Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: boom Place of Narration: Nijega
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer. Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Der wie ris in man, dy soe in beamke efterhûs poatsje. Hy oan it dollen en doe rekke er mei de lodde hwat hurds. Doe wie dat in pot en dy siet fol jild. Hy helle de pot yn 'e hûs. It jild burch er op. Op in kear hied er it lid fan 'e pot op 'e tafel lizzen. Sa kaem de dokter deryn. Dy biseach it lid is en sei: "Hea, hwat is dat in aerdich lid. Dêr stiet...
nl.verhalenbank.11540
Oan 'e Dwarsfeart by Drachten wenne âlde Okke. Hy foer mei de môlkpream de Marrewyk lâns nei 't molkfabryk ta. Dêr wie in nachtmerje, dy't wenne yn in holle wylgenbeam, midden oan 'e Marrewyk. It wie in lang frouminsk yn lange klean. Hja sprong soms samar oer syn skouders hinne. Hja moasten altyd tige hoeden en stil wêze, om dy nachtmerje net to steuren.
nl.verhalenbank.11533
Der wie in man, dy hie in apelbeam achter hûs stean. Mar dy apelbeam bleau altyd like sutrich. Hy woe beslist net groeije. De man gong hinne en graefde der omhinne. Doe stjitte hy mei de lodde op hwat. Hy sjen. Doe wie dat in potsje mei in lid der op. Dat potsje siet stiiffol jild. Op it lid stie hwat to lêzen, mar dat koe er net lêze. Dat koe him ek neat...
nl.verhalenbank.23359
De twa potten mei jild. Der wie us in man, dy wie oan 't dollen ûnder in beamke. Dat beamke woe net rjocht út ein sette en hy makke de groun hwat losser. Hy dolde der omhinne, en doe kom der in potsje to foarskyn mei in lid der op. Dat potsje siet fol mei goudene munten. Der siet lêzen op dat lid, mar dat wie yn in fremde tael. Dat koe dy man net lêze....
nl.verhalenbank.16151
35