Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
To Hurdegaryp stiet in villa. Dêr is in hekke by, dy kinne se by nacht noait tichthâlde. Sy sizze, dat komt fan 'e aardstralen.
nl.verhalenbank.26120
Spiegels omkere deeje ze wel bij begraefenisse, in de rouw dat gebeurt wel. De klok op twaolf uur gezet en alle gerdijne dicht, witte laekes voor de raeme. En as dus de dag van begraeve was dan deeje de bure ok overal de blinde dicht.
nl.verhalenbank.47247
Hjir op it slot yn Feankleaster hat mynhear Hektor wenne: Hektor van Heemstra. Doe't hy en syn broer Harry beide noch jong wienen, wienen se ris togearre yn it bosk. Doe sei Hektor: "Alles wat ik zie is van mij." Doe sei Harry: "Alles wat ik zie is van mij."
Hja hienen beide gelyk, hwant Harry hie de egen ticht wylst er dy wurden sein. Allinne syn broer...
nl.verhalenbank.38120
To Hurdegaryp, by 't hûs dêr't froeger dokter Bontekoe wenne, is in hekke, dy koe noait ticht fanwege de berntsjes, dy't dêr formoarde wienen.
nl.verhalenbank.28441
Yn Hurdegaryp stiet in hekke, dy't net ticht to hâlden is.
nl.verhalenbank.33707
In tsjoenster koe har foroarje yn in swarte kat. Alde bolkoerrinsters wienen faek tsjoensters. Hja bitsjoenden meastal bern. Dy waerden dan siik. Dan gongen de lju nei in duvelbander ta. Hja namen dan soms it kessen mei, dêr't it bern mei de holle op lei. Twa man gongen der meastal hinne.
Yn Twizelerheide wenne sa'n duvelbanner.
De krânsen waerden thús...
nl.verhalenbank.38108
In de venen ston vrogger ain stille knippe. Die stonden er een hiele hoop, want de mensn drunken verschrikkelijk veule.
Maar wat ik zegn wol, dizze knippe is op n dag verschwonden en op dat stee kon ie later n kolk vinden.
Boovn t water van de kolk zag men altied n lichien branden en er wazzen ook goenend, die asmis n kop boovn de kolk uut steekn zaggen....
nl.verhalenbank.44410
De Godloas Singel wie froeger birucht. Dêr spoeke it. To Hurdegaryp spûke it ek. Dêr wie by it hûs fan dokter Bontekoe in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Se ha der wol hingelslotten op dien de jouns, it joech neat. De oare moarns bitiid wie de hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.30150
To Hurdegaryp ha jy Bennema-State. Dêr wenne froeger dokter Bontekoe. Dêr stie in hekke foar it hiem, dy gong alle nachten om tolwe ûre fansels iepen.
nl.verhalenbank.34486
Nachtmerjes binne froulju. Under ien fan sawn susters sit faek in nachtmerje.
Douwe Feddema (^) fortelde:
Wy soenen ús suster us ophelje. Doe seagen wy ûnderweis in swart hynder yn 't lân. Dat beest waerd sa bot troch in nachtmerje biriden, dat it wie wyt fan skûm. Doe't de nachtmerje ús seach, liet se 't hynder yn 'e steek.
Wy seagen dat se sweefde nei...
nl.verhalenbank.18187
Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel....
nl.verhalenbank.27820
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
nl.verhalenbank.17707
Yn Hurdegaryp stiet in hûs, dêr is in hekke by, dy stiet altyd iepen. Dogge se him ticht, dan giet er fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.22964
Yn Hurdegaryp stie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde.
Dy gong altyd fansels wer iepen. Mar ienkear hat IJe Wykstra dy hekke de hiele nacht ticht hâlden. Dy hat der doe by wekke. De kweade machten ha doe net by IJe komme doarst.
nl.verhalenbank.28285
Us pake, dat wie Sjoerd Skonk. 't Wie Sjoerd Visser, mar se neamden him sa omdat er in stive skonk hie. Hy wenne op 'e heide. Doe gebeurde it, dat pake siik woarde.
Hy lei op bêd. Dêr wienen trije greate jonges yn 'e hûs en ien greate dochter, allegear gewante, soune bern.
Der waerd ornearre, pake soe wol bitsjoend wêze. Beppe toarnde it kessen iepen. 't...
nl.verhalenbank.38647
Oan dizze kant Ljouwert is in hekke, dy't noait ticht bliuwt. Hy giet altyd fansels wer iepen as men him ticht docht. Men neamt him de goddeloaze hekke.
nl.verhalenbank.12253
Bennema-state to Hurdegaryp: De hekken dy't jouns tichtdien waerden stienen de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.21128
To Hurdegaryp wie in hekke dy't se net tichthâlde koenen.
nl.verhalenbank.37004
Nachtmerjes knypten jin de hals ticht. Ien fan sawn froulju wie in nachtmerje. De nachtmerje kom altyd troch it slotsgat. Der wienen twa middels om har to kearen: moal op it gesicht struije (hwant nachtmerjes mochten neat meinimme) en ien toffel goed en ien toffel oarsom foar it bêd sette.
nl.verhalenbank.16974
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp spokke it ek. Dêr wie in hekke, dy stie altyd iepen. Net in minske dy't dy ticht hâlde koe.
nl.verhalenbank.38445