Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't Hindrik Holthuis noch feint wie, wie 't in los man.
Op in kear kom er fan 'e Ham. Hy hie in buorrel op en dan stie er nergens foar.
Tseard van Dekken wie doe stille plysje. Tseard en Mekke Anne seinen doe tsjin elkoar: "Wy wolle Hindrik us goed binaud ha."
Sy gongen oer de Skeanpaden fan de Ham nei Hamsherne. Dêr seagen se dat se in wyt lekken...
nl.verhalenbank.21131
Reid Keuning wie fytsmakker op Koatstertille. Hy wie net troud. Hy gong us mei my nei Twizel ta to skutjassen.
Op 'e weromreis sei er: "Wolst even mei der yn?"
Ik gong mei, krige kofje, in brochje mei hearring en in pear buorrels.
Ik siet by 't finster en hy by de doar. Doe sei er ynienen: "Al de soldaatjes uit de hut, marcheren!"
Dêr kommen se oan,...
nl.verhalenbank.15524
Us beppe hie in kroechje yn 'e Ikebuorren yn Droegeham. Dat hûske stiet der nou net mear.
't Wie op in joun en al oer tsienen, doe kom der noch ien yn. Dat wie Japik Ingberts.
"Dû makkest my kjel", sei beppe. Hwant Japik Ingberts, dêr sieten de plysjes altyd achteroan.
"Dû hoechst net kjel to wurden," sei Japik Ingberts, "ik doch dy neat."
Hy kocht in...
nl.verhalenbank.16944
Us heit hie us in kear nei Kromelle west yn 'e Hamster Pein. Dêr hied er in pear buorrels dronken. Hy roan de skeanpaden del, doe kom der him in hountsje op 'e side, dat mei gjin mooglikheit by him wei to krijen wie. 't Wie in pleachbeest. Heit is fan binaudens in hûske yn gien, dêr't er dy nachts bleaun is.
nl.verhalenbank.21322
Doe't Hearke foar 't earst ûnder tsjinst wie wied er rekrút. Hy kom noait in kear yn 't café en doe woenen de jonge soldaten him us in kear mei ha. Sy tochten: wy kinne wol hwat mei him úthelje.
Hearke bistelde in buorrel. Mar se hienen de romer fuort foar him weislein. Doe bistelde Hearke in dûbelden. Mar dy woarde der ek wer foar wei flikt.
Doe bistelde...
nl.verhalenbank.25913
Hearke kom us in kear yn 'e kroech, doe wied er noch jong. Hy bistelde in romerfol, mar doe stompten guon fan it jongfolk tsjin syn taffeltsje oan, dat doe rekke de romer om. De twadde kear dienen se 't wer. De trêdde kear soe it wèr oangean, mar doe hie Hearke syn nocht krigen. Hy hie in pear krigen en smiet se der út. Sa die er ek mei oaren. De rest...
nl.verhalenbank.26146
Guon koenen in flesse drank komme litte. Dan stjûrden se skoppenboer fuort. 't Gebeurde meast yn herbergen.
Reid Keuning wenne op 'e Tille. Dy die oan spiritisme.
Dêr siet jouns gauris in klubke. As der gjin drank wie, dan sei er: "Nou kin 'k wol drank krije, mar dy't it bistelt, mei 't net oannimme. Dat ien fan jimmes mat de flesse aenst oankrije.
Dan...
nl.verhalenbank.25728
Yn 'e kroegen is 't wol gebeurd, dat se mei it útstjûren fan in spylkaert (skoppenboer) in flesse drank krigen. It earste romerfol matte se oer 't linker skouder hinne fuortsmite.
It mingel drank sweeft earst boven de tafel om.
nl.verhalenbank.23920
It gebeurde wol, dat guon byelkoar sieten en dat se sin hienen oan drank. Dan moesten se hartenhear ûnder yn 'e holte fan 'e flesse dwaen en dêr achterstofoar mei nei de doar ta gean. Hwant sy mochten net sjen hwa't de flesse oankrige. In oaren ien as deselde dy't de lege flesse oerjown hie, moest de folle flesse wer oannimme. Dat moest er ek...
nl.verhalenbank.17702