Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
Oan 'e Keale wei stie in hûs. Doe't dat der noch net stie ha myn skoanâlden dêr wit hoe faek in ljochtsje brânnen sjoen. Dat wie foartsjirmerije.
Letter is datselde hûs wer ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.20366
As se froeger in menistetsjerke bouwe woenen en hja wisten net op hokker plak, dan lieten se in reabonte koe los. En dêr't dy koe dan lizzen gong, op dat plak bouden se de tsjerke.
nl.verhalenbank.37381
Waarkgeestn.
Dei hebben wie hier zulf had bie hoes. t Was in 1959.
In dat joar hebben wie ain kapschuur zet. In de oorlogsjoarn wozzen wie al, dat er n keer timmerd worn zol. Want wie hebben geklop heurd op boetn; t gong “boem-boem-boem”. Ik heb dat heurd en mien oln ook. Wie gungen kiekn, of er misschain wat te zain was, moar niks heur. Mit waarkgeestn...
nl.verhalenbank.46236
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
De twa stiennen ûlebuorden
Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Bij het afbreken van de oude Astense kerk bleek die, evenals de toren, met roggemeel gebouwd.
nl.verhalenbank.47538
Se ha dêr letter wol faker wylde lantearnen sjoen. It wie foartsjirmerij, hwant de wei woarde forhurde en doe kamen dêr nije huzen. De ljochtsjes dêr fan jouns, dat wienen de wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.33520
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
nl.verhalenbank.21642
Myn skoanheit dat wie Hindrik Land. Syn âlde mem kom us by him en sei: "Hindrik mat gau komme, it giet hjir by ús achter yn 'e hûs sa bot op in timmerjen en smiten, dat ik bin bang dat se it hiele spul ôfbrekke." Mar doe't skoanheit kom, wie der neat to rêdden.
Mar in skoft letter setten se in nij hûs flak achter skoanheit sinen del. Dêr hie 't âld-minske...
nl.verhalenbank.21130
Us mem en dy wennen yn Feanwâlden op 'e Finnen, neist de helling fan Wageningen.
Op in nacht hearde mem timmerjen en slaen om 't leven op 'e helling. Mem wie widdou en tocht: hwat mei hjir gebeure. Hja gong der út om to sjen hwat der to rêdden wie. Mar der wie neat to rêdden.
Hja sei tsjin ús: Hwat dit hjir is, dat snap ik net. Dat slacht en hout hjir om...
nl.verhalenbank.36474
Ik ha fortellen heard dat der ergens in nije tsjerke delset woarde op it plak, dêr't se earder oargelspyljen heard hienen.
nl.verhalenbank.30429
Omke Jelle gong us mei de jonges nei de Earnewarren, dêr't er yn 't wurk wie. "Matte jim us sjen," sei er, "hwat stiet dêr? Dêr stiet in plaets. Hoe kin dy dêr nou kom wêze?"
Mar der stie net in plaets. Net earder as in jier letter, mar hy hie him dêr fan tofoaren al stean sjoen.
nl.verhalenbank.27196
Er is met roggemeel gebouwd.
nl.verhalenbank.47662
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean?
Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...
nl.verhalenbank.32982
Huize van roggemeel, daar heb ik nooit van gehoord. Wel messelde ze huize met zavere aarde. Steenaarde zogezeid.
nl.verhalenbank.57882
Woenen se froeger in meniste tsjerke bouwe, dan gongen se hinne en jij in stik of fiif kij it lân yn. Dêr't de earste kou lizzen gong, dêr moest de tsjerke boud wurde. Op it plak sels dêr't de kou lei, dêr moest de preekstoel komme to stean. Ek al wie 't oan 'e kant fan in sleat, dan woarde de sleat tichtmakke.
(waarschijnlijk gaf ik dit reeds eerder op...
nl.verhalenbank.17530
Alde Gryt-muoi (= Taeke Griet) sei yndertiid tsjin mem: "'k Sjoch allegear ljochtsjes jouns yn 'e Harkema. Dat wurde stik foar stik nije huzen." It minske krige gelyk.
nl.verhalenbank.29421