Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As men ien hwat biloofd hat en men komt it net nei en dyselde komt to forstjerren, dan komt dyselde letter werom.
nl.verhalenbank.23910
Jan Hepkes wie fellekoopman, hy wenne yn Surhústerfean. It wie in man dy koe 't altyd nuver opsizze. As men him hearde hied er fan alles bilibbe.
Op in kear hied er yn Koarnhoarne (Kornhorn) west, yn in sterfhûs. Dêr hienen se in lyk/man, dat/dy hienen se net yn 'e kiste krije kind. Dy man hie roungear stien mei de fuotten en de hannen beide op 'e groun,...
nl.verhalenbank.33094
Yn 'e flaeikloppe sieten gatten. Dy sloegen wol us út, dan wienen se neat mear wurdich. Hearke die der in kerfke yn, oan elke kant ien en dan bruts hy se foar de knibbels.
nl.verhalenbank.20852
Us heit hat in protte braekt. It braekhok siet oan 't hûs fêst. It gebeurde faek dan hearde heit fan to foaren de brake al gean, sûnder dat der ien yn 't braekhok tahâldde.
nl.verhalenbank.19345
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Sy koe harsels yn in pod foroarje. Sa kom se dan by de minsken op bêd. Sy wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema.
Mar âlde Eke wie ek in tsjoenster. Dy hat us in bern bitsjoend. It bern woarde gammel en siik. Doe gong de man nei Wopke fan Kûkherne ta. Dat wie dêr de duvelbander, dêr reizgen se út 'e Harkema...
nl.verhalenbank.19559
Myn man hie in suster. Dy har jonge is geastlik deatsjoend. Myn mem wenne dêr as buorfrou njonken. Mem sei, hja hie sjoen, dat der mei ljochtmoanne twa hinne kuijere wienen. Dat hienen âlde Ot en Alle Tet west. Dy kommen dêr om to sjen hoe't it mei it bern wie. En doe hie der hwat boven op it dak lein, dat wie rjochtút en seach der út as in...
nl.verhalenbank.21464
Us mem hat 25 jier skroare foar oaren. Sy kom ek wol by in âld man, dy wenne by de soan yn, dy't troud wie. De âld man wie in tsjoenster. Syn eigen soan doarst dêr wol foar út to kommen.
Op guon plakken hat er it fé wol bitsjoend, foaral bargen. Dat gebeurde ek ris by lju dy hienen in winkeltsje. De man wie dy deis nei Ljouwert ta om winkelwaren. Sy...
nl.verhalenbank.15674
Op in moarn hearden wy hwat rinkeljen yn 't keukentsje. It wie krekt as woarden alle glêzen dêr ynslein.
Wy der hinne, mar der wie neat to sjen. Mar de middeis kom der in great skilderij fan boven.
Der siet in glês foar. Dat wie yn gruzels en de faeskes dy't op 'e skoarstienmantel stienen, kommen mei. Dy wiene ek yn diggels.
't Wie 't selde lawaei, dat wy...
nl.verhalenbank.19517