Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: boerderij Place of Narration: Eastermar
In broer fan ús heit kom us op in jountiid let noch troch Sumar. Doe't er dêr de Lânsbuorren lâns roan, hearde er dêr op in plak timmerjen. Hy sjen en sjen, mar der wie neat to rêdden. Letter woarde der op dat plak in plaets delset.
nl.verhalenbank.34635
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster. De skerngatten fan 'e boerehiemen binne faek djip en sa wie it dêr ek. Sy hienen in foer dong laden en dêr de hynders foar spand, mar dy koene de stront net út it skerngat wei krije. De boerinne kom krekt mei kofje en de manlju ornearren, sy soenen earst mar ris kofjedrinke en dan soene se mar ris wer sjen. Se...
nl.verhalenbank.12283
Ik haw heit wol fortellen heard dat it der hjir yn Eastemar op in nacht ergens tige oan wei gong wie. Op dat selde plak ha se letter in plaets boud. Guon hienen de lûden al fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.37606
Skoanmem fortelde hja wie op in joun oer 't Heechsân to Eastemar roun. Tusken de herfoarme tsjerke en de pleats fan Mame Ozinga hat in buorkerij stien mei de hekke by de wei. Dy pleats stie in eintsje achterút. Op dy hekke sieten de Harms-Antsje-froulju alle trije mei wite mûtsen op. Doe wienen se al lang dea. Dy froulju spoeken dêr.
nl.verhalenbank.32155
Evert Tsyske wenne yn Sumarreheide. Hy wie boerefeint by in boer, dy wenne oan 'e Hearrewei. Hy wie der fansels èk by dy boer yn 'e kost. Hy wie achtsjin jier âld en doe moest er ûnder tsjinst. Sy moesten doe noch lotsje en Evert moest de moarns al op stap. Hy soe mar hwat foarút ite. Hy kom yn 'e hûs en frege de frou of er nou wol ite koe. "Jawol," sei...
nl.verhalenbank.33854
35