Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan.
Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har.
De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
nl.verhalenbank.23452
Yn Jobbegea stie in doomny, dy hiet fan Mol. Dy wie ris in kear op in forgadering, dêr wienen in hiel soad minsken. De sael wie groatfol.
Ien fan 'e bitsjinsters kom op him ta, doe't hy der yn kom.
"Kan mijnheer er door?" frege se.
"O heden ja," sei doomny, "een mol kan door een klein gaatje."
nl.verhalenbank.33709
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa.
Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
Der wie in doomny, dy wie frijhwat oan 'e drank. De gemeente koe soks net goed krije en der kommen hwat langer hwat minder minsken yn 'e tsjerke. De doomny koe oars omrake goed preekje.
Syn frou warskôge him. Sy sei: "De minsken ha gjin ûntsach mear foar dy. As dit sa troch giet, dan hastû gau net ien mear yn tsjerke. Dan krijst dyn ûntslach en dan ha wy...
nl.verhalenbank.23722
Twa doomnys en in joadske rabbi dy wienen by elkoar to praten. Doe sei de joadske rabbi: "As jimme kollekte hâlde, hwat hâlde jimme dêr sèls fan?"
Doe sei de iene doomny: "Dat sil 'k wol earlik sizze. Ik stek der sels tsien persint fan yn 'e bûs."
Doe sei de oare doomny: "Ik sil ek earlik sizze hoe't ik dat ha: ik hâld der sels twintich presint fan."
Doe...
nl.verhalenbank.28310
Der wie in stroper, dy hie op in snein-to-moarns ûnderweis nei tsjerke in ein fangd. Hy die him ûnder 'e jas en sa kom er yn tsjerke.
De doomny hie ta tekstwurd: Ik zie hem.
De stroper tocht: O blinder, hy sjocht myn ein.
Doe die er in knoop fan 'e jas fêst.
Even letter sei de doomny wer: Ik zie hem.
Doe die de stroper nòch in knoop fan 'e jas fêst.
Wer...
nl.verhalenbank.23721
't Wie yn 'e oarloch en in krappe tiid. Ergens stie in dûmny to preekjen. Mar de man hie in spraekgebrek. Ynpleats fan "Vrede, vrede, maar er is geen vrede", sei er: "Vrete, vrete, maar er is geen vrete."
nl.verhalenbank.32878
Der stie in doomny yn Aldegea, dy bipreke ek Nyegea.
Dêr woarde hy altyd hinnebrocht yn 'e glêzen wein troch Eeltsje Herder fan Aldegea. Syn achternamme wie Hoekstra.
Doomny stapte altyd achter yn 'e wein en dan sei er:
"Klaar, Hoekstra." En dan lei Eeltsje de swipe oer de rêch fan 't hynder en dêr ried it hinne, op Nyegea yn.
Der wenne in jongfeint yn...
nl.verhalenbank.33385
Der wie in man dy soe nei tsjerke ta. Underweis seach er in prachtige ein. Hy koe 't net litte om dy ein to fangen. Hy tocht: "'t Kin my neat skele, ik nim him mei ûnder 'e jas nei tsjerke ta. Dêr sjocht net ien hwat fan."
Doe rekke doomny oan 't preekjen en yn syn preek kommen de wurden - Ik zie hem - foar.
Doe't dy man dat hearde, tocht er: "Donders, hy...
nl.verhalenbank.32931
Japik Ingberts ried ta alle fjouwer poarten fan Ljouwert út op ien en deselde tiid. 't Wie tolve ûre.
Hy hie biricht krige, hy moest op dy tiid by ien fan 'e poarten wêze, dan soed er arresteard wurde. By elke poarte stienen guon fan 'e plysje.
Mar Japik Ingberts siet, foardat er op stap gong, prinshearlik yn 't hóátel 'De Nije Doelen', dêr't er brette...
nl.verhalenbank.25054
Der wenne in doomny yn in doarp, dat wie in echte folksman. Hy wie o sa flot.
Kommen de minsken by him yn 'e tiid fan kofjedrinken, dan moesten se mei kofjedrinke; wie 't ûnder iten, dan moesten se mèi ite. Net ien woarde by de doar fuortstjûrd.
Doe kom der ris op in kear in man ûnder iten. Dy belle dêr oan en de doomny liet him der yn. 't Wie tsjin...
nl.verhalenbank.32886
Der wie in séman, dy hie in papegaei.
Dy séman hie ek in wiif, mar hy mocht syn wiif net lije.
De papegaei hied er oan board yn syn hut yn in kouwe.
Jouns dan wienen se faek by elkoar. Dy papegaei, sa as papegaeijen dogge nom de wurden fan 'e séman oer.
Dan sei dy man yn himsels: "Dat duvelse wiif mat dea, godfordomme."
It duorre net lang of de papegaei...
nl.verhalenbank.33387
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen.
Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er:
Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen,
ik zeg niet, dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn...
nl.verhalenbank.33386
De âlde grifformearde tsjerke to Eastemar woarde ôfbrutsen. Der soe in nijen boud wurde, mar earst moest de groun ophege wurde. Dat dienen se mei sân en dat sân kom fan 't Heechsân fan groun fan 'e Herfoarme tsjerke.
Der wenne in dokter yn 't doarp, dy wie 'frijgemaakt', fan artikel 31. Dat wie dokter van Leeuwen.
Dy sei tsjin ds. Boorsma (de...
nl.verhalenbank.32885
Yn Suwâld, dêr sieten in pear opsketten jonges to fiskjen. Doe kom doomny dêr lâns fytsen. Hy sei: "Kunnen jullie mij de weg naar Leeuwarden ook zeggen?"
"Och, bliksem," sei de iene, "'k hie krekt byt."
"Foei, foei," sei doomny, "zo kom je niet in de hemel!"
Doe sei ien fan 'e jonges tsjin him: "Dû wytst de wei nei Ljouwert net iens. Hoe soest de wei nei...
nl.verhalenbank.32881
't Is net like folle hwat men docht of hwat men seit.
Yn it café fan IJe Hulshof yn Surhuzum wienen op in joun in stik of hwat greate spotters byelkoar. Dy praetten ûnderinoar ôf, sy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. Dy't foargean soe, hie in swart dûmnyspak oanlutsen en in hege hoed opset. Hy soe 't avondmaal útdiele. Se hienen bôlle en wyn kocht....
nl.verhalenbank.19378
Hepke Wynstra fan 'e Rottefalle wie ris in kear oan 't gropjen by de Skeanpaden lâns. Doe kom doomny der oan. Dy sei: "Wat zijn dat mooie stukjes en hoe krijg je die zo gelijk?"
"Mei duvels gewelt, doomny", sei Hepke.
nl.verhalenbank.32882
Yn 'e Koaten preke al ris in doomny sa bêst, dat de froulju sieten hast allegear to snokken.
Doe't er amen sprutsen hie, sei er: "Jullie kunnen 't geloven, maar ik geloof het niet."
En hy woarde koekoopman. (Dit fortelde mem)
nl.verhalenbank.32934
De boer en de arbeider wienen togearre oan 't skytaei-sykjen. It wie hwat in liddige tiid yn 'e winter en doe bouden se foar de grap fan dy skytaeijen in tsjerke.
Doe kom doomny dêr lâns.
"Dat wurdt in moaije tsjerke," sei doomny, "mar hwer is de preekstoel?"
"Dy stiet dêrre."
"Ik sjoch doomny net op 'e stoel", sei doomny.
"Né, dy is der ek net," sei de...
nl.verhalenbank.32883
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der...
nl.verhalenbank.37909