Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As minsken (arbeiders) tofolle praetten by it wurk, krigen se it folgjende teltsje to hearren fan 'e boer:
Der wienen twa arbeiders, dy groeven in feart. Sy bigongen elk op in ein. Doe wienen se op it lêst byinoar. Doe bigong de iene to praten. Doe hâldde de oare op mei graven en sei: "Ik wol net mear mei dy arbeidzje, want dû bist in prater."
nl.verhalenbank.20601
Alde Hinse (Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean) woarde us by in boer yn 'e Koaten helle, hwant sy koenen it keal net fan 'e koe krije. Hinse woarde troch de boer yn 't rydtúch helle. Hy spile it klear mei de koe. It wie in moai keal.
Doe brocht de boer Hinse wer nei hûs ta.
Underweis to Eastemar yn 'e pleats, dêr't nou it hûs fan Tsjitse Jansma is, -...
nl.verhalenbank.21872
Der wie ris in feint, dy wenne by in boer. Hy hie dêr al in pear jier west en woarde dêr al aerdich eigen. Hy doarst dêr wol hwat yn 't formidden to bringen. Hwannear't dêr in fuorman kom mei in weinfol bitekoppen, sei er tsjin 'e boer: "Tink der om, dy man mat aenst in bakje kofje ha", en al sokke dingen mear doarst er to sizzen.
Op in kear sei er tsjin...
nl.verhalenbank.33691
Der wie in jonge, dy moest foar de keuring. Syn heit wie in boerke, dy't net it measte forstân hie. De deis fantofoaren sei er tsjin 'e jonge: "Nou is 't moarn sa fier, jonge. Mast sjen datst ôfkeurd wurdste."
"Ja heit", sei de jonge.
Doe't er dan foar de keuring west hie frege syn heit him:
"Wel, hwat ha se sein?"
"Se ha neat sein", sei de jonge.
Mar in...
nl.verhalenbank.33690
Der wie in boer yn Hurdegaryp, dy syn kij gongen om tolve ûre yn 'e nacht altyd oerein yn it lân. Trije brûsden der altyd út. Op 'e stâl gong it krekt en gelyk. Ek al woarden se fêstboun, se rekken altyd wer los.
nl.verhalenbank.21812
Der kaem op in joun in frou, dy frege om onderdak by in boer. De boer en 'e boerinne lieten har der yn. In skoft letter kom der in soldaet by de doar, dy't ek graech ûnderdak ha woe. Dy waerd der ek ynlitten. Dy soldaet seach ris nei dy frou en doe't er de boer allinne to sprekken komme koe, sei er: "Ik fortrou dat minske net. It liket my in keardel ta."...
nl.verhalenbank.31218
In boer op it Wytfean hie in blastige koe. Hy gong nei it Swartfean, nei Hinse. Dy joech him guod mei, mar it bikom net. Doe gong de boer wèr nei 't Swartfean. Hinse sei: "Op it stuit wjerkôget dyn koe noch net, mar astû aenst thús komste is er oan 't wjerkôgjen. En it kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.20079
Yn Harkema mocht der op 'e joun, as de boer mei 't wurk ophâldde, net in lêch strie op 'e telle lizzen bliuwe, hwant dan waerd der nachts tursken. Mei it braekjen wie 't ek sa. Hwat men ûnderhannen hie jouns, dat moast earst ôfdien wurde, oars gongen der yn 'e nacht forkearde hannen mei to set. De tsjerne mocht ek gjin molke yn stean bliuwe foar de nacht....
nl.verhalenbank.12268
Der wie ris in boer, dy krige ûngetiders. It wie tige drok yn 'e heatiid. Dy ûngetiders moesten swylje. De boer sei tsjin 'e mannen: "Jimme matte alle hea nei de kant ta swylje." Dat like dy arbeiders nuver ta. It wie altyd de gewoante it hea nei de midden ta to swyljen. Mar omdat de boer it sa ha woe, swilen se nei de kanten.
Der wie ien arbeider by, dy...
nl.verhalenbank.33852
It wie yn 'e ûngetiid. De boer hie it tige drok mei syn arbeiders. Se skeaten tiid tokoart. De boer wie gleonhastich.
Hy die 't him middeis amper oan tiid to iten. Hy lei altyd al gau de leppel del en dan moesten de arbeiders it út fatsoen èk wol dwaen.
Mar dit sinnige har net fansels. Se krigen op dy menier to min iten. En dêrom nommen se op in dei it...
nl.verhalenbank.33853
Alde Adolf Eede fortelde:
Der kom in nije feint by sekere boer. Der wie ek in arbeider by dy boer.
Togearre setten se nei 't lân ta. Sy moesten dongstruije. De bultsjes stienen op 't lân.
Doe't se der wienen, sei de nije feint: "Wy gean der by lizzen." Oan 't iterstiid ta joegen se har del yn 't lân. Nei iten gongen se wer nei 't lân ta.
"Wy gean der wer...
nl.verhalenbank.21884
Der wienen al ris twa poepen by de boer to meanen. It wie oannaem wurk en hja fortsjinnen der eins to min oan. De boer wie oan 'e deune kant en gunde de beide poepen net rjocht in deihier. Doe tochten dy poepen: Wy sille dy wol krije, fader. Hwat hja to dwaen hienen, hja meanden allinne mar de kanten fan it stik lân, de rânne der omhinne.
Doe't dat...
nl.verhalenbank.33851
Evert Tsyske wenne yn Sumarreheide. Hy wie boerefeint by in boer, dy wenne oan 'e Hearrewei. Hy wie der fansels èk by dy boer yn 'e kost. Hy wie achtsjin jier âld en doe moest er ûnder tsjinst. Sy moesten doe noch lotsje en Evert moest de moarns al op stap. Hy soe mar hwat foarút ite. Hy kom yn 'e hûs en frege de frou of er nou wol ite koe.
"Jawol," sei...
nl.verhalenbank.33854
Der wie ris in boerke yn 'e stêd. Doe seach er dat se dêr mei in hiel great gebou oan 't bouwen wienen. It boerke wie nijsgjirrich en doe't der krekt in man oan kom, frege er: "Hwat foar in gebou wurdt dat?"
Mar dy man sei neat werom en roan fierder. It wie de architekt.
Even letter kom dyselde architekt werom. Doe frege it boerke nochris: "Hwat foar in...
nl.verhalenbank.33738
Der wie in heit, dy hie twa soannen. Elk fan dy soannen hie in hynder. De heit hie ek in plaets en dy woed er ien fan 'e beide soannen ta ha. Mar hokker? Se wienen him beide like nei. De beide soannen hienen 't hast elke dei oer de plaets.
Elk fan beiden woe him graech ha en dan sangeren se har heit mar om 'e holle: "Jow him my, heit."
Dêr krige de âld...
nl.verhalenbank.33857
Der wie us in boer, dy koe tsjoene. Hy hie in toverboek. As er dêr yn lies, yn 'e nacht, dan foroaren syn kij op 'e stâl yn stobben. Hy tsjoende se even letter wer yn kij werom troch tobek to lêzen. Hy boun dan tagelyk himsels mei in blauwe bûsdoek om 'e nekke hinne oan 'e tafelspoat fêst. En dan smiet er in stik brea mei de rjochterhân oer it...
nl.verhalenbank.21738
Yn 'e tiid fan 'e longsykte fan it fé wie der in koe siik. Dy koe soe nei 't slachtplak brocht wurde, hwant sy moesten him ôfmeitsje, hie de féarts sein. De plysje roan der by.
Underweis moeten se Hinse Beest (= H. Jehannes de Boer fan it Swartfean). Dy bliuwt der by stean.
"Dy koe," seit er, "is net siik."
"De koe is wòl siik", seit de boer.
Hinse...
nl.verhalenbank.23660
Op 'e Sumarreheide wenne sa'n fyftich jier lyn in boer, dy syn fé hat bitsjoend west. De molke doogde net. Dêr ha se doe de duvelbander èk by helle en doe woarde it wer goed.
nl.verhalenbank.34644
To Ljouwert hienen se in hiele greate saek, dy wie fan de firma van Swieten. Der wie fan alles to keap. Jy koenen it sa raer net bitinke of hja hienen it.
Dêrom hie de firma van Swieten bipaeld, as der ien wie dy't hwat keapje woe, en hja hienen it net yn foarrie, dan krige dyselde in gloednije radio kedo.
Doe kom dêr ris in kear in boerke yn dy saek.
Der...
nl.verhalenbank.33739