Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Marum
As in houn spûkgûlde wie der binnen sa'n tiid in deaden.
nl.verhalenbank.38675
Dy't mei de helm geboaren is sjocht bigraffenissen foarút. Sokken matte út bêd wei om se to sjen. Likele Kuipers wie ek sa'n man. Dy wist fan tofoaren as der ien stoar, seinen se. Hy wenne to Grinzer Pein oan 'e Skieding.
nl.verhalenbank.27351
Sjocht men in lykstaesje foar middernacht, dan komt der gau in deaden. Sjocht men it nei middernacht, dan kin 't noch in hiel set duorje. Sa is 't ek mei wylde lantearnen en ek mei timmerjen ensa.
nl.verhalenbank.27354
Yn 'e Boelensloane yn 'e Poel by âlde Elske ha se ris in kear 'help' roppen heard. It is de hiting dat dêr altyd noch ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.27355
Us mem hearde ris in kear in 'geruis' yn 'e hûs. Sy wie doe al âld. Sy sei: "As it de Heare Jezus is, nim my dan mar mei, mar de bern net." Al hiel gau dêrnei krige se in biroerte en doe is se stoarn.
nl.verhalenbank.27898
Ik hie hjir in buorwiif, dat wie IJte Griet. Har man IJe dat wie in neef fan IJe Wykstra, dy't fjouwer plysjes deasketten hat. Hja wie in greate rabber en praette altyd oer in oar. En 't wie ek in greate hoer. Ik haw har ris attrapearre mei in oare keardel. Sy koe wol tsien kear om my hinne. Sy wie hjir sahwat baes. Ik mocht har net sjen. Op in kear doe...
nl.verhalenbank.27903
Myn man syn tante dy hie in famke, dat wie bitsjoend. Sy wennen oan 'e Skieding. Rikele Myt krige dêr de skuld fan. Sy ha alle gatten yn 'e hûs tichtmakke, alles - èk it kaeisgat. Doe ha se in panne mei spjelden oer 't fjûr set. Dy moesten siede. Doe kom de tsjoenster om 'e doar hinne. Dy raesde it út fan 'e pine. Hja hie it famke in kear in stik brea mei...
nl.verhalenbank.27900
Myn wiif is sauntsjin jier jonger as ik. Sy is fan har earste man skeiden. Sy hat ris in kear nei in kaertlizter yn Grins west. Hja sei tsjin dy kaertlizter: "Ik woe graech de takomst wite fan 't leven." De kaertlizter hie tsien kaerten op in rige lizzen. Dêr moest myn wiif trije trijetallen fan opnimme. De tsiende bleau lizzen. De kaertlizter kearde de...
nl.verhalenbank.27478
By de Fjouwer Roede yn Boelensloane wenne in âld frou, dy hie har man sa min bihandele. Dy man kom nei syn dea sa nou en dan wer by har. Dan bigongen de kopkes yn 't théblik to ratteljen en to skodzjen. Dan hie 't minske rêst noch dûr.
nl.verhalenbank.27892
Op 'e Like wenne in faem by rike minsken. Dy hienen in kelder, dêr sieten de skatten yn. De faem moest dy kelder skjin hâlde. Doe stiel se dêr op in kear goudguod yn dy kelder. Ta straf woarde de keldersdoar ticht dien en doe siet se opsluten en koe se goud ite. Mar doe ha se mei har akkoarte, sy soe wer frij krije as hja de hiele kelder fan binnen mei...
nl.verhalenbank.27894
Yn 'e Boelensloane mat it gebeurd wêze dat der twa man wienen dy't op in nacht in lykstaesje troffen wylst se midden op 'e wei roannen. Se woarden oan kant slingere. De iene kom yn 'e sleat tolânne en is fordronken. De oare hie de kleden wapperjen sjoen. - Mem hat it wol forteld.
nl.verhalenbank.27896
Jonge Jan fan 't Wytfean hat ús ris forteld, hy kom op in kear yn Droegeham, doe wie dêr in fanke mei in hiele dikke lippe. It wienen earme lju. De âlden hienen mar trije bistjes op en se hienen al hiel hwat ôfdoktere mei dy lippe. "It bigreate my", sei Jonge Jan. "Ik sei: - Ik kin dy wol better meitsje, mar dan mast in nacht by my sliepe -" Dat woe dat...
nl.verhalenbank.27371
Sweltsjes en sweltsjenêsten mochten noait forbanne of útroege wurde, oars gong it fé dea.
nl.verhalenbank.27365
Men mat in minske noait hwat bilove foar syn dea. Hwant kin men der net oan foldwaen dan kriget sa'n minske gjin rêst yn 't graef en spûket er om.
nl.verhalenbank.27361
As in houn bigjint to spûkgûlen kin men der mar fan op oan dat der mei koarten dêr ien forstjert.
nl.verhalenbank.27348
35