Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Anne Herder, dy't in kroechje hie op it Wytfean, koe ek soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte.
Klaes Boffert is us útnaeid, doe't er dy soldaetsjes seach. Se wienen yn blauwe unifoarm.
nl.verhalenbank.15525
Us pake moest der nachts altyd ôf om hwat to sjen.
Hy tsjinne by in boer. Doe seinen se op in kear: "Wy sille him fannacht wol ha. Hy komt der net ôf."
Doe setten se allegear sekken mei rogge foar syn bêd. Se seinen: "Nou kin hy der net ôfkomme."
En dat wìe èk sa.
De oare moarns hellen se de sekken der wei. Mar doe't pake der ôf kom, doe wied er blau. Hy...
nl.verhalenbank.21455
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
It mat gebeurd wêze by Freark Oosterbaan yn Droegeham.
Dy wie dêr smid en hy hie der tagelyk in kroechje by.
Om 11 ûre moest de saek sluten wurde. Dan moest it folk der út wêze. Hearke wie stille plysje en moest dêr op tasjen. Mar Hearke seach net op in kertier, dat it woarde meastal wol eefkes letter.
Mar op in kear doe wie 't fòlle letter woarn, doe...
nl.verhalenbank.32767
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
nl.verhalenbank.23440
Jan van der Tuin hie in bern, dat tsjirme. Janne Lys hie al gau yn 'e rekken dat dit Tet har wurk wie. Der kom altyd in kat by harren. Doe hat Jan dy kat us in kear in lawibes jown. De oare deis hie Tet in blau plak ûnder 't eech. Tet koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.16957
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Hearke wie breed, ljocht fan hier, hie blauwe egen en in kinneburd.
nl.verhalenbank.20853
Alle Tet foroare har nou en dan yn in sware kat. As men de kat omseame, dan wie Tet even letter bont en blau.
nl.verhalenbank.16891
Sy ha hjir alris in swarte kat in wân op 'e hûd jown. Dat wie Alberts Tet (de frou fan Albert Alma, dus net Alle Tet). Dy wie de oare deis bûnt en blau.
nl.verhalenbank.12348
Mei brea mei men net grieme. Dat is sûnde, hwant brea is heilich. Bern meije gjin roggeieren plukke, hwant Antsje Pluk sit yn 'e rogge. De bern meije ek gjin reade en blauwe roggeblommen plukke, hwant dat binne Antsje Pluk har blommen.
nl.verhalenbank.15635
Der wie us in fremde kat by minsken hjir yn 'e Harkema yn 'e hûs kom. Dy kat seach der oars út as gewoane katten. "Tink der om, dat is net in gewoane kat," sei de frou tsjin 'e man, "dit is in hiele aparten-ien."
De man sei: "Ik sil him in reis jaen." Doe sloech er de kat bûnt en blau, dat dy bleau foar dea lizzen. It wie yn 'e nacht gebeurd. Hy hie de...
nl.verhalenbank.22259
As ien lêst hie fan warten, dan struts Ruerd der mei syn hân oerhinne. Dan sei er in pear wurden, dy't in oar net forstean koe en in pear dagen letter wienen alle warten fuort.
Hy koe ek soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte.
Op in kear wied er by minsken to jounpraten. De frou wie oan 't naeijen mei in lange, swarte tried. Hy nom dy tried en makke der...
nl.verhalenbank.16908
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult.
Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen.
De âld...
nl.verhalenbank.29326
Alle Tet wenne op 'e Bulten. Dat wie in tsjoenster.
Op in joun wie mem by har. Mem wie doe noch tige [jong] joun. Tet siet to rideljen op 'e stoel. Sy wie sa binaud woarn, dat sy bigoun to switten. En sy sei tsjin mem: "Dû moatst fuort gean, bern, ik mat even fuort."
Mem tocht, hwat dit bitsjutte mat, wyt ik net.
Mem gong fuort, mar sy tocht: ik wol sjen...
nl.verhalenbank.29328
Antsje Pluk wenne yn 'e Harkema. It wie in tsjoenster. As bern wienen wy bang foar har. Wy mienden dat se yn 'e rogge tahâldde en dat se dêr blauwe blomkes - spoekeblommen - yn forboude om ús to lokjen. Sy kom dan ûnforwacht tofoarskyn om de bern to pakken.
nl.verhalenbank.23942
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen.
It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
Yn 'e Stiensger bosk hat it jongfolk nachtmiel fierd. Mar sy binne raer thúskom, se sieten ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.32486
Alde Hindrik Pyk en Ot wennen yn 'e Smoarhoeke.
By Sije Veenstra wie us in kear in greate, grouwe kat. It wie in fremde kat. Sije hie it net op it beest bigrepen en smiet der op. Hy rekke him ek, mar de kat wie samar ynienen geweken, sûnder dat Sije sjen koe hwer't er bleau.
De oare deis kom er Hindrik Pyk tsjin. Dy syn holle wie hielendal blau en opset....
nl.verhalenbank.21463