Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As in houn spûkgûlt, dan duorret it net lang of dêr komt in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.29609
Somstiden gebeurt it dat ien net stjerre kin. Meast draecht dyselde dan klean dy't op snein naeid woarn binne.
In nicht fan my, Ale, lei op stjerren. Dy koe net stjerre. Doe gong myn suster nei har ta mei in wyt sloopke, dat se makke hie fan in skelkje. Dat krige se ûnder 'e holle en 't oare woarde weinom.
Doe wie se samar wei. Wy tochten dat dat oare...
nl.verhalenbank.32980
As jo mei jim trettsjinnen yn 'e keamer sitte, en dêr sit ien fan ûnder 'e spegel, dan is er binnen 't jier dea.
't Is ris by guon gebeurd dy't ik goed ken.
nl.verhalenbank.29608
By Foanejacht lei in aekje, dêr wenne in fisker yn mei syn dochter. Op in joun hie se to boadskipjen west nei it doarp. Hja kaem werom. 't Wie mistich waer. Hja wie yn in boatsje. Doe't se al tichte by Foanejacht wie, seach se in skime. Fan kjellens stuts se de kloet troch de rok hinne, en doe woarde se fêsthouden. Hja tocht dat it de Lange Sleattemerman...
nl.verhalenbank.27745
As der ien stjert, dêr't in kanarjefûgel by is, dan wol it dierke net wer sjonge. Krekt as rouwet it dan.
nl.verhalenbank.33724
As de hounen spûkgûle komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36161
By de Fûgelkamp yn 'e Harkema spûke it froeger altyd. Yndertiid binne dêr fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând.
Letter spûken dêr altyd fjouwer lytse neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.27719
In frijmitseler hat noait forlet fan jild. Dat krijt er fan 'e duvel. Mar om 'e sawn jier mat der ien fan 'e mannen dea.
Sa hat in sekere dokter Dittmann dy't yn in doarp by Bentheim wenne yn Dútslân, himsels formoarde. It wie de húsdokter fan myn húshâldster har folk.
nl.verhalenbank.27733
Alle poeltsjes binne ôfgryslike djip neffens it sizzen.
Yn Houtigehage is in poel, der ha se in kear ien yn roppen heard: Help! Help! Dyselde mat dêr altyd noch yn fordrinke.
nl.verhalenbank.33801
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.33790
As jo op snein hwat weijowe, dan stjerre jo net op in snein.
Knoffelbânlizzers binne altyd op in Snein geboaren.
Dy't Sneins neilknipt mat de stikjes neil yn 't hjirneimels wer opsykje.
nl.verhalenbank.27732
Yn Grinzerpein wenne in jonge faem, dy moest bifalle. Hja skreau har Weima. Doe wie dêr in man dy hat har bigraffenis fan tofoaren sjoen. Hja is yn 'e kream forstoarn.
nl.verhalenbank.27488
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.33006
Soms foroaret in tsjoenster har yn in dikke swarte kat. Op in biezumstôk ride se troch de loft. Yn 'e Houtigehage wenne in mem mei in dochter, dy't beide fleane koenen, nei't se seinen.
Binnen de sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoend ha, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.37462
As eksters skatterje tichte by in hûs, dan komt dêr in sterfgefal. Spûkgûlt dêr in houn, dan is it krektengelyk.
nl.verhalenbank.27706
Wie der ien stoarn, dan woardde de nuddel en tried, dêr't it deadshimd mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien. De tried mocht net ôfbiten wurde, oars foelen de tosken út.
nl.verhalenbank.33798
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale.
Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme.
't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Myn pake wie timmerman yn 'e Rottefalle. Bloembergen hiet er. It gebeurde faek dat er in deakiste meitsje moest. Dan wie 't wolris dat er in nacht of trije fan tofoaren it getimmer oan dy kiste al hearde. Dan libbe deselde noch dy't der yn to lizzen kom. Dat kom altyd nei.
Ek oare lju ha dyselde lûden wol by myn pake heard yn 'e nacht. Dan seinen se: "Der...
nl.verhalenbank.33715
Dy't ienkear frijmetseler is, komt der noait wer by wei, hwant hy is oan 'e duvel forkocht. As ien fan 'e frijmetselers net folgens it reglemint handelt, wurdt er stil fan kant makke. Hy fûstket mei twa fingers ynpleats fan mei de hiele hân. Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27761
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou.
Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
nl.verhalenbank.33058