Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De namme Klontsjebuorren hat dokter Keizer fan Surhústerfean bitocht. De froulju dy't dêr wennen hienen allegear klontsjes yn 'e kofje en thé. Dêrom joech er it dy namme.
nl.verhalenbank.28512
De dokters woenen froeger graech sa'n helm ha. Dy knoffelen se achterút en dan forkochten se him djûr. Dy't sa'n helm yn bisit hie, woarde der sein, wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.25779
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stienen altyd de hekken iepen. As men se ticht die, de jouns fan tofoaren, stienen se de oare moarns iepen.
nl.verhalenbank.25800
Dokter Wiegersma wie de earste dokter op 't Surhústerfean. (Hy wie de heit fan Hendrik Wiegersma to Deurne, dy't as dokter Tsjerk van Taeke biskreaun wurdt yn 'Dorp aan de rivier' fan Antoon Coolen A.A.J.)
Dokter Wiegersma hie altyd in roetswarte, grouwe houn by him. As er dy kant nei 't keatling ta út wie, moesten de klanten him wer nei 't Fean ta...
nl.verhalenbank.17520
Heit wie us op 'e Piter Teijeskamp om wâllen út to snijen foar ús skiep. 't Wie sahwat dêr't nou de winkel fan Van Dellen stiet. Dêr sjocht er ynienen hwat, dat is brún fan kleur. It like in dikke houn en dy draeide en gisele al mar yn 'e rounte. Heit woarde sa binaud, dat hy sette mei it sekje gjers, dat mar heal fol wie, op hûs ta.
"Hwat nou?" sei mem....
nl.verhalenbank.17521
Douwe Bylsma to Harkema hie in buchel. Hy hat him by syn leven oan 'e duvel forkocht. Dan koenen de dokters letter mei de buchel dwaen krekt hwat se woenen. Hy hie in winkeltsje.
Soms gong er op 'e toanbank lizzen op 'e buchel. Dan draeide er as in top yn 'e rounte op dat bucheltsje.
nl.verhalenbank.33093
By de Lytse Wei ûnder Droegeham wenne Wytse Bosma. Hy hie in dochterke, dat tsjirme. It wie de âldste. De lju seinen, it wie bitsjoend, mar Wytse lake dêr om.
Mar it bern woarde minder en dêrom sei er op in kear tsjin heit: "Wolstû foar my nei Frânse Hinke foar it bern? It komt sa, leau 'k, net goed. Dû kinst in goune fortsjinje." Frânse Hinke wenne yn 'e...
nl.verhalenbank.23441
Us mem wie kreamheinster. As der in bern geboaren woarde mei in flues oer de holle, dan luts se dat der foaroer ôf. Die se it achteroer, dan moest dat bern letter alles sjen. Se seinen wol, dat de dokters graech sa'n helm ha woenen en dat se djûr wienen.
nl.verhalenbank.23522
Greate Egbert hat in broer hawn, dy woarde siik. Sy masteren mei dokter Keizer fan 't Surhústerfean. De jonge woarde net better, hy woarde earder minder. Doe tochten se: hy sil wol bitsjoend wêze. Dat doe soe Egbert mar nei greate Wopke ta.
Egbert kom de moarns bitiid al út bêd. Hy soe him oanklaeije, mar hy koe noait lúsjefers fine. En doe't er guon hie...
nl.verhalenbank.28503
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom."
Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf."
Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke.
Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat."
De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe."
De...
nl.verhalenbank.16887
It spoekjend frommis fan 'e Lange Loane
Hjir op 't Fean (Surhústerfean), hat ris in dokter west dat wie in frijgesel. Hy wenne mei syn suster. Dat wie in hiele frjemde keardel, de namme kin 'k op 't heden net betinke. Hy hie net in wein; hy gong geandefoet nei de pasjinten en dan hie er in dikke swarte hûn mei. As er fierder nei de klanten moast, dan...
nl.verhalenbank.12176
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear.
Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Der wurde wol bern mei de helm geboaren. Dy't sa'n helm hat is kûgelfrij. Dokters binne hyt op sa'n helm. In kaptein op sé, dy't in helm hat, sil syn skip altyd bihâlde.
Frijmitselers binne ek kûgelfrij. Sy ha in forboun mei de duvel. As frijmitselers nei 't café ta geane om even oan to stekken en sy ha gjin jild, dan geane se even yn in hoekje stean en...
nl.verhalenbank.28592
Hearke wie ek stille plysje. Der hat in café yn 'e Harkema stien tsjin 'e dokter oer oan 'e betonwei, dêr't nou in winkel yn is. Op in kear hie 't dêr bot rúmoerich west, it gong der heislik oan wei. Sy woenen net om 't lyk, en Hearke wie lulk woarn. Doe hied er yn syn lulkens mei de sabel de balke omtrint trochslein. Doe't it folkje dat seach, woenen se...
nl.verhalenbank.28551
De hekke fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp giet klokslach tolve yn 'e nacht iepen. Der sit in dik slot op mei in dikke ketting, mar dat jowt neat. Guon ha der wol by wekke en dy ha it sels sjoen.
nl.verhalenbank.20697
Der kom ris in frommes by lytse Fedde. Lytse Fedde wie wûnderdokter op Sânbulten. Hja sei tsjin him: "Kinne jo my ek geneze. Ik haw in protte lêst."
Fedde sei tsjin har: "Ja, ik kin jo geneze, mar it resept dat ik dêr foar ha, dat is net sa moai. Mar wolle jo wer better, dan matte jo krekt sa dwaen as ik siz. Nou is 't in rare fraech dy't ik jo doch....
nl.verhalenbank.33659