Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se dêr nei grave, sakket de kiste altyd djipper. Dêr spûket ek in âlde mynhear. (Dat is dyselde net by 't Lange Ein.) Dy hat dêr yn in slot wenne. Dy kiste mei jild is fan him ôfkomstich. Hy wol dêr hinne, mar 't avanseart net bot om dêr to kommen. Elk jier komt er mar ien hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.30401
In omke fan my fortelde ús, op 'e Boppewei ûnder 'e Westerein dêr spoeke jouns altyd in âlde hear om. Dy kom alle jierren ien hoannestap tichterby.
Se seinen ek wol dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.36324
Oan 'e Boppewei spûket de âlde Hear. Hy komt elk jier in hoannestap tichter by de skat dy't der yn 'e groun sit, sizze se.
nl.verhalenbank.36820
Dêr spûket altyd in âlde hear yn dy buert om. Dy wol nei dat jild ta. Elk jier komt er in hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.38355
Op 'e Boppewei spoeke in âlde mynhear om. Dy hie dêr in skat yn 'e groun. Mar hy kin der net oan ta komme. Der wurdt sein dat er elk jier in hoannestap tichterby komt.
nl.verhalenbank.38155
Myn skoanmem en myn skoansuster stienen by in hekke by de Gatten. Mem sei: "Der is noch ien fan Ielkefolk by de feart en 't wetter is sa heech. Hja kamen tichterby. Doe gong der ien skean foar harren lâns oer de wyk hinne nei 't tsjerkhôf ta. Dy sweefde. Syn fuotten rekken de groun net. Mem wie net bang. "Wy ha gjin kwea dien," sei se, "dan docht er ús ek...
nl.verhalenbank.11534
Metske-Smid fan Feanwâldsterwâl koe mear as sljochthinne. As jo pine yn 'e mûle hienen koe hy dy pine samar wei nimme.
Hy wie ek nergens bang foar. Op in kear moest er fan Readtsjerk oer it Waeigat en de Mear nei Feanwâldsterwâl ta. 't Wie nacht. Doe fregen se him of er allinne wol farre doarst.
"Jawol", sei er.
Doe't er op it Waeigat wie, kaem der al ien...
nl.verhalenbank.38576