Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: boerderij Place of Narration: Burgum
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
De geschiedenis van Sipke en Liesbet In Oostermeer staat een oude boerderij, waaraan de droevige geschiedenis van Sipke en Liesbet verbonden is. Liesbet diende als meid in de boerderij. Ze had een paar flinke handen aan haar lijf en was ook nog knap om te zien. Haar vrijer, Sipke, was een jonge dagloner van het Hoogzand. Ze hadden al een jaar verkering en...
nl.verhalenbank.9515
Oan 'e Simmerdyk stiet in plaets, dy hyt fan 'Buitenrust'. Yn 'e buert dêrfan spoeke altyd in wite juffer, seinen se. Dat wie juffer Lys.
nl.verhalenbank.23622
Op Healburd wenne in boerinne mei har soan. Dêr wie ek in faem, dy hiet fan Tiets. Op in nacht woarde dêr ynbrutsen. It wienen de biruchte swartmakkers fan Burgumerheide. Brouwer hieten se. Abe Brouwer is noch út dat laech. Sy wienen al yn 'e hûs. De soan wist noch krekt tusken de fekken yn 't hea wei to krûpen. De boerinne bounen se oan in stoel fêst....
nl.verhalenbank.23610
Yn 't petlân fan Sjoerd Ielkes yn 'e Earnewarren, dêr wennet nou Teade Smedes. Dêr wienen heit en myn beide bruorren Bouwe en Hedzer oan 't wurk. It wie de middeis om iterstiid hinne. Se wienen mei 't iten oan 'e gong. Ierappels waerden yn griene oalje opbakt. Gjert van der Iest soe yn dy tiid in plaets sette litte by de Tsjerk-wei, by de feart. Dêr wie...
nl.verhalenbank.31576
Op Skûlenburch ha se ris in nije boerepleats boud. De hurddobbe wie al klear, mar se hienen forgetten dêr in lid op to lizzen. Doe kaem dêr in swarte kat oansetten - hwer't dy wei kaem wist net ien - en dy gong ta de hurddobbe yn en se ha him noait wer sjoen. Men biskôge dat as in kwea teken. Der rêstte gjin segen op dy pleats.
nl.verhalenbank.31402
Oan 'e Achterwei by de Burgumer Nijstêd stie it spul mei de groubalke. Dêr koenen se net oer, hwant dan woarden se yn 'e feart smiten.
nl.verhalenbank.23616
Heit wenne yn Feanwâldsterwâl. Hy wie sa'n 17 jier âld, doe hied er op in nacht in droom. Hy droomde dat yn it Bûtenfjild soe de buorkerij fan Kees Broersma ôfbrânne. Heit seach dúdlik in gleone bol op it ûleboerd. 't Wie in bol fan fjûr. En dy rolle oer de hiele naed fan 'e skuorre hinne nei de oare ein ta. Doe wie dy bol ynienen fuort. 14 dagen letter...
nl.verhalenbank.31005
Hjir dwars oer hat in plaets stien, dat wie earder in lang âld hûs, noch earder wie dat in kleaster. Ik ha de fearten der noch omhinne kend. Der is nou noch ien feart fan oer. Grachten neamden wy dat. Ik wie in jonge fan sa'n fyftsjin jier, doe arbeide ik by de boer, dy't dêr wenne. Yn 'e hûs wienen koestâllen. Ik tocht der wolris om: op fjouwer stâllen...
nl.verhalenbank.38131
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
35