Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tsjoensters moakten kronen in 't kussen. As se die forbrandden dan was de olle heks dood.
nl.verhalenbank.27322
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000
Douwe Stavasius syn heit Fokke wie us in kear op 'e klaei by in boer yn 't wurk.
Hy siet by de boer yn 'e keamer en sy dronken in pantsje thé. Fokke dy siet mar nei ien punt to staren en hy sei hielendal neat.
"Is der hwat?" sei de boer.
"Dat kin ik jo net fortelle", sei Fokke.
"Hwerom net?" frege de boer.
"Omdat it jou jonkje is", sei Fokke.
De boer...
nl.verhalenbank.25896
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden.
It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou.
Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen.
Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
Boardzer Bruining (soan fan Thomas Klare - sjoch Kollumersweach) wennet op 'e Houtigehage en is mei de helm geboaren. Op in nacht sei er tsjin syn wiif Duotsje:
"Ik mat der wer út, ik wurd kloppe."
Doe't er wer thús kom, wied er sa wyt as sûpe. "Ik haw in lykstaesje sjoen", sei er. "Der lei in plak wetter op 'e wei, dêr stapte it hynder om hinne."
Deselde...
nl.verhalenbank.16131
Under 'e Kompenije, by de Skieding, is de Janke-dobbe.
Dêr is froeger in fanke yn forsûpt en dy hiet fan Janke.
Dêr komt de namme fan. Guon sizze dat Janke dêr noch omspûket.
nl.verhalenbank.26024
Keapet men in skearmes of in seine of in sichte ofsa dat west hat fan ien dy't al dea is, dan is sok ark neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.27884
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet.
Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
As eksters skatterje yn in beam by hûs, dan giet der ien dea.
As de houn spoekgûlt giet der ek ien dea.
As de kat him wasket, komt der bisite.
nl.verhalenbank.16126
Hjir yn de Pein hat men de Kaatspoel. Guon ha dêr ien yn roppen heard fan Help! Help! Dêr mat altyd noch ien yn fordrinke. 't Is noait gebeurd.
nl.verhalenbank.26782
Yn Grinzerpein wenne in jonge faem, dy moest bifalle. Hja skreau har Weima. Doe wie dêr in man dy hat har bigraffenis fan tofoaren sjoen. Hja is yn 'e kream forstoarn.
nl.verhalenbank.27488
Doe't Sytse van der Hoek stoarn wie, naeide mem oan it kessensloopke, dat er meikrige yn 'e kiste. Omt der net in skjirre by de hân wie, biet mem de tried ôf. Doe sei de buorfrou: "Dit is net bêst, al dyn tosken rekkest kwyt." It is ek útkaem. Stadichoan rekke se tosken kwyt en in pine yn 'e mûle, dat se útstien hat! Letter hat se it restant der útskuorre...
nl.verhalenbank.16133
Oan 'e Suder Dwarsfeart to Drachten wenne âlde Teatske. Dy wie tige ryk. Teatske is op in rare menier oan 'e ein kom. Sy is sahwat forhongere by de oerfloed. Hja hie sa'n jild yn 'e kelder, dat sy meat de gounen en de ryksdaelders mei de fiif-kop.
Doe't Teatske stoar hie se alles oan 'e tsjerke tamakke. Mar dat is net earlik om en ta gong.
Der woarde in...
nl.verhalenbank.25714
Jits Spoelstra wenne op 'e Houtigehage. Sy gong us op in kear nei lytse Kjille op 'e Gordyk. Dat wie in kaertlizter. Jits wie doe noch net troud.
Kjille sei tsjin har: "Dû silst in kear oer 't wetter hinne gean, mar ik wit net ast wol werom komste."
Jits wie letter by in dûmny as húshâldster. Hy wie by de earste frou wei en troude letter mei Jits. Mar doe...
nl.verhalenbank.25933
Alde Tryn Snipel, syn wiif, kom us by ús mem, doe gong ús heit krekt fuort. Doe sei se: "O, o, dy wurdt net âld."
Mar dêr hat se ús mem mei bidoeld, dy is mar sawn en fjirtich jier woarn.
Der kom altyd in protte jongfolk by Tryn Snipel. Sy lei har de kaert.
nl.verhalenbank.25932
Wolter Fekje fan 'e Harkema wie stoarn. Tominsten dat mienden se. Mar hy wie skyndea. Hy lei al yn 'e kiste en sy soenen him de jouns bidrinke. Doe sei er ynienen, út 'e kiste wei:
"Jow my ek mar in buorrel."
nl.verhalenbank.27880
Rudolf de Mepske fan 't Faan hie minsken fêstboun oan 't ketting op 'e stâllen. Doe hied er de plaats yn 'e brân stutsen.
De minsken dy't fêstboun sieten hienen hiel bot raesd.
Doe sei er: "Hoor die muizen eens piepen."
Letter hienen se ûnder 'e mûzen sitten. Hy hie in great nij hûs boud mei in brede gracht om 't hiele hûs hinne. Der wie in ophelbrêge by....
nl.verhalenbank.26817
Mem fortelde, 't wie yn 'e winter west mei iis. Doe hienen dêr guon in stim heard: "De plaats komt niet tot de man, maar de man tot de plaats." Dat hearden se dêr op 't iis sizzen. Doe wie der ien oanriden kom op redens en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.25893
As jo fyk oan 'e finger ha, dan matte jo de finger yn in levende podde triuwe, krekt sa lang oant de podde dea is. Dan is de sykte oer. In kikkert kin ek. Yn trije dagen is men de fyk kwyt. Men kin de finger ek yn eigen ûntlesting dwaen. Dat die hjir in boerefrou altyd. Dan gong it ek oer.
nl.verhalenbank.27882
Us heit makke froeger deakisten. It gebeurde soms, dan hearde hy fan tofoaren yn 'e nacht dat der timmere woarde.
Dan sei er: "Ik mat ek wer in deakiste meitsje." Dan kommen se de oare deis by him, dan moest er ien meitsje.
nl.verhalenbank.27302