat fan."
Hy stoar achter op it boulân. Dêr wie gjin paed. Earst kaem er op 'e kroade. Mar doe kamen se op in âld reedtsje. Mei de kroade gong to stadich, dat doe setten se it lyk op in hounekarre. Doe't...
nl.verhalenbank.11503
Der wie ris in frou, dy har man wie frijmitselder. Sy woe har man dêr by wei ha. Dêrom gong se nei it gebou ta. Hja waerd der ynlitten en roan in gong troch en kaem yn in keammerke. Dêr die hja to witen hwat har bigear wie. Doe blyndoeken se har en dêrnei brochten se har fierder it gebou yn. Sy mocht neat sjen. Sy wist net, hwer't se lâns gong, mar sy hie...
nl.verhalenbank.11488